Motor

Ut Wikipedy
In animaasje dy't de fjouwer stadia werjout fan in troch benzine oandreaune ynterne ferbrâningssyklus fan in fjouwertaktmotor mei in elektryske ûntstekkingsboarne:
  1. Ynduksje (brânstof komt binnen)
  2. Kompresje (brânstof wurdt gear-
      drukt)
  3 Untstekking (brânstof wurdt ferbrând)
  4 Emisje (útlaatgassen wurde ôffierd)

In motor (Latyn foar "beweger") is in masine dy't ûntwurpen is om ien of mear foarmen fan enerzjy om te setten yn bewegingsenerzjy. Almeast wurdt dêrfoar gebrûk makke fan in rûntsjedraaiende beweging, mar lineêre bewegings binne ek mooglik. Fan in masine mei in motor wurdt sein dat dy motorisearre is.

Utfining[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De foarrinner fan 'e motor wie de steammasine dy't yn 1764 troch de Ingelsman James Watt ûntwikkele waard. De earste echte motor waard yn 1804 yn Frankryk test troch Isaac de Rivaz. Der folge in lange, stadige ûntwikkeling oant Etienne Lenoir yn 1860 de ferbrâningsmotor útfûn.

Tapassing[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

In motor is faak bedoeld foar de oandriuwing fan in masine. Dêrby kin it gean om in motorfiertúch, mar ek om in masine foar hysjen/optillen, boarjen, seagjen, skroevjen, skuorjen, poetsen, waskjen, pompen, sûgen, graven of it byhâlden en oanjaan fan 'e tiid.

Yndieling[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Der wurdt ûnderskie makke tusken ferskillende soarten motors oan 'e hân fan 'e foarm fan enerzjy dêr't se op wurkje. Sa is der:

Foarbylden fan motors[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.