Benzinemotor

Ut Wikipedy
Gean nei: navigaasje, sykje
W16-benzinemotor fan de Bugatti Veyron

In benzinemotor is in motor dy't mechanyske arbeid leveret middels it ferbaarnen fan benzine.

De measte benzinemotors binne sûgermotors, dy't neffens it twatakt- of it fjouwertaktprinsipe wurkje, mar ek wankelmotors rinne meastentiids op benzine.

Hast alle benzinemotors binne mingselmotors of ottomotors (brânstof en lucht wurde fermongen foar de kompresje), ferneamd nei de Dútske útfiner Nicolaus Otto. De measte mingselmotors binne ûntwurpen foar it rinnen op benzine. Dêrom wurdt "benzinemotor" faak as synonym foar mingselmotor brûkt. Lykwols kinne in protte benzinemotors frijwat ienfâldich omboud wurde foar it gebrûk fan oare brânstoffen, lykas etanol, wetterstof of lpg.