Independent Spirit Award

Ut Wikipedy
Independent Spirit Awards
algemiene ynformaasje
hist. namme Friends of Independents Awards
   (FINDIE's)
nasjonaliteit Amerikaansk
útrikt foar ûnôfhinklike films
útrikt troch Film Independent
frekwinsje 1x jiers
datum febrewaris/maart
plak Santa Monica (Kalifornje)
ynsteld 1984
1e útrikking 1984
offisjele webside
www.spiritawards.com

De Independent Spirit Awards binne in groep Amerikaanske filmprizen dy't op jierlikse basis útrikt wurde oan ûnôfhinklike filmmakkers (dy't dus net wurkje foar ien fan 'e grutte Hollywood-studio's) en harren produksjes. Dizze prizen waarden yn 1984 ynsteld en foar