Robert Redford
Robert Redford | ||
akteur | ||
Robert Redford yn 2012 | ||
persoanlike bysûnderheden | ||
echte namme | Charles Robert Redford jr. | |
nasjonaliteit | Amerikaansk | |
berne | 18 augustus 1936 | |
berteplak | Santa Monica (Kalifornje) | |
etnisiteit | Iersk Ingelsk Skotsk Ulstersk | |
jierren aktyf | 1959 – 2018 | |
prizen | BAFTA 1969 Oscar 1980 Golden Globe 1965, 1980 Cecil B. DeMille Award 1994 SAG Award 1995 Eare-Oscar 2001 Légion d'Honneur 2010 Pres. Frijheidsmedalje 2016 Gouden Eareliuw 2017 | |
offisjele webside | ||
sundance.org |
Robert Redford (folút: Charles Robert Redford jr.; Santa Monica, 18 augustus 1936) is in rêstend Amerikaansk akteur, regisseur, filmprodusint en sakeman. Hy sette yn 1959 útein mei in karriêre as tillefyzje-akteur, en stie yn dy snuorje ek in protte op 'e planken. Redford briek yn 1969 troch as filmakteur mei syn haadrol yn 'e western Butch Cassidy and the Sundance Kid. Neitiid hied er yn 'e 1970-er jierren in protte súkses mei rollen yn kaskreakers as Jeremiah Johnson, The Sting en All the President's Men. Hy wie behelle yn 'e oprjochting fan it Sundance Filmfestival yn Utah en ferbûn dêr desennia lang syn namme oan.
Syn rezjydebút, de film Ordinary People, út 1980, wie in ûnbidich súkses en smiet him de Oscar foar bêste regisseur op. Oare ferneamde films dêr't Redford yn spile, wiene The Way We Were, Three Days of the Condor, Out of Africa, Indecent Proposal, The Horse Whisperer en An Unfinished Life. As regisseur wied er ek belutsen by The Milagro Beanfield War, A River Runs Throught It en The Horse Whisperer. Yn syn hast sechstichjierrige karriêre wûn Redford twa Oscars (ynkl. de Eare-Oscar), trije Golden Globes (ynkl. de Cecil B. DeMille Award foar syn oeuvre), in BAFTA en in Screen Actors Guild Award. Ek waard er yn 2010 opnommen yn it Frânske Légion d'Honneur en ûntfong er yn 2016 de Presidinsjele Frijheidsmedalje. Yn 2018 makke Redford bekend dat er ophold mei wurkjen.
Libben en karriêre
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Jonkheid en oplieding
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Redford waard yn 1936 berne yn Santa Monica, yn it suden fan 'e Amerikaanske steat Kalifornje, as de soan fan Charles Robert Redford sr., in molkboer dy't himsels opwurke hie ta boekhâlder, en dy syn frou Mary W. Hart. Hy hat in jongere styfbroer, William, út syn heite twadde houlik. Redford is fan mingd etnysk komôf, mei Iersk, Ingelsk, Skotsk en Ulstersk (d.w.s. Noardiersk protestantsk) bloed. Syn efternamme komt út 'e krite fan Midlothian, yn Skotlân. Syn betoerpake oan heitekant wie de Ingelske presbyteriaan Elisha Redford, dy't troude mei de roomske Ierske Mary Ann McCreery en yn 1849 mei har emigrearre nei de Feriene Steaten, dêr't se harren nei wenjen setten yn Stonington, yn 'e steat Connecticut.
Doe't Redford noch lyts wie, ferhuzen syn âldelju mei him nei Van Nuys, in wyk fan Los Angeles. Syn heit wurke yn dy tiid yn El Segundo. Redford folge middelber ûnderwiis oan 'e Van Nuys High School, dêr't er yn 'e klasse siet by Don Drysdale, dy't letter ferneamd wurde soe as honkballer. Nei eigen sizzen wied er in minne learling, dy't mear ynteressearre wie yn oare dingen (lykas sport en keunst) as yn wat syn learaars te sizzen hiene.
Nei't er yn 1954 slagge wie foar syn eineksamens, learde Redford oardel jier troch oan 'e Universiteit fan Kolorado Boulder, yn Boulder, dêr't er him by de studinteferiening Kappa Sigma joech. Yn dy tiid hied er in bybaantsje yn it restaurant anneks bar The Sink, dêr't neitiid in wandskildering fan him makke is dy't noch altyd bestiet. Yn syn studintetiid rekke Redford oan 'e drank, mei as gefolch minne stúdzjeresultaten. Dat late ta it ferlies fan syn stúdzjebeurs en betsjutte dêrmei de ein fan syn oplieding. Neitiid begûn er om te doarmjen. Hy reizge nei Jeropa, dêr't er yn Frankryk, Spanje en Itaalje wenne. Werom yn 'e Feriene Steaten studearre er skilderkeunst oan it Pratt Ynstitút yn Brooklyn en folge er kolleezjes oan 'e Amerikaanske Akademy foar Toanielkeunst (AADA) yn New York.
Karriêre
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Toanielwurk
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Redford sette syn karriêre as akteur oan 'e ein fan 'e 1950-er jierren útein yn New York, dêr't sawol toaniel- as tillefyzjewurk te finen wie. Yn 1959 makke er syn debút op Broadway mei in lytse rol yn it toanielstik Tall Story. Datselde jiers spile er yn The Highest Tree, en yn 1961 wied er op 'e planken te sjen yn Sunday in New York. Syn grutste súkses op Broadway belibbe er lykwols yn 1963 yn 'e rol fan 'e bekrompen brêgeman fan aktrise Elizabeth Ashley yn it stik Barefoot in the Park, fan Neil Simon.
