Selsbehearsking

Ut Wikipedy

Selsbehearsking is yn 'e psychology in aspekt fan bedimming en is besibbe oan emosjonele selsregulearring. It kin omskreaun wurde as it fermogen om jins emoasjes, tinzen en hâlden en dragen te bedimjen sels as men konfrontearre wurde mei ûnrjocht, ferliedings en oare ympulsen. Mei oare wurden: troch selsbehearsking jout men net ta oan dingen dy't men eins wol dwaan wolle soe, mar wêrfan't men wit dat se sosjaal ûntalitber binne, lykas immen dy't wat kwetsends seit in terwinkel jaan, wat sûnder derfoar te beteljen út in winkel meinimme dat men hawwe wol, of immen útsnauje as dy't dat net fertsjinne hat om't men argewaasje ûnderfynt fan it ien of oar dat mei dy persoan neat te krijen hat. Selsbehearsking is in kognityf proses dat ûnmisber is as men spesifike doelen berikke wol, om't in gebrek oan selsbehearsking ornaris troch oaren sjoen wurdt as in teken fan ûnfolwoeksenens.

Psychologen stelle selsbehearsking faak foar as in spier. Dat betsjut dat it eat is, lykas spierkrêft, dêr't mar in beheinde hoemannichte fan bestiet. Sawol emosjonele selsbehearsking as selsbehearsking op it mêd fan hâlden en dragen funksjonearje as in foarm fan enerzjy: op 'e koarte termyn kin oergebrûk liede ta it opreitsjen fan 'e foarrie, krekt sa't in spier troch it útoefenjen fan krêft wurch wurdt. Meitiid groeit der in nije foarrie oan, krekt sa't in wurge spier troch rêst wer nije krêft kriget. Dêropta stimulearret it tapassen fan selsbehearsking op 'e lange termyn de útwreiding fan 'e foarrie dy't foarhannen is, krekt sa't in spier troch aktyf gebrûk sterker wurdt.

Selsbehearsking is ek in krúsjaal konsept yn 'e Algemiene Misdieteory, ien fan 'e grûnslaggen fan 'e kriminology. Dy teory waard ûntwikkele troch Michael Gottfredson en Travis Hirschi yn harren boek A General Theory of Crime, út 1990. De beide kriminologen omskriuwe yn dat wurk selsbehearsking as de ûnderskiedende oanstriid fan yndividuën om misdriuwen te ûntwiken ûnôfhinklik fan 'e sitewaasjes dêr't se harrensels yn befine. Persoanen mei in lege of minne selsbehearsking binne oer it algemien ympulsyf, bot yn 'e omgong mei oaren, nimme gau en faak risiko's, tinke net of net goed oer harren dieden nei en prate net in protte. Neffens Gottfredson en Hirschi kin it ferskil yn selsbehearsking fan persoan ta persoan foar likernôch 70% witen wurde oan genetika.

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References en Further Reading, op dizze side.