Digitenne

Ut Wikipedy

Digitenne is in netwurk foar digitale radio en telefyzje fia stjoermêsten yn Nederlân, dat bestiet sûnt 1999. Fia Digitenne kinne de Nederlânske publike stjoerders fergees ûntfongen wurde. It is ek mooglik om tsjin betelling kommersjele en bûtenlânske stjoerders fia dit netwurk te ûntfangen.

Untfangst[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Dútsk byldmerk foar telefyzjes mei ynboude tuner foar DVB-T2 HD.

Foar ûntfangst fan de publike stjoerders fia Digitenne is in telefyzje nedich mei in ynboude tuner foar DVB-T2 HD. Foar ûntfangst fan de publike stjoerders op âldere telefyzjes kin in losse tuner oanskaft wurde foar sirka 40,-. Om ek de kommersjele en bûtenlânske stjoerders te ûntfangen, is njonken in abonnemint teffens in ynsteekkaart of in spesjale losse tuner nedich.

Antenne[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Ofhinklik fan de ôfstân ta de stjoermêst, kin men in tried-, keamer-, souder- of bûtenantenne brûke. De measte moderne keamer-, souder- en bûtenantennes hawwe in ynboude fersterker en hawwe in stroomfoarsjenning nedich fan de telefyzje of de tuner. Omdat de measte telefyzjes dizze stream net leverje, is dan in power inserter nedich.

Stjoermêst[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De 132 meter hege stjoermêst foar Fryslân stiet op it Ljouwerter yndustryterrein De Himrik. De Toer fan Spannenburch tsjinnet as stipestjoerder foar de stjoermêst yn Ljouwert. Fia Ljouwert, Spannenburch en de stjoermêst yn Grins binne de programma's fan Omrop Fryslân en RTV Noord te ûntfangen. Ek fia de telefyzjetoer fan Smilde is it sinjaal fan Digitenne beskikber. Smilde stjoert ynstee fan Omrop Fryslân en RTV Noord de regiostjoerders RTV Drenthe en RTV Oost út.

Telefyzjestjoerders[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Fia Digitenne binne NPO 1, NPO 2, NPO 3, NPO 1 Extra en twa regionale telefyzjestjoerder fergees te ûntfangen. De regionale telefyzjestjoerders foar Ljouwert, Spannenburch en Grins binne Omrop Fryslân Telefyzje en TV Noord. Tsjin betelling kinnen fierders sirka 26 kommersjele en bûtenlânske telefyzjestjoerders ûntfongen wurde, lykas RTL 4, SBS 6, één, Canvas, BBC One en BBC Two. De kwaliteit fan de telefyzjestjoerders fia Digitenne is full HD, 1080p.

Radiostjoerders[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Fia Digitenne binne NPO Radio 1, NPO Radio 2, NPO 3FM, NPO Radio 4, NPO Radio 5, NPO Soul & Jazz, FunX en twa regionale radiostjoerders fergees te ûntfangen. De regionale radiostjoerders foar Ljouwert, Spannenburch en Grins binne Omrop Fryslân Radio en Radio Noord. Tsjin betelling kinne fierders sirka 20 kommersjele en bûtenlânske radiostjoerders ûntfongen wurde.

Keppeling om utens[bewurkje seksje | boarne bewurkje]