Tillefyzjewurk
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Yn 1960 wie Redford foar it earst op 'e tillefyzje te sjen. Hy hie dat jiers gastrollen yn sân tillefyzjesearjes, wêrûnder de westernsearjes Maverick, The Duputy en Tate en it rjochtbankdrama Perry Mason. Ek wied er te sjen as in geastlik steurde jongeman dy't fêstsit yn syn ynstoarte garaazje yn 'e aventoeresearje Rescue 8. Yn 'e folgjende jierren spile Redford yn searjes as Route 66, The Virginian en The Alfred Hitchcock Hour. Yn 1962 spile er de Dea yn 'e horrorsearje The Twilight Zone. Hy waard yn 1962 nominearre foar in Emmy Award yn 'e kategory bêste byrol fan in akteur foar syn optreden yn The Voice of Charlie Pont. Ien fan syn lêste tillefyzjerollen hie Redford yn 1963 yn Breaking Point, in sikehûssearje oer in psychiatryske ynrjochting.
Filmwurk: begjinjierren
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Yn 1960 makke Redford syn debút op it wite doek mei in lyts roltsje yn Tall Story, dêr't er net foar neamd waard op 'e ôftiteling. Hy moast yn dy film Jane Fonda tútsje, foar wa't it ek har filmdebút wie. Nei syn súkses op Broadway waard Redford yn gruttere filmrollen cast. Syn twadde film wie War Hunt, út 1962, wêryn't er de rol fan in soldaat hie. Yn 1965 spile er mei Alec Guinness yn 'e oarlochskomeedzje Situation Hopeless… But Not Serious, wêryn't er op 'e nij de rol fan in soldaat hie, mar diskear ien dy't him al jierrenlang beskûl hâldt efter de linys fan 'e fijân.
Datselde jiers wûn Redford in Golden Globe foar bêste nije stjer foar syn fertolking yn Inside Daisy Clover fan in biseksuële filmstjer dy't trout mei aktrise Daisy Clover (spile troch Natalie Wood). Yn 1966 spile Redford op 'e nij de frijer fan Wood yn This Property Is Condemned, fan regisseur Sydney Pollack, dêr't ek Charles Bronson in rol yn hie. Mei Sydney Pollack soe Redford neitiid noch fiif oare, hieltyd súksesfolle films meitsje. Fierders wurke er dat jiers wer gear mei Jane Fonda en ek mei Marlon Brando yn The Chase. Foar de ferfilming fan Barefoot in the Park, út 1967, waarden Redford en Fonda op 'e nij as pearke cast.
Filmwurk: trochbraak
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Hoewol't er tuskenbeiden súkses hie mei syn iere filmrollen, begûn Redford der geandewei oer yn te sitten dat er typecast waard as in blond manlik stereotype. Dêrom sloech er rollen yn Who's Afraid of Virginia Woolf? en The Graduate ôf. Ynstee naam er yn 1969 in rol oan yn 'e westernfilm Butch Cassidy and the Sundance Kid, fan regisseur George Roy Hill. Dêryn spile er de Sundance Kid, in bandyt dy't yn it Wylde Westen banken berôvet mei syn partner Butch Cassidy, spile troch Paul Newman. Dy film waard in ûnbidich grut súkses, en betsjutte foar Redford de ynternasjonale trochbraak. Hy wûn der in BAFTA Award foar bêste akteur mei, en konsolidearre mei de rol boppedat syn imago as in yntelliginte, betroubere, wat sardoanyske filmheld.
Neitiid wurke Redford mei oan in stikmannich films dy't gjin súkses waarden: Tell Them Willie Boy Is Here (1969), Downhill Racer (1969), Little Fauss and Big Halsey (1970) en The Hot Rock (1972). By Downhill Racer wied er foar it earst ek as útfierend produsint belutsen. Yn 1972 hied er lykwols wer in kaskreaker mei de refizjonistyske western Jeremiah Johnson. Oare súksessen út 'e iere 1970-er jierren wiene de politike satire The Candidate (1972), de romantyske dramafilm The Way We Were (1973), en de misdiefilm The Sting (1973, dy't de meast opbringende film út Redford syn karriêre waard. Yn The Way We Were wie Barbra Streisand Redford syn tsjinspylster. Foar The Sting wurke er fannijs gear mei regisseur George Roy Hill. Foar syn rol fan Johnny Hooker yn dy film waard Redford nominearre foar de Oscar foar bêste akteur.
Yn 1974 hie Redford nij súkses mei syn titelrol yn The Great Gatsby. Yn 1975 wurke er jitris gear mei George Roy Hill foar The Great Waldo Pepper. Datselde jiers fertolke er de rol fan in CIA-agint mei de koadenamme 'Condor' yn 'e spionaazjeskriller Three Days of the Condor, fan regisseur Sydney Pollack. Yn 'e tige populêre dramafilm All the President's Men, út 1976, fan regisseur Alan J. Pakula, oer it Watergateskandaal, fertolke Redford de rol fan sjoernalist Bob Woodward, wylst Dustin Hoffman Woodward syn kollega Carl Bernstein spile. Behalven as ien fan 'e haadrolspilers wie Redford ek as útfierend produsint by de film belutsen. All the President's Men wie op ferskate nivo's in kearpunt foar Redford, dy't mei de film foar it earst syn belutsenens as priveepersoan by politike kwestjes blike liet.
As majoar Julian Cook spile Redford yn 1977 mei yn Richard Attenborough syn oarlochsfilm A Bridge Too Far, oer Operaasje Market Garden en de Slach om Arnhim. Yn 1979 wie Redford op 'e nij mei Jane Fonda te sjen yn The Electric Horseman fan Sydney Pollack. Syn folgjende film wie it finzenisdrama Brubaker (1980), wêryn't er in sipier spile dy't it finzenissysteem besiket te herfoarmjen.
