Oerwâld

Ut Wikipedy
De Oerbosk fan Białowieża op 'e grins fan Poalen en Wyt-Ruslân.

In oerwâld of oerbosk, ek bekend as jungle (fan it Ingelske jungle; útspr.: [ˈʤʌŋɡəl], likernôch: "dzjang-gul") of rimboe (fan it Maleiske rimbu), is in wâld dat sûnder bemuoienis fan 'e minske ûntstien en oant hjoed de dei bewarre bleaun is. Sokke wâlden komme yn alderhanne foarmen foar. By it hearren fan it wurd 'oerwâld' tinke de measte minsken oan tropysk reinwâld, mar dat is mar ien fan 'e soarten oerwâld dy't der besteane. Oerwâld komt nammentlik net inkeld foar yn dielen fan 'e tropen dy't in protte rein hawwe, mar ek yn oare dielen fan 'e tropen (tropysk wâld), yn 'e subtropen en yn 'e tuskenbeiden klimaatsônes (tuskenbeiden wâld) en sels noardlik dêrfan as in út nullewâld besteande fegetaasjebân (boreaal wâld of taiga).

Oerwâld fynt men tsjintwurdich benammen yn tropyske gebieten, lykas Brazylje, de Demokratyske Republyk Kongo, Yndia, Kambodja, Yndoneezje en Papoea Nij-Guineä, mar ek yn tuskenbeiden sônes yn gebieten as de Feriene Steaten, Argentynje, Tasmaanje en Nij-Seelân, en yn boreäle sônes yn gebieten as Kanada, Alaska en Sibearje. Yn Noardwest-, Midden en Súd-Jeropa is hast alle oerwâld fuortkappe. As Ruslân bûten beskôging litten wurdt, is it grutste leechlânoerwâld fan Jeropa de Oerbosk fan Białowieża, op 'e grins fan Poalen en Wyt-Ruslân.

Oerwâld yn Nij-Seelân, yn 'e foarm fan tuskenbeiden reinwâld.

Oerwâlden foarmje ornaris in biotoop dêr't in protte soarten plante- en bistesoarten foarkomme. Net allinnich dat, mar fan dy plante- en bistesoarten binne yn in protte oerwâlden ek noch altyd in soad ûnbekend by de wittenskip. Op ien fjouwerkante kilometer oan oerwâld komme faak mear ferskillende soarten beammen en oare planten foar as yn hiel Nederlân groeie. Sa waarden yn it Nasjonaal Park Lambir, yn Maleizje, 1.152 ferskillende soarten beammen telt yn in gebiet dat mar in heale fjouwerkante kilometer besloech. Ek de biodiversiteit oangeande fral fûgels en ynsekten is yn oerwâlden faak suver yn it rare.

Oerwâlden binne fan grut belang foar de Ierde en al it libben op 'e Ierde. Dat belang leit yn 'e grutte biodiversiteit, mar ek yn 'e ynfloed dy't grutte oerwâlden op it klimaat hawwe. Dat oerwâlden de wichtichste boarne wêze soene fan 'e soerstof dy't minsken en bisten ynazemje, is lykwols net wier: dy rol is weilein foar it fytoplankton yn 'e oseänen. Troch de fraach nei hout en lânbougrûn ferdwine de oerwâlden yn 'e ienentweintichste iuw yn fluch tempo fan 'e wrâld troch houtkap. Dy kealslach is de oarsaak fan it útstjerren fan in protte bisten en planten. As it belied op dat mêd net feroare wurdt, kinne alle oerwâlden yn 'e tropen neffens guon berekkenings binnen likernôch 50 jier (om 2070 hinne) ferdwûn wêze. Soks kin foarkomd wurde troch de ynfiering fan in duorsume foarm fan boskbehear, wêrby't op in fjouwerkante kilometer bosk ynstee fan alles del te meanen, inkeld safolle beammen kappe wurde as it wâld oankin. Neitiid lit men dat gebiet gewurde oant it op natuerlike wize wer oangroeid is.

Oerwâld (tropysk reinwâld) yn Kambodja.

Sjoch ek[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.