Richard Roeper

Ut Wikipedy
Richard Roeper
persoanlike bysûnderheden
echte namme Richard E. Roeper
nasjonaliteit Amerikaansk
berne ±1960
berteplak Chicago (Illinois)
etnisiteit Dútsk
wurkpaad
berop/amt sjoernalist
aktyf as filmkritikus, presintator
jierren aktyf 1987 – no
offisjele webside
www.richardroeper.com

Richard Roeper (folút: Richard E. Roeper; Chicago, ±1960) is in Amerikaansk sjoernalist, kollumnist, publisist, filmkritikus en filmhistoarikus. Hy skriuwt foar de krante de Chicago Sun-Times, en fan 2000 oant 2008 wied er de opfolger fan Gene Siskel as ko-presintator fan Roger Ebert yn 'e tillefyzjefilmrubryk At the Movies.

Libben en karriêre[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Jonkheid en oplieding[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Roeper waard yn 1959 of 1960 berne yn Chicago yn in famylje fan etnysk Dútsk komôf. Hy groeide op yn 'e foarstêd Dolton, oan 'e súdkant fan Chicago, en genoat fuortset ûnderwiis oan 'e Thornridge High School foar't er fierder learde oan 'e Steatsuniversiteit fan Illinois. Dêr studearre er yn 1982 ôf mei in bachelorgraad yn sjoernalistyk.

Karriêre[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Yn 1987 begûn Roeper foar de krante de Chicago Sun-Times te wurkjen as in kollumnist. De ûnderwerpen fan syn stikjes rûnen útinoar fan polityk oant de entertainmentyndustry. Meitiid waarden syn kollumns ek ôfprinte yn The New York Times en oare publikaasjes yn 'e Feriene Steaten en om utens. Yn 1992 wûn er de National Headliner Award foar de bêste krantekollumnist yn 'e Feriene Steaten. Hy waard troch parseburo Associated Press ek ferskate kearen útroppen ta bêste kollumnist yn Illinois. Yn 'e 1990-er jierren wûn er fierders trije Emmy Awards as nijskommentator op Fox. Njonken syn kollumns skreau Roeper ek artikels dy't pleatst waarden yn tydskriften as Esquire, TV Guide, Playboy, Maxim en Entertainment Weekly.

Nei't filmkritikus Gene Siskel yn 1999 hommels kaam te ferstjerren, waard Roeper frege om dyselde op te folgjen as ko-presintator fan Roger Ebert yn 'e tillefyzjefilmrubryk At the Movies. Yn 't earstoan wied er ien fan hast tritich gastkritisy dy't om bar útnûge waarden, mar it klikte sa goed mei Ebert, dat er foar fêst oansteld waard. It tillefyzjeprogramma waard yn 2000 omneamd ta Ebert & Roeper and the Movies, en yn 2002 ta koartwei Ebert en Roeper. Yn 2006, wylst Roger Ebert opbettere fan syn kankerbehanneling, hold Roeper it programma draaiende mei ferskate gastkritisy, ûnder wa regisseur Kevin Smith, praatprogrammapresintator Jay Leno en sjonger John Mellencamp. Yn 2008 kundige Roeper oan dat er by Ebert en Roeper weigie en dat er mei koarten in nij programma begjinne soe. Dat kaam lykwols net fan 'e grûn.

Yn febrewaris 2009 lansearre Roeper wol syn eigen webside, mei filmresinsjes, in blôch, foto's en Twitterberjochten. Yn deselde snuorje fersoarge er yn 2009 en 2010 filmresinsjes op it keabeltillefyzjenetwurk Starz. Yn desimber 2010 ferhuze er nei ReelzChannel. Fan 2010 oant 2014 wie Roeper tegearre mei Roe Conn aktyf as radiopresintator fan The Roe and Roeper Show op it lokale radiostasjon WLS yn Chicago. Hy presintearre ek radioprogramma's op oare lokale stjoerders, wêrûnder WLUP en WMVP. Fan oktober 2015 oant oktober 2017 wurke Roeper fierders as nijslêzer foar it moarnsnijsprogramma Good Day Chicago, op 'e tillefyzjestjoerder Fox 32.

Njonken syn oare wurk is Richard Roeper ek aktyf as publisist. Hy hat acht non-fiksjeboeken skreaun oer films, de filmyndustry fan Hollywood, broadsje-aapferhalen, gearspanningsteoryen, it honkbalteam de Chicago White Sox en syn eigen gokferslaving. Begjin 2018 ûntstie der in lyts skandaaltsje om Roeper hinne, doe't bliken die dat er 25.000 nep-Twitterfolgers kocht hie.

Publikaasjes[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

  • 1999 – He Rents, She Rents: The Ultimate Guide to the Best Women's Films and Guy Movies (mei Laurie Viera)
  • 2001 – Hollywood Urban Legends: The Truth Behind All Those Delightfully Persistent Myths of Films, Television, and Music
  • 2001 – Urban Legends: The Truth Behind All Those Deliciously Entertaining Myths That Are Absolutely, Positively, 100% Not True
  • 2003 – Ten Sure Signs a Movie Character is Doomed, and Other Surprising Movie Lists
  • 2005 – Schlock Value: Hollywood At Its Worst
  • 2006 – Sox and the City: A Fan's Love Affair with the White Sox from the Heartbreak of '67 to the Wizards of Oz
  • 2008 – Debunked!: Conspiracy Theories, Urban Legends, and Evil Plots of the 21st Century
  • 2010 – Bet the House: How I Gambled Over a Grand a Day for 30 Days on Sports, Poker, and Games of Chance

Keppelings om utens[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.