Toer fan Spannenburch
Toer fan Spannenburch | ||
bouwurk | ||
De Toer fan Spannenburch (2019) | ||
lokaasje | ||
Gemeente | De Fryske Marren | |
plak | Spannenburch | |
koördinaten | 52° 54' 32" NB 5° 41' 56" EL | |
bysûnderheden | ||
type bouwurk | toer | |
subtype | stjoermêst | |
boujier | 1971-1973 | |
arsjitekt | Anton Auer (1920-1980) | |
oare ynformaasje | ||
hichte | 118 m | |
kaart | ||
De Toer fan Spannenburch is in 118 meter hege toer foar telekommunikaasje en radio- en telefyzje-útstjoeringen by Spannenburch. Ek is dêr romte foar in rekkensintrum. De toer is in betontoer en is de heechste toer fan Fryslân.[1] Hy stiet njonken it Prinses Margrietkanaal by de trijesprong fan de N354 en de wei rjochting Tsjerkgaast.
Beskriuwing
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De sichtbere hichte is 118 meter, mar de totale betonkonstruksje is 145 meter. Hy stiet op 72 heipeallen fan 23 meter lang en in 2,5 meter tsjokke fundearringsplaat. De toer hat in trochsneed fan 12 meter en hat 22 ferdjippings.
Der wienen plannen om op de toer in antenne te setten (mei in hichte fan 46 meter), sadat de totale hichte 165 meter wurde soe. De toer is it heechste bouwurk fan Fryslân. Op it twadde plak stiet de Achmeatoer fan hast 115 meter.
Op 16 july 2011 waarden der needstjoerders op de Toer fan Spanenburch pleatst nei't in grutte brân de toer fan Hegersmilde op 15 july slim skansearre hie.
Konstruksje
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De toer waard yn opdracht fan de Ryksgebouwetsjinst tusken 1971 en 1973 boud foar de PTT[2] dy't de toer dêrnei yn gebrûk naam as strielferbiningstoer foar telefoan en telefyzje.[3] De toer hat twa paradissen foar it opstellen fan strielstjoerders en ûntfangers en dêrboppe is in saneamde (glêzen) reportaazjering. De toer waard part fan it lanlik keppelnet fan strielferbiningstuorren en mêsten dy't tusken 1955 en 1989 foar de PTT boud waarden.[4][5][6] Op 27 maaie 1974 waard de toer seremonieel troch boargemaster Johan Caspar Cavaljé fan de doetiidske gemeente Doanjewerstâl iepene. Hy die dat troch op de njoggentjinde ferdjipping tsientallen postdowen de frijheid te jaan, dy't it berjocht oer de iepening nei Ljouwert ta bringe moasten. [7]
Eigener
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Yn 2007 ferkocht PTT/KPN oan Alticom, dy't in ferdjipping as rekkensintrum (datacenter) ynrjochte hat. Sûnt 2016 wurdt in ferdjipping oan ViaData Automatisering B.V. fan It Hearrenfean ferhierd.[8] Yn 2017 waard Alticom troch it Spaanske telekombedriuw Cellnex Telecom oernommen.
Radio en telefyzje
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]FM Radio
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Yn 1998 krige de toer foar it earst FM-antennen en stjoerapparatuer foar Noordzee FM en Radio 538.[9]
FM-stjoerders dy't oer de toer útjûn wurde (2022):
Frekwinsje | Hichte | Fermogen | Omrop |
---|---|---|---|
91,0 MHz | 140 m | 40 dBW | Radio Veronica (2003- no) |
94,1 MHz | 100 m | 33 dBW | RadioNL |
95,5 MHz | 99 m | 44,8 dBW | BNR Nieuwsradio |
97,9 MHz | 120 m | 34 dBW | Radio Continu Friesland |
98,5 MHz | 100 m | 30 dBW | Joy Radio |
99,1 MHz | 99 m | 37 dBW | 100% NL |
102,5 MHz | 124 m | 50 dBW | Radio 538 |
103,8 MHz | 120 m | 40 dBW | Joe |
Digitale radio DAB+
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De toer hat ek twa stjoerders foar digitale radio yn DAB+. De iene stjoert in nust radiokanalen út fan de NPO, de oare in nust kommersjele radiokanalen.
Kanaal | Frekwinsje | Hichte | Fermogen | Fergunninghâlder |
---|---|---|---|---|
7D | 193,296-194,832 MHz | 120 m | 16,5 dBW | MTVNL |
12C | 226,592-228,128 MHz | 120 m | 30 dBW | NPO |
Telefyzje
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Sûnt maart 2023 tsjinnet de Toer fan Spannenburch as stipestjoerder foar telefyzje. It nustje mei NPO 1, NPO 2, NPO 3, NPO 1 Extra, Omrop Fryslân TV en TV Noord is frij op 626 MHz te ûntfangen.
Sjoch ek
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
|