Filmwurk: heechtijdagen
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Mei it jild dat er mei syn aktearjen fertsjinne hie, kocht Redford in hiel skygebiet oan 'e eastkant fan 'e Mount Timpanogos oan, noardeastlik fan Provo, yn 'e Rocky Mountains fan Utah. Oarspronklik hiet dat 'Timp Haven', mar Redford neamde it om ta it Sundance Resort, nei syn rol fan 'e Sundance Kid. Redford syn frou Lola Van Wagenen kaam út Utah, en se besieten yn dy omkriten al sûnt 1963 in twadde hûs. Yn 1978 waard troch Sterling Van Wagenen, Redford syn sweager, en John Earle, in lid fan 'e Utah Film Commission, (earst noch ûnder in oare namme) it Sundance Filmfestival oprjochte, in filmfestival foar ûnôfhinklike films. Redford waard oerhelle om foarsitter fan it festival te wurden en bleau desennia lang by it evenemint belutsen. Hy rjochte it Sundance Ynstitút, de Sundance Cinemas en it Sundance Channel op, allegear yn of deunby Park City (Utah), dat 48 km benoarden it Sundance Resort leit. Ek Redford syn lettere tillefyzjestudio Sundance Productions wie ferneamd nei de Sundance Kid.
Yn 1980 wie Redford foar it earst aktyf as regisseur, mei de dramafilm Ordinary People, wêrfan't de haadrollen spile waarden troch Mary Tyler Moore, Donald Sutherland en Timothy Hutton. De film gie oer it stadige útinoarfallen fan in Amerikaansk gesin nei de dea fan ien fan 'e soannen. Ordinary People wie in grut súkses en wurdt noch altyd beskôge as ien fan 'e bêste films fan 'e 1980-er jierren, sawol op it mêd fan 'e filmkrityk as kommersjeel besjoen. Redford wûn der in Oscar foar bêste film, in Oscar foar bêste regisseur, in Golden Globe foar bêste dramafilm, in Golden Globe foar bêste regisseur en in Directors Guild of America Award foar bêste regisseur mei.
As akteur wie Redford yn 1984 wer te sjen yn it honkbaldrama The Natural. Yn 1985 spile er ien fan syn bekendste rollen as de histoaryske piloat en aventoersman Denys Finch Hatton yn it mei in Oscar foar Bêste Film bekroande Out of Africa, fan regisseur Sydney Pollack. Dy film wie basearre op 'e autobiografyske roman Den Afrikanske Farm, fan 'e Deenske skriuwster Karen Blixen. Redford hie yn Out of Africa as tsjinspylster Meryl Streep, dy't de rol fan Blixen fertolke. Behalven de Oscar foar Bêste Film wûn Out of Africa noch seis oare Oscars en in grut tal oare prizen. Dêrmei wie it Redford syn súksesfolste filmprojekt út 'e 1980-er jierren. Yn tsjinstelling dêrmei wie syn folgjende film, de komeedzje Legal Eagles út 1986, mei Debra Winger en Daryl Hannah, mar in beheind súkseske yn 'e bioskopen.
Yn 1988 kaam Redford syn twadde film as regisseur út. It wie it komeedzjedrama The Milagro Beanfield War, mei yn 'e haadrollen Chick Vennera, Rubén Blades en Sônia Braga. De film, basearre op 'e roman mei deselde namme fan John Nichols, giet oer it plakje Milagro, yn Nij-Meksiko, dêr't de Latino-befolking syn lân driget kwyt te reitsjen troch tadwaan fan in rike blanke projektûntwikkeler. Hoewol't it in knaphandich makke film wie mei hilaryske sênes, krige The Milagro Beanfield War net folle oandacht yn 'e media en waard it gjin grut súkses.
De Universiteit fan Kolorado, dêr't Redford yn 'e 1950-er jierren oardel jier studearre hie, kende him yn 1988 in earedoktoraat ta. Yn 1989 ûntfong er fan 'e National Audubon Society, in organisaasje op it mêd fan natoerbeskermng, de Audubonmedalje. Yn 1990 wurke Redford foar de lêste kear gear mei regisseur Sydney Pollack foar syn haadrol as de beropsmjittige gokker Jack Weil yn 'e film Havana, oer de dekadinte beau monde fan 'e Kubaanske haadstêd foarôfgeande oan 'e Kubaanske Revolúsje fan Fidel Castro yn 1959. Yn 1992 hie Redford de jonge River Phoenix as tsjinspiler yn 'e komeedzjefilm Sneakers, en died er de voice-over foar de dokumintêre Incident at Oglala. Datselde jiers brocht er syn trêde film as regisseur út. Dat wie it histoarysk drama A River Runs Through It, basearre op 'e novelle fan Norman Maclean, mei in jonge Brad Pitt yn 'e haadrol. Redford waard dêrfoar nominearre foar in Golden Globe foar bêste regisseur.
Yn 1993 spile Redford ien fan syn populêrste rollen yn 'e dramafilm Indecent Proposal. Hy fertolke dêryn de rol fan miljardêr John Gage, dy't in jonge troude frou yn jildneed, spile troch Demi Moore, in miljoen dollar oanbiedt as se mei him op bêd giet, wat ta slimme spannings yn har houlik mei har man (Woody Harrelson) liedt. Hoewol't de filmkritisy neat fan 'e film hawwe moasten, en Redford nominearre waard foar in Golden Raspberry Award foar minste akteur, ûntjoech Indecent Proposal him ta ien fan 'e grutste bioskoopsúksessen fan it jier.
