Springe nei ynhâld

Eksploitaasjefilm

Ut Wikipedy
De filmposter fan 'e eksploitaasjefilm Delinquent Daughters, út 1944.

De eksploitaasjefilm is in sjenre fan films dy't besykje om kommersjeel súkses te berikken troch gebrûk te meitsjen fan lugubere en/of sensasjonele ynhâld, seksualisearre foarstelling fan saken, ûnderwerpen en subsjenres dy't mar foar in relatyf lyts publyk oantreklik binne en maatskiplike trends dy't yn 'e moade binne yn 'e tiid dat sokke films makke wurde. Under lugubere en/of sensajonele ynhâld kin men ferstean: suggestive of eksplisite seks, sensasjoneel geweld, drugsgebrûk, neakenens, ekstreme bluodderigens, ûnberonge fandalisme, trelit, gaos en bizarriteiten. Dêropta ûnderskiede eksploitaasjefilms har troch in oer it algemien lege kwaliteit as B-films en lowbudgetfilms. Guon fan sokke films slagget it lykwols om sels in trend te setten, belangstelling fan foaroansteande filmkritisy te lûken, wichtich foar de filmskiednis te wurden of de status fan cultfilm te berikken. Oer it algemien, lykwols, wurdt troch filmkritisy en makkers fan "serieuze" films delsjoen op it eksploitaasjesjenre.

Eksploitaasjefilms ûntstiene foar it earst yn har moderne foarm yn 'e iere 1920-er jierren. Se kamen ek in ridlik soad foar yn 'e filmyndustry fan Hollywood fan it Pre-Code-tiidrek, oant yn 1934 de Motion Picture Production Code ynfierd waard, dy't it near lei op 'e measte kontroversjele ûnderwerpen. Foarbylden út dy tiid binne The Road to Ruin (1928) en Ecstasy (1933). Dy lêste film omfette neakensênes fan 'e Eastenrykske aktrise Hedy Lamarr en waard in grut súkses yn 'e bioskopen.

Foar it meastepart waarden films fan it eksploitaasjesjenre lykwols pas populêr by in breder publyk nei't de filmsensuer yn 'e Feriene Steaten en Jeropa geandewei de 1960-er en 1970-er jierren fersloppe wie. Yn dy tiid waarden soksoarte films yn 'e Feriene Steaten fertoand yn saneamde grindhouses, suterige bioskoopkes dêr't inkeld lowbudgetfilms fertoand waarden, faak twa op ien jûn as in double feature ("dûbele spylfilm"). It gie dêrby fral om bluodderige horrorfilms of films dy't in protte geweld en neakenens hiene. Ek de spagettywestern wurdt lykwols wol as in subsjenre fan it eksploitaasjesjenre sjoen. Fan 'e 1980-er jierren ôf rekke it mei eksploitaasjefilms yn it neigean, hoewol't se ek no noch wol makke wurde. Tsjintwurdich komme sokke goedkeape B-films lykwols oer it algemien net mear yn 'e bioskoop, mar wurde se direkt-op-fideo útbrocht.

Wichtichste subsjenres

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
De Argentynske aktrise Isabel Sarli, ien fan 'e grutste stjerren fan 'e sexploitationfilm, hjir yn La Mujer de Mi Padre (1968).

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.