Aventoeresearje

Ut Wikipedy
Jump to navigation Jump to search

In aventoeresearje is in tillefyzjesjenre wêryn't de protagonist of protagonisten, koartsein, spannende aventoeren belibbet of belibje. Dit is in frij breed sjenre, dat nau besibbe is mei it sjenre fan 'e aksjesearje, en teffens reitsflakken hat mei oare sjenres, lykas de westernsearje en de histoaryske dramasearje. It ferskil mei aksjesearjes is dat aventoeresearjes in bredere opset hawwe, mei opienfolgings fan aksjesênes dy't net direkt mei-inoar te krijen hawwe (se fine plak op ferskillende lokaasjes, mei ferskillende tsjinstanners, wylst yn in aksjesearje de protagonist de hiele ôflevering troch mei deselde groep tsjinstanners te krijen hat, op faak min ofte mear deselde lokaasje, lykas yn ien en deselde stêd). Boppedat binne aventoeresearjes faak pleatst op eksoatyske lokaasjes en/of yn histoaryske tiidrekken.

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.