Folle mear lof krige Redford foar syn fjirde film as regisseur, Quiz Show, út 1994, oer in skandaal oangeande trochstutsen kaart yn in Amerikaanske tillefyzjekwis út 'e 1950-er jierren. De haadrollen waarden fertolke troch Paul Scofield, John Turturro, Rob Morrow en Ralph Fiennes. Quiz Show waard nominearre foar de Oscar foar Bêste Film, en Redford sels foar de Oscar, de Golden Globe, de BAFTA en de Directors Guild of America Award foar bêste regisseur. Underwilens hie Redford yn 1994 syn earste oeuvrepriis krigen, de Cecil B. DeMille Award fan 'e Golden Globes. Yn 1995 waard him fierders in earedoktoraat yn de letteren takend troch it Bard Kolleezje, en yn 1996 wûn er sawol de Nasjonale Medalje foar de Keunsten as de Screen Actors Guild Life Achievement Award.
Filmwurk: lettere jierren
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Yn 1996 spile Redford mei Michelle Pfeiffer yn it romantyske sjoernalistykdrama Up Close & Personal. Yn 1998 hied er wer ien fan syn bekendste rollen yn 'e dramafilm The Horse Whisperer, oer in hynsteman dy't in famke (spile troch in jonge Scarlett Johansson) helpt om har troch in ûngelok jinstich wurden hynder wer nuet te krijen, en it ûnderwilens ek oanleit mei har (troude) mem (spile troch Kristin Scott Thomas). Behalven as spiler fan 'e titelrol wie Redford ek by de film belutsen as regisseur en as filmprodusint. It smiet him op 'e nij in nominaasje op foar de Golden Globe foar bêste regisseur. Yn 2000 regissearre Redford ek The Legend of Bagger Vance, mei yn 'e haadrollen Matt Damon en Will Smith.
Redford spile yn 2001 yn The Last Castle Eugene Irwin, in yn ûngenede fallen luitenant-generaal fan it Amerikaanske Leger, dy't yn in militêre finzenis opsletten wurdt en dêr al rillegau de lieding oer de oare finzenen op him nimt. Dat is tige tsjin 't sin fan 'e sadistyske finzenisdirekteur (spile troch James Gandolfini), mei wa't neitiid in machtsstriid ûntstiet dy't almar fierder oanboazet. Fierders wie Redford yn 2001 ek mei Brad Pitt te sjen yn 'e spionaazjefilm Spy Game. Op 'e útrikking fan 'e Oscars yn 2002 (foar it jier 2001) waard him de Eare-Oscar takend foar syn hiele oeuvre. Yn 2004 spile er mei dame Helen Mirren yn The Clearing, fan 'e Nederlânske regisseur Pieter Jan Brugge. Datselde jiers fersoarge er ek de voice-over foar de dokumintêre Sacred Planet, in swide reis nei guon fan 'e meast eksoatyske en bedrige plakken fan 'e wrâld. Ek produsearre er yn 2004 Diarios de Motocicleta, in ynternasjonale ko-produksje fan regisseur Walter Salles, en in coming-of-ageferhaal yn 'e foarm fan in roadmovie oer in jonge Argentynske studint medisinen, Ernesto "Che" Guevara.
Yn 2005 spile Redford mei Jennifer Lopez en Morgan Freeman yn it magistrale An Unfinished Life, fan 'e Sweedske regisseur Lasse Hallström. De film giet oer de âlde, sjegrinige rancher Einar Gilkyson, dy't op syn boerespultsje op it tinbefolke plattelân fan Wyoming noch altyd rouwet om syn by in auto-ûngemak omkommen soan, as op in dei tsjin syn wil syn fan him ferfrjemde rekke skoandochter en pakesizzer by him ynlûke, dy't op 'e flecht binne foar de mishanneljende frijer fan 'e skoandochter. Yn desimber 2005 ûntfong Redford de Kennedy Center Honors, in ûnderskieding foar lju dy't in wichtige bydrage levere hawwe oan 'e Amerikaanske kultuer. Yn 2006 wie Redford as stimakteur belutsen by de film Charlotte's Web, wêryn't er syn stim liende oan Ike it Hynder.
Redford spile yn 2007 mei Meryl Streep, 22 jier nei harren gearwurking yn Out of Africa, de haadrollen yn Lions for Lambs, dêr't ek Tom Cruise yn te sjen wie. De film waard troch Redford sels regissearre en produsearre, mar nei't de ferwachtings heech opkloppe wiene, krige Lions for Lambs mingde resinsjes en ôffallende kommersjele resultaten. Yn 2008 rjochte Redford in eigen filmstudio op mei de namme Wildwood Enterprises, dêr't er al syn eardere filmprojekten by ûnderbrocht. Dat jiers ûntfong er ek in earedoktoraat yn 'e skiene keunsten fan 'e Brown Universiteit, en ek de Dorothy en Lillian Gish-priis, dy't takend wurdt oan immen dy't "in treflike bydrage oan 'e skientme fan 'e wrâld" levere hat. Yn 2009 waard de Robert Redford Award foar Belutsen Artysten fan 'e Skoalle foar de Poadiumkeunsten fan 'e Universiteit fan Súdlik Kalifornje (USC) nei Redford ferneamd. En yn 2010 waard er as ridder (chevalier) opnommen yn it Frânske Légion d'Honneur.
Redford syn folgjende filmprojekt wie The Conspirator (2010), dêr't er sels net yn spile, mar dat er wol regissearre en produsearre. It wie in kostúmdrama om 'e moard op Abraham Lincoln hinne. Nettsjinsteande dat Redford it ûnderwerp sels tige nijsgjirrich fûn, flopte de The Conspirator yn 'e bioskopen. Yn 2011 wurke Redford mei oan 'e dokumintêre Buck, oer de echte 'hynsteflústerder', Buck Brannaman, wêryn't er fertelde oer syn ûnderfinings mei de hynsteman ûnder de produksje fan syn film The Horse Whisperer. Redford regissearre, produsearre en spile yn 2012 yn The Company You Keep, oer in eardere ûndergrûnske aktivist waans identiteit desennia letter bekend wurdt troch it gegraaf fan in sjoernalist, mei as gefolch dat de autoriteiten him einlings en te'n lêsten op it spoar komme en hy útpike moat. Datselde jiers rjochte er mei Laura Michalchyshyn de tillefyzjestudio Sundance Productions op, dêr't se har mei taleine op it meitsjen fan tillefyzjesearjes en dokumintêres.
