Springe nei ynhâld

RTV Drenthe

Ut Wikipedy
RTV Drenthe
medium radio, tillefyzje
nasjonaliteit Nederlânsk
taal Nederlânsk, Drintsk
oprjochte 1989
haadkertier Assen, Drinte
ûntfangstgeb. Drinte
eigner n.f.t. (selsstannige omropstifting)
webside www.rtvdrenthe.nl
It pân fan RTV Drenthe oan de Beilerstraat

RTV Drenthe is de regionale radio- en telefyzje-omrop fan 'e Nederlânske provinsje Drinte. Hy is ûntstien nei de opdieling fan Radio Noord (oant dan de regionale stjoerder fan Grinslân en Drinte) yn 1989. De omrop is fêstige yn Assen, sûnt 2004 yn de eardere Ryks Hegere Burgerskoalle oan de Beilerstrjitte.

Radio Drenthe stjoert 24 oeren deis út en bringt sawol nijs-, muzyk- as praatprogramma's, wêrfan't in lyts part yn it Drintsk presintearre wurdt. TV Drenthe fersoarget in goed oere stjoeringstiid deis, en dat is meastentiids in kombinaasje fan it deiske nijs út 'e regio en alle wiken in temaprogramma. De útstjoerings begjinne krekt foar 18:00 oere. De rest fan 'e jûn en nachts wurde de útstjoerings werhelle of is der teksttelefyzje te sjen.

RTV Drenthe is de regionale kalamiteitestjoerder fan Drinte.

Yn 2014 bestie RTV Drenthe 25 jier, wat fierd waard mei in 25 oeren duorjende útstjoering mei favorite ferskes fan harkers op 25 en 26 oktober en in iepen dei op 1 novimber, dy't troch goed 3000 minsken besocht waard. Ek wiene der optredens fan de Drintske artysten Tim Roos, René Karst, Erika Karst en de Drintske band Mooi Wark.

Johan Derksen dy't yn Grolloo wennet presintearret it radioprogramma Muzyk voor volwassenen en presintator Loes van der Laan fersoarget sûnt 2015 alle dagen in waarberjocht opnommen op in Drintske lokaasje yn it Feankoloniaalsk dialekt.