Springe nei ynhâld

Dronkenskip

Ut Wikipedy
De Dronkenskip fan Noäch, troch Michelangelo, út 1509.

Dronkenskip, dronkenheid of dronkenens, yn wittenskiplike sin eins alkoholfergiftiging, is in oantsjutting foar de fysike en mentale effekten dy't feroarsake wurde troch in heech alkoholgehalte yn it bloed nei it koart tefoaren drinken fan in oansjenlike hoemannichte alkoholhâldende sterke drank. It tsjinstelde fan dronkenskip is nofterens. Immen dy't ûnder de gefolgen fan dronkenskip ferkeart, is dronken. Dêrby wurde ferskate floeiend yninoar oergeande stadia ûnderskaat. As immen net alhiel nofteren mear is, wurdt sein dat hy of sy oansketten, besnústere, smûsterich, snústerich, oansangere of sangerich is. As de dronkenskip wat slimmer is, seit men dat immen healdronken is. Synonimen fan 'dronken' binne skean, slingerich, ûnbekwaam en wynsk. En as immen hielendal net mear oansprekber is, wurdt sein dat hy of sy smoardronken of stomdronken is. Immen dy't (faak) dronken is, wurdt wol in dronkenlap of sûplap neamd.

Symptomen fan lichtere foarmen fan dronkenskip (oanskettenens of healdronkenens) binne minne lichemskoördinaasje en in lichte bedwelming, dy't foar de dronken persoan ornaris oanfielt as in oangename sweverigens. By hegere doazes alkohol kinne har de foljgende symptomen foardwaan: ûndúdlik praten, it sizzen fan dingen dy't yn nofteren tastân nea sein wurde soene, muoite mei rinnen en úteinlik koarjen. It ta jin nimmen fan ekstreem hege doazes alkohol, it saneamde komasûpen, is libbensgefaarlik, mei't dat resultearje kin yn in hypofentilaasje, ôfnommen fermogen ta sykheljen, liedend ta in steat fan koma, herststilstân en úteinlik, as der net op tiid medyske behanneling plakfynt, de dea. Komplikaasjes dy't by dronkenskip optrêde kinne, binne in lege bloedsûkerspegel, tafallen, sykhellingslongûntstekking, ûnderkuolling en alderhanne ferwûnings troch minne bewegingskoördinaasje en it net mear by steat wêzen om goed nei te tinken, oant selsmoard oan ta.

Behanneling fan swiere gefallen fan dronkenskip bestiet út ûnderstypjende fersoarging, wêrby't geregeldwei kontrolearre wurdt oft de dronken persoan noch sykhellet. Ek wurdt hy of sy dêrby waarm holden en mei it boppelichem omheech pleatst (sadat hy of sy net stikke kin yn 'e eigen koarre en sadat it sykheljen makliker giet). It trochspilen fan it spiisfertarringskanaal (bygelyks troch sa'n persoan in soad wetter drinke te litten), of it tatsjinjen fan houtskoal (om 'e alkohol yn 'e mage te neutralisearjen) hellet yn 'e regel net folle út. Der wurdt oanret om jin net blyn te stoarjen op dronkenskip, mar foar it ferstân te hâlden dat de symptomen ek in oare oarsaak hawwe kinne.

Maatskiplike faktors

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Dronkenskip begjint yn 'e regel nei twa of mear glêzen alkohoalyske drank. Foarbylden fan risikofaktors dy't bydrage ta it (faak) foarkommen fan dronkenskip, binne in sosjaal fermidden dêr't in soad drinken gewoan fûn wurdt, en it hawwen fan in ympulsive persoanlikheid. De diagnoaze fan dronkenskip is yn 'e regel basearre op lichaamlik ûndersyk en foarskiednis. Tsjûgenissen fan omstanners kinne dêrby helpe. Foar de wet wurdt dronkenskip yn 'e regel definiëarre as in bloedalkoholkonsintraasje dy't grutter is as 5,4-17,4 mmol/L (25-80 mg/dL of 0,025-0,080%). Dat kin metten wurde troch in bloedûndersyk of in blaastest te dwaan. Alkohol wurdt ôfbrutsen yn 'e lever mei in faasje fan likernôch 3,3 mmol/L (15 mg/dL) yn 'e oere. Nei dronkenskip sliept men yn 'e regel tige swier; dat hjit jins roes útsliepe.

Dronkenskip komt in soad foar, benammen yn 'e Westerske wrâld, dêr't de measte minsken dy't net hielûnthâlders binne wolris dronken west hawwe. Alkohol is datoangeande de meast brûkte rekreätive drug fan 'e wrâld en út 'e skiednis fan 'e minskheid. Wat faker oft men alkohol drinkt, wat mear ymmuniteit oft men derfoar opbout. Dêrtroch hawwe lju dy't faak drinke mear alkohol nedich om dronken te wurden as lju dy't nea of selden drinke. It drinken fan it protte alkohol kin liede ta in ferslaving dy't alkoholisme hjit. Yn 'e Feriene Steaten allinnich al liedt dronkenskip ta 2.200 deaden yn 't jier, en yndirekt ta mear 30.000 deaden yn 't jier. Frijwol oeral is it ferbean om yn dronken tastân langere tiid (en foar omstanners faak hinderlik) bûtendoar om te springen; soks hjit iepenbiere dronkenskip, en it is in misdriuw dêr't men almeast in nacht foar yn in sel op it plysjeburo set wurde kin of in boete foar oplein krije kin. It bestjoeren fan in auto of in oar motorrisearre ferfiermiddel is in slimmer misdriuw, dat riden ûnder ynfloed hjit. Behalven foar de dronken persoan sels is dat ek fral gefaarlik foar oare ferkearsdielnimmers. Guon religyen, lykas de islaam en it mormonisme, ferbiede it ynnimmen fan alkohol en beskôgje dronkenskip dêrom as in sûnde.

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References en Bibliography, op dizze side.