Yn 2013 spile Redford yn All is Lost, in film fan J.C. Chandor oer in man allinnich yn in sylboat dy't op see fergiet. Dy rol yn in film mei mar ien akteur (Redford) en frijwol gjin dialooch waard troch de filmkritisy tige heech priizge. Redford waard derfoar nominearre foar û.o. in Golden Globe foar bêste akteur yn in dramafilm, in Satellite Award foar bêste akteur en in Independent Spirit Award foar bêste akteur. Yn april 2014 fertolke Redford de rol fan Alexander Pierce, it haad fan 'e organisaasje S.H.I.E.L.D., yn 'e superheldefilm Captain America: The Winter Soldier, fan 'e Marvel Studios. Ek hied er yn 2015 de rol fan ferslachjouwer en nijslêzer Dan Rather yn 'e film Truth.
Fierders spile er yn 2015 mei Emma Thompson en Nick Nolte yn it biografyske komeedzjedrama A Walk in the Woods, dat basearre wie op it autobiografyske reisferslach mei deselde namme fan Bill Bryson. Redford, dy't de film ek produsearre, en dy't sels de rol fan Bryson spile, hie mear as tsien jier earder de filmrjochten op it boek al kocht. It hie syn bedoeling west om 'e film tegearre mei Paul Newman, syn tsjinspiler út Butch Cassidy and the Sundance Kid, te meitsjen, mar nei Newman syn ferstjerren yn 2008 wie it projekt lang lizzen bleaun. Yn 2015 ûntfong Redford syn fjirde earedoktoraat fan it Colby Kolleezje yn Waterville (Maine). Yn 2016 waard him troch presidint Barack Obama de Presidinsjele Frijheidsmedalje opspjelde, de heechste boargerlike ûnderskieding yn 'e Feriene Steaten. En yn 2017 krige Redford op it Ynternasjonaal Filmfestival fan Feneesje de Gouden Eareliuw foar syn hiele oeuvre.
Redford spile yn 2016 de rol fan in âlde houtfiker, dy't ienris in draak met hat, yn Pete's Dragon, in remake fan in Disney-filmmusical út 1977. Yn 2017 wied er te sjen yn 'e science fiction-film The Discovery, en datselde jiers kaam ek de romantyske film Our Souls at Night út. Dêryn spile er op 'e nij mei Jane Fonda, 58 jier nei't se foar it earst gearwurke hiene yn Tall Story. Yn augustus 2018, doe't er 81 jier waard, kundige Redford oan dat er ophâlde soe mei wurkjen as akteur sadree't syn lêste film, The Old Man & the Gun, klear wie. Dy film kaam út yn septimber 2018. Redford spile dêryn de (histoaryske) bankrôver Forrest Tucker, dy't op jierren noch in românse kriget. Yn 2019 hie Redford noch in cameo as Alexander Pierce yn 'e superheldefilm Avengers: Endgame.
Priveelibben
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Houliken en bern
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Robert Redford troude op 12 septimber 1958 yn Las Vegas mei Lola Van Wagenen, dy't har stúdzje foar him ôfbriek. Hja skieden yn 1985. Yn july 2009 wertroude er yn it Louis C. Jacob Hotel yn it Dútske Hamburch mei Sibylle Szaggars. Mei har wenne er al sûnt de 1990-er jierren gear yn Sundance (Utah).
Redford krige fjouwer bern, allegear út syn earste houlik. De âldste wie Scott Anthony Redford, dy't berne waard op 1 septimber 1959 en al mei twa en in heale moanne kaam te ferstjerren oan widzedea, op 17 novimber 1959. Hy leit begroeven op it Stedsbegraafplak yn Provo (Utah). Fan 'e oare trije bern is Shauna Jean Redford (15 novimber 1960) in keunstskilderesse dy't troud is mei sjoernalist Eric Schlosser; David James "Jamie" Redford (5 maaie 1962) is in skriuwer en filmprodusint; en Amy Hart Redford (22 oktober 1970) folge yn har heite fuotleasten as aktrise. Anno 2014 hie Redford sân pakesizzers.
Aktivisme
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Troch de jierren hinne hat Robert Redford him as aktivist foar ferskate doelen ynset, wêrûnder natoer- en miljeubeskerming, de rjochten fan 'e Yndianen en oare lânseigen befolkingsgroepen, de rjochten fan homo's, lesbiënnes, biseksuëlen en transseksuëlen, en de skiene keunsten. Ek hat Redford politike aksjegroepen stipe, lykas it Political Action Committee fan it Directors Guild of America, dêr't hy lid fan is. Redford is ek in fûleindich tsjinstanner fan 'e Keystonepiiplieding fan 'e TransCanada Corporation. Yn 2013 waard er troch de algemien direkteur fan TransCanada, Russ Girling, identifisearre as ien fan 'e lieders fan 'e protestbeweging tsjin 'e oanlis fan 'e oaljepiiplieding.
Redford is in swevende kiezer, dy't noris de Republikeinen, dan wer de Demokraten stipe hat, ôfhinklik fan persoanlike foarkarren. Sa stipe er yn 2004 de kampanje fan syn freon Gary Herbert (in lettere gûverneur fan Utah) om luitenant-gûverneur fan Utah te wurden. By de presidintsferkiezings fan 2012 stipe er de Demokraat Barack Obama. Op it boek Crippled America, fan 'e Republikein Donald Trump, dy't yn 2016 presidint waard, wurdt in sitaat fan Redford oanhelle: "Ik bin bliid dat er dêr [yn it Wite Hûs] sit, sa't er is." Dat is lykwols in opsetlike ferdraaiïng fan Redford syn sarkastyske útspraak oer Trump, mei't er sein hie: "Ik bin bliid dat er dêr sit, sa't er is. It is sa'n grutte suffert dat er gjin ferstannige dingen dwaan kin al soed er it wolle."
