Piter Wilkens

Ut Wikipedy
Jump to navigation Jump to search
Piter Wilkens
Ic queue music 48px.svg sjonger en/of muzikant
Piter Wilkens mei de Fryske Jeugd Brassband op Helgolân 2001
Piter Wilkens mei de Fryske Jeugd Brassband op Helgolân 2001
persoanlike bysûnderheden
nasjonaliteit Nederlânsk
berne 26 augustus 1959
berteplak Ljouwert
etnisiteit Frysk
wurkpaad
sjongtaal Frysk
ynstrumint Gitaar
jierren aktyf 1979-no

Piter Wilkens (Ljouwert, 26 augustus 1959) is in Frysk sjonger en tekstskriuwer, dy't syn repertoire hielendal yn it Frysk hat.

Piter is berne yn Ljouwert as soan fan Harm en Ymkje Wilkens. Hy waard opbrocht yn Marsum, dêr't de húshâlding yn 1963 nei ferhuze en wennet dêr no noch mei frou en twa bern. Syn repertoire is in mjuks fan harksankjes, meisjongers, libbenslieten en ienmâns rock 'n roll. Fan willepunk oant folkfers, fan jankfodden oant ballades. Hy skriuwt it measte sels.

Wilkens is ien fan de meast súksesfolle artysten yn de Fryske Top 100. Hy is de sjonger mei de measte notearrings yn de list fan Fryske ferskes alle tiden. Yn 2009 stie hy mei tsien nûmers yn de list, wêrfan syn liet It paad werom it heechste kaam mei it 8e plak.

Libbensrin[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Begûn yn 1979 as bassist yn de punkrockeftige band Okke Hel. As Fryske trûbadoer hat er sa stadichoan de hiele wrâld oer west (Feriene Steaten, Belgje, Poalen, Litouwen, Eastenryk, Frankryk, Ierlân en Dútslân). Mei de band Okke Hel stie er yn 1979 oan 'e basis fan de Fryske popmuzyk.

Piter is ek warber as skriuwer en producer foar ferskate oare artysten. In pear fan syn ferskes hat er ek songen yn it Noard-Frysk of it Stedsk.

Mei Simmer 2000 wie er te sjen yn it muzykspektakel SimmerTime, in produksje fan De Kast, dêr 't ek Maaike Schuurmans en Rients Gratama oan mei dienen. Op 19 en 21 april 2001 joech er mei in begeliedingsband twa folslein útferkochte konserten yn de Harmonie fan Ljouwert. Lykas yn 2002 mei de Lawei fan Drachten der noch by. Yn 2001 wie er te gast op Helgolân by it trijejierliks Friezetreffen (It Friesen-Droapen) op Helgolân. Dêr brocht er mei de Fryske Jeugd Brassband parten út it program Greideroas. Ek jout Piter wol meiwurking oan benefytkonserten lykas op 27 april 2007 by de Stifting Anak (foar in projekt mei bern op de Filipinen).

Piter Wilkens mei syn kollega-trûbadoers yn Bitgummole by it jubileum fan de Kristlike Fryske Krite Karel Roarda, 2003.

Piter treedt solo op, mar ek mei pleatslike korpsen, mei in eigen begeliedingsband en op saneamde Trûbadoersjûnen mei kollega's Jaap Louwes, Gurbe Douwstra en Doede Veeman. Mei Marcel Smit en Gurbe Douwstra trede er earst op ûnder de namme Douwstra, Smit & Wilkens mar yn 2017 ek mei it teäterprogramma Frisicana wat yn 2019 in ferfolch krije sil mei Frisicana II.[1] Yn dit programma binne se yn harren ferline dûkt en bringe se ferskes oer en fan Amerikaanske - Americana artysten dy har ynspirearre ha, dit yn it Frysk en it Ingelsk.

Hy toerde meardere kearen yn it bûtenlân en mei it teaterprogramma ‘De Fleanende Hollanner’, dêr't er it Sweedske rippertwaar fan Cornelis Vreeswijk yn it Frysk oersettte, krjt er ek lanlik omtinken. Yn 2010 wûn er de provinsjale Bernlefpriis.

Diskografy[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

  • Sjongerbloed, 1993 - Achterdyk Produksjes - SKIIF 001
  • Timmermantsjoender, 1996 - Achterdyk Produksjes - SKIIF 002
  • Knoopkes, 1997 - Achterdyk Produksjes - SKIIF 003
  • it Pompeblêdhert, CD-single 1998 - Pink Records - PRCS 98005
  • De Bearenburch is myn Sjirurch, CD single 1999 - Achterdyk Produksjes/Marista - SKIIF 004/MCD 8480
  • Nocht & Wilkens, CD 2000 - Achterdyk Produksjes/Marista - SKIIF 005/MCD 5800
  • Greideroas (mei de Fryske Jeugd Brassband), CD 2001 - Achterdyk Produksjes - SKIIF 006
  • Romtefyts, CD 2002 - Achterdyk Produksjes - SKIIF 008
  • Der tuskenút, CD 2004 - Achterdyk Produksjes - Trûb 004 (mei Jaap Louwes, Gurbe Douwstra en Doede Veeman)
  • Brutsen snaren, CD 2005 - Achterdyk Produksjes - SKIIF 009
  • It fûgeltsje yn myn gitaar, CD 2006 - Achterdyk Produksjes - SKIIF 010 (mei ferskes fan Cornelis Vreeswijk)
  • De Fleanende Hollanner, CD 2010 (noch in CD mei ferskes fan Cornelis Vreeswijk)
  • It geheim van 'e kânselier - as Bline Arend, de sjongende cowboy

Oare CD's dêr't Piter Wilkens op te hearren is:

  • Skodzje foar it brûken - De Rayonhaden, 1995 - Frigram - FGCD541
  • Trochstrings & ko - Ferskate Fryske artysten, 1998 - Maura Music - MM 039
  • Simmertime 1 - De Kast, Rients Gratama, Maaike Schuurmans en Piter Wilkens Proacts - pro cd 2010
  • Simmertime 2 - De Kast, Rients Gratama, Maaike Schuurmans en Piter Wilkens Proacts - pro cd 2012
  • Fryske ferskes foar Sinteklaas - Warber Fryslân, 2008 - Eigen behear - AM-WF-08

Keppeling om utens[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

  • Webside De Lawei