Michael Phillips (kritikus)

Ut Wikipedy
Springe nei navigaasje Springe nei sykjen
Michael Phillips
persoanlike bysûnderheden
echte namme Michael Phillips
nasjonaliteit Flag of the United States.svg Amerikaansk
berne 1961
berteplak Kenosha (Wisconsin)
etnisiteit Flag of the United States.svg Angelsaksysk Amerikaansk
wurkpaad
berop/amt sjoernalist
aktyf as filmkritikus, presintator
jierren aktyf 1983 – no
offisjele webside
Michael Phillips op Twitter

Michael Phillips (Kenosha (Wisconsin), 1961) is in Amerikaansk sjoernalist, kollumnist en filmkritikus.

Libben en karriêre[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Jonkheid[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Phillips waard yn 1961 berne yn Kenosha, yn 'e Amerikaanske steat Wisconsin. Hy groeide op yn Racine, yn deselde steat. Phillips folge in sjoernalistike oplieding.

Karriêre[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Yn syn karriêre wurke Phillips as teäterkritikus foar wichtige Amerikaanske kranten as de Dallas Times Herald út Dallas (Teksas), The San Diego Union-Tribune út San Diego (Kalifornje), de St. Paul Pioneer Press út St. Paul (Minnesota), de Los Angeles Times út Los Angeles (Kalifornje) en de Chicago Tribune út Chicago (Illinois). Yn 2005 waard er oansteld as filmkritikus fan 'e Chicago Tribune, in funksje dy't er anno 2021 noch ferfollet.

Fan 2006 oant augustus 2008 wie Phillips geregeldwei te sjen yn 'e tillefyzjefilmrubryk At the Movies with Ebert & Roeper. Yn 't earstoan wied er ien fan ferskate gastkritisy dy't Roger Ebert ferfongen wylst dyselde mei ferlof wie fanwegen syn wrakseling mei oanboazjende kanker, en letter waard er in semy-permaninte ko-presintator njonken Richard Roeper yn 'e moannen foar't Ebert en Roeper harren meiwurking oan it programma opseine. Yn augustus 2009 waarden Phillips en A.O. Scott fan The New York Times ynhierd om Ben Lyons en Ben Mankiewicz as presintators fan At the Movies te ferfangen. Dat waard lykwols gjin súkses en nei ien inkel seizoen waard it programma stopset fanwegen ôffallende sjochsifers.

Yn 2011, 2013, 2016 en begjin 2017 wie Phillips gastpresintator te sjen op 'e tillefyzjestjoerder Turner Classic Movies, dêr't er tsientallen films foarseach fan in ynliedend praatsje. Fierders wurket er geregeldwei mei oan 'e Filmspotting-podcast en is er aktyf as radiopresintator fan in rige radioprogramma's oer filmmuzyk mei as titel The Film Score, op 'e pleatslike radiostjoerder WFMT yn Chicago.

Priveelibben[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Phillips is trije kear troud. Syn earste beide houliken, mei Ann Jarmusch en Andrea Lenaburg, einigen yn in skieding. Anno 2021 is er troud mei Heidi Stevens. Hy hat trije bern.

Keppelings om utens[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.