Biografy
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Yn maaie 2011 publisearre útjouwerij Alfred A. Knopf, Inc. de biografy Robert Redford: The Biography. Dat wie in boek dat troch Michael Feeney oer in perioade fan fyftjin jier skreaun wie mei input fan Redford sels en tagong ta syn persoanlike papierren en deiboeken.
Ynternasjonale Lofthaven Robert Redford?
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Omreden fan 'e ûnmjitlike bydrage dy't it Sundance Filmfestival levere hat oan 'e ûntwikkeling fan 'e ekonomy fan Utah, is yn dy steat in brede beweging ûntstien dy't de Ynternasjonale Lofthaven Salt Lake fan Salt Lake City omneame wol ta de "Ynternasjonale Lofthaven Robert Redford". Redford hat dêr noch gjin miening oer jûn.
Filmografy
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]As akteur
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Filmografy as akteur | |||
jier | titel | rol of funksje | opmerkings |
---|---|---|---|
tillefyzje | |||
1960 | Maverick | Jimmy Coleman | ôflevering 76: Iron Hand |
1960 | Rescue 8 | Danny Tilford | ôflevering 67: Breakdown |
1960 | The Deputy | Burt Johnson | ôflevering 31: The Last Gunfight |
1960 | Playhouse 90 | resjersjeur Lott | ôflevering 134: In the Presence of Mine Enemies |
1960 | Tate | John Torsett Tad Dundee |
ôflevering 3: The Bounty Hunter ôflevering 8: Comanche Scalps |
1960 | Moment of Fear | frjemdling | ôflevering 1: The Golden Deed |
1960 | Perry Mason | Dick Hart | ôflevering 96: The Case of the Treacherous Toupee |
1960 | The Iceman Cometh | Don Parritt | tillefyzjefilm |
1961 | Route 66 | Janosh | ôflevering 35: First-Class Mouliak |
1961 | Whispering Smith | Johnny | ôflevering 2: The Grudge |
1961 | Naked City | Baldwin Larne | ôflevering 60: Tombstone for a Derelict |
1962 | The Voice of Charlie Pont | ? | tillefyzjefilm; nominearre foar in Emmy |
1962 | The Twilight Zone | Harold Beldon | ôflevering 81: Nothing in the Dark |
1963 | The Alfred Hitchcock Hour | David Chesterman | ôflevering 18: A Tangled Web |
1963 | The Untouchables | Jack Parker | ôflevering 103: Snowball |
1963 | The Virginian | Mathew Cordell | ôfleverings 34 (A Killer in Town) en 35 (The Evil That Men Do) |
1963 | Breaking Point | ? | ôflevering ? |
films | |||
1960 | Tall Story | basketballer | net fermeld op 'e ôftiteling |
1962 | War Hunt | soldaat Roy Loomis | |
1965 | Inside Daisy Clover | Wade Lewis | wûn in Golden Globe foar bêste nije stjer |
1965 | Situation Hopeless… But Not Serious | kaptein Hank Wilson | |
1966 | The Property Is Condemned | Owen Legate | |
1966 | The Chase | Charlie "Bubber" Reeves | |
1967 | Barefoot in the Park | Paul Bratter | |
1969 | Butch Cassidy and the Sundance Kid | de Sundance Kid | wûn in BAFTA foar bêste akteur |
1969 | Tell Them Willie Boy Is Here | helpsheriff Christopher "Coop" Cooper | |
1969 | Downhill Racer | David Chappellet | ek útfierend produsint |
1970 | Little Fauss and Big Halsy | Halsy Knox | |
1972 | Jeremiah Johnson | Jeremiah Johnson | |
1972 | The Candidate | Bill McKay | ek útfierend produsint, mar net as sadanich op 'e ôftiteling fermeld |
1972 | The Hot Rock | John Archibald Dortmunder | |
1973 | The Sting | Johnny Hooker | nominearre foar in Oscar foar bêste akteur |
1973 | The Way We Were | Hubbell Gardiner | |
1974 | The Great Gatsby | Jay Gatsby | |
1975 | Three Days of the Condor | Joseph Turner / de Condor | |
1975 | The Great Waldo Pepper | Waldo Pepper | |
1976 | All the President's Men | Bob Woodward | ek útfierend produsint |
1977 | A Bridge Too Far | majoar Julian Cook | |
1979 | The Electric Horseman | Norman "Sonny" Steele | |
1980 | Brubaker | Henry Brubaker | |
1984 | The Natural | Roy Hobbs | |
1985 | Out of Africa | Denys Finch Hatton | |
1986 | Legal Eagles | Tom Logan | |
1990 | Havana | Jack Weil | |
1992 | A River Runs Through It | voice-over | ek regisseur en produsint; nominearre foar in Golden Globe foar bêste regisseur |
1992 | Sneakers | Martin "Marty" Bishop | |
1993 | Indecent Proposal | John Gage | nominearre foar in Golden Raspberry Award foar minste akteur |
1993 | La Classe Américaine | Steven | |
1996 | Up Close & Personal | Warren Justice | |
1998 | The Horse Whisperer | Tom Booker | ek regisseur en produsint; nominearre foar in Golden Globe foar bêste regisseur |
2001 | The Last Castle | luitenant-generaal Eugene Irwin | |
2001 | Spy Game | Nathan D. Muir | |
2004 | The Clearing | Wayne Hayes | |
2005 | An Unfinished Life | Einar Gilkyson | |
2006 | Charlotte's Web | Ike it Hynder | as stimakteur |
2007 | Lions for Lambs | dokter Stephen Malley | ek regisseur en produsint |
2012 | The Company You Keep | Jim Grant / Nick Sloan | ek regisseur en produsint |
2013 | All Is Lost | Us Man | nominearre foar in Golden Globe foar bêste akteur – drama nominearre foar in Satellite Award foar bêste akteur nominearre foar in Independent Spirit Award foar bêste akteur |
2014 | Captain America: The Winter Soldier | minister fan Definsje Alexander Pierce | |
2015 | A Walk in the Woods | Bill Bryson | ek produsint |
2015 | Truth | Dan Rather | |
2016 | Pete's Dragon | dhr. Meacham | |
2017 | The Discovery | Thomas Harbor | |
2017 | Our Souls at Night | Louis Waters | ek produsint |
2018 | The Old Man & the Gun | Forrest Tucker | ek produsint; nominearre foar in Golden Globe foar bêste akteur – musical of komeedzje |
2019 | Avengers: Endgame | Alexander Pierce | cameo |
As regisseur
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Filmografy as regisseur | |||
jier | titel | rol of funksje | opmerkings |
---|---|---|---|
films | |||
1980 | Ordinary People | n.f.t. | wûn in Oscar foar Bêste Film wûn in Oscar foar bêste regisseur wûn in Golden Globe foar Bêste Film – Drama wûn in Golden Globe foar bêste regisseur wûn in Directors Guild of America Award foar bêste regisseur |
1988 | The Milagro Beanfield War | n.f.t. | ek produsint |
1992 | A River Runs Through It | voice-over | ek ferteller en produsint; nominearre foar in Golden Globe foar bêste regisseur |
1994 | Quiz Show | n.f.t. | ek produsint nominearre foar in Oscar foar Bêste Film nominearre foar in Oscar foar bêste regisseur nominearre foar in Golden Globe foar bêste regisseur nominearre foar in BAFTA foar bêste film nominearre foar in Directors Guild of America Award foar bêste regisseur |
1998 | The Horse Whisperer | Tom Booker | ek produsint en haadrolspiler; nominearre foar in Golden Globe foar bêste regisseur |
2000 | The Legend of Bagger Vance | n.f.t. | ek produsint |
2007 | Lions for Lambs | dokter Stephen Malley | ek produsint en haadrolspiler |
2010 | The Conspirator | n.f.t. | ek produsint |
2012 | The Company You Keep | Jim Grant / Nick Sloan | ek produsint en haadrolspiler |
2014 | Cathedrals of Culture | n.f.t. | dokumintêre, segmint The Salk Institute; ek útfierend produsint |
As produsint
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Filmografy as produsint | |||
jier | titel | rol of funksje | opmerkings |
---|---|---|---|
films en tillefyzjeprogramma's | |||
1969 | Downhill Racer | David Chappellet | útfierend produsint; ek haadrolspiler |
1972 | The Candidate | Bill McKay | net op 'e ôftiteling fermeld; ek haadrolspiler |
1976 | All the President's Men | Bob Woodward | ek haadrolspiler |
1980 | The Solar Film | n.f.t. | koarte film; útfierend produsint |
1987 | Promised Land | n.f.t. | útfierend produsint |
1988 | The Milagro Beanfield War | n.f.t. | ek regisseur |
1988 | Some Girls | n.f.t. | útfierend produsint |
1991 | The Dark Wind | n.f.t. | útfierend produsint |
1992 | Incident at Oglala | voice-over | dokumintêre |
1992 | A River Runs Through It | voice-over | ek ferteller en regisseur; nominearre foar in Golden Globe foar bêste regisseur |
1994 | Quiz Show | n.f.t. | ek regisseur; nominearre foar in Oscar foar Bêste Film nominearre foar in Oscar foar bêste regisseur nominearre foar in Golden Globe foar bêste regisseur nominearre foar in BAFTA foar bêste film nominearre foar in Directors Guild of America Award foar bêste regisseur |
1996 | Grand Avenue | n.f.t. | tillefyzjefilm; útfierend produsint |
1996 | She's the One | n.f.t. | útfierend produsint |
1998 | Central do Brasil | n.f.t. | Brazyljaanske film; Ingelske titel: Central Station |
1998 | A Civil Action | n.f.t. | |
1998 | The Horse Whisperer | Tom Booker | ek regisseur en haadrolspiler; nominearre foar in Golden Globe foar bêste regisseur |
1998 | No Looking Back | n.f.t. | útfierend produsint |
1998 | Slums of Beverly Hills | n.f.t. | útfierend produsint |
2000 | How to Kill Your Neighbor's Dog | n.f.t. | útfierend produsint |
2000 | The Legend of Bagger Vance | n.f.t. | ek regisseur |
2002 | Love in the Time of Money | n.f.t. | útfierend produsint |
2002 | People I Know | n.f.t. | útfierend produsint |
2002 | Skinwalkers | n.f.t. | tillefyzjefilm; útfierend produsint |
2003 | Coyote Waits | n.f.t. | tillefyzjefilm; útfierend produsint |
2004 | Diarios de Motocicleta | n.f.t. | ynternasjonale ko-produksje; Ingelske titel: The Motorcycle Diaries; útfierend produsint |
2004 | A Thief of Time | n.f.t. | tillefyzjefilm; útfierend produsint |
2005-2012 | Iconoclasts | n.f.t. | 29 ôfleverings fan in dokumintêresearje; útfierend produsint |
2007 | Lions for Lambs | dokter Stephen Malley | ek regisseur en haadrolspiler |
2007 | The Unforeseen | n.f.t. | dokumintêre; útfierend produsint |
2010 | The Conspirator | n.f.t. | ek regisseur |
2012 | The Company You Keep | Jim Grant / Nick Sloan | ek regisseur en haadrolspiler |
2012 | Watershed: Exploring a New Water Ethic for the New West | n.f.t. | dokumintêre; útfierend produsint |
2013 | "All the President's Men' Revisited | n.f.t. | dokumintêre; útfierend produsint |
2013 | The March | n.f.t. | dokumintêre; útfierend produsint |
2014 | Cathedrals of Culture | n.f.t. | dokumintêre, segmint The Salk Institute; ek regisseur |
2014 | Chicagoland | n.f.t. | dokumintêresearje (8 ôfl.); útfierend produsint |
2014-2018 | Death Row Stories | n.f.t. | dokumintêresearje (17 ôfl.); útfierend produsint |
2014 | Drunktown's Finest | n.f.t. | útfierend produsint |
2015 | The Adderall Diaries | n.f.t. | útfierend produsint |
2015 | A Walk in the Woods | Bill Bryson | ek haadrolspiler |
2015 | Out of the Many, the One | n.f.t. | dokumintêre; útfierend produsint |
2016 | The American West | n.f.t. | minysearje (8 ôfl.); útfierend produsint |
2016 | The Confluence | n.f.t. | koarte dokumintêre; útfierend produsint |
2016 | Look & See: A Portrait of Wendell Berry | n.f.t. | dokumintêre; útfierend produsint |
2016 | Ocean Warriors | n.f.t. | dokumintêresearje (6 ôfl.); útfierend produsint |
2017 | American Epic | voice-over | dokumintêresearje (4 ôfl.); útfierend produsint |
2017 | The American Epic Sessions | n.f.t. | útfierend produsint |
2017 | Arena | n.f.t. | 2 ôfleverings fan in dokumintêresearje; útfierend produsint |
2017 | The Big Bang | n.f.t. | dokumintêre; útfierend produsint |
2017 | Our Souls at Night | Louis Waters | ek haadrolspiler |
2018 | Be Natural: The Untold Story of Alice Guy-Blaché | n.f.t. | dokumintêre; útfierend produsint |
2018 | Momentum Generation | n.f.t. | dokumintêre; útfierend produsint |
2018 | The Old Man & the Gun | Forrest Tucker | ek haadrolspiler |
2019 | The Mustang | n.f.t. | útfierend produsint |
2020 | Desert of the Real | n.f.t. | dokumintêre; útfierend produsint |
As ferteller
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Filmografy as ferteller | |||
jier | titel | rol of funksje | opmerkings |
---|---|---|---|
dokumintêres | |||
1970 | The Making of Butch Cassidy and the Sundance Kid | voice-over | efter-de-skermendokumintêre |
1971 | The Language And The Music Of The Wolves | voice-over | dokumintêre |
1974 | Following the Tundra Wolf | voice-over | dokumintêre |
1975 | Broken Treaty at Battle Mountain | voice-over | dokumintêre |
1977 | The Predators | voice-over | dokumintêre |
1983 | The Sun Dagger | voice-over | dokumintêre |
1986 | Audubon Video: California Condor | voice-over | dokumintêre |
1988 | Audubon Video: Grizzly and Man - Uneasy Truce | voice-over | dokumintêre |
1989 | Changing Steps | voice-over | dokumintêre |
1989 | To Protect Mother Earth | voice-over | dokumintêre |
1990 | American Experience: Yosemite - The Fate of Heaven | voice-over | dokumintêre |
1992 | Incident at Oglala | voice-over | dokumintêre; ek útfierend produsint |
1997 | Wallace Stegner: A Writer's Life | voice-over | dokumintêre |
1999 | Mountain Climbing: Free Climb | voice-over | dokumintêre |
1999 | The Mystery of Chaco Canyon | voice-over | dokumintêre |
2004 | Sacred Planet | voice-over | dokumintêre |
2006 | Cosmic Collisions | voice-over | dokumintêre |
2006 | Jean-Michel Cousteau: Ocean Adventures | voice-over | 2 ôfleverings fan in dokumintêresearje |
2008 | Fighting Goliath: Texas Coal Wars | voice-over | dokumintêre |
2008 | Grand Canyon Adventure: River at Risk | voice-over | dokumintêre |
2009 | Saving The Bay | voice-over | dokumintêre |
2010 | Stories From The Gulf | voice-over | dokumintêre |
2012 | The Movement: One Man Joins An Uprising | voice-over | dokumintêre |
2016 | National Parks Adventure | voice-over | dokumintêre |
2017 | American Epic | voice-over | dokumintêre-minysearje |
Keppelings om utens
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- (in) Offisjele webside fan it Sundance Ynstitút
- (in) Folsleine filmografy fan Robert Redford yn 'e Internet Movie Database (IMDb)
Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References en Further Reading, op dizze side.
|
- Amerikaansk filmakteur
- Amerikaansk toanielakteur
- Amerikaansk telefyzje-akteur
- Amerikaansk stimakteur
- Amerikaansk filmregisseur
- Amerikaansk filmprodusint
- Amerikaansk telefyzjeprodusint
- Amerikaansk ûndernimmer
- Amerikaansk natoerbeskermer
- Amerikaansk miljeu-aktivist
- Amerikaansk sosjaal aktivist
- Amerikaansk polityk aktivist
- Homorjochte-aktivist
- Aktivist foar Yndiaanske boargerrjochten
- Amerikaansk filantroop
- Oscar-winner
- Eare-Oscar-winner
- Golden Globe-winner
- Cecil B. DeMille Award-winner
- Winner fan de Presidinsjele Frijheidsmedalje
- Amerikaansk persoan fan Iersk komôf
- Amerikaansk persoan fan Ingelsk komôf
- Amerikaansk persoan fan Skotsk komôf
- Amerikaansk persoan fan Ulstersk komôf
- Persoan berne yn 1936