Springe nei ynhâld

Douwe Kootstra

Ut Wikipedy
Douwe Kootstra (r.) en Eppie Dam (l.)

Douwe Kootstra (Drachten, 3 novimber 1951) is in Fryske skriuwer. Douwe Kootstra wurket yn it ûnderwiis, op it stuit as meiwurker fan Cedin Educative Dienstverlening. Hy hat namme makke as skriuwer fan reisferhalen, hy wie de earste dy't dit sjenre yn it Frysk beoefene. Kootstra skriuwt ek kollumns, ûnder oare foar it magazine fan It Fryske Gea en is faak op 'en paad as ferteller fan folksferhalen, mearkes, sêgen en legindes.