Springe nei ynhâld

Motel

Ut Wikipedy
In motel yn 'e Feriene Steaten.

In motel is in ienfâldich soarte hotel yn 'e foarm fan in plat gebou mei oaninoargrinzgjende keamers dy't útkomme op in mienskiplik parkearplak of in oare mienskiplike romte. Yn dy keamers kinne gasten tsjin betelling oernachtsje of ûnderdak krije. It wurd 'motel' komt út in Ingelsk en is in gearlûking fan motor en hotel.

De measte motels hawwe in I-, L- of U-struktuer dy't opboud is út 'e ôfsûnderlike keamers, de resepsjebaalje mei dêrefter it kantoar fan 'e manager, en soms ek noch in lyts restaurant. Se binne faak werom te kennen oan grutte neönbuorden. Motels binne yn 'e regel fêstige by de kant fan in trochgeande wei lâns, en binne bedoel om automobilisten op trochreis in plak te bieden om te oernachtsjen. De earste motels ûntstiene yn 'e 1920-er jierren yn 'e Feriene Steaten, dêr't der fanwegen de grutte ôfstannen folle mear ferlet fan wie as yn bgl. Nederlân.

De ferskillen tusken in motel en in hotel moatte behalven yn 'e lokaasje socht wurde yn 'e anonimiteit, dy't waarboarge wurdt troch bûtendoarren nei de keamers ta, wylst yn hotels de keamers op in gong of oerrin iepenje. Dy anonimiteit jout motels ek faak in wat snústerich imago, mei't der lju ferbliuwe dy't dy anonimiteit opsykje. Dêrby kin men tinke oan kriminelen dy't in skûlplak sykje, drugsdealers of wapenkeaplju dy't der har yllegale waar ferhannelje, en prostituees dy't der har berop útoefenje. Yn dy foarm sjocht men motels dan ek faak yn films werom.

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: Bronnen, noten en/of referenties, op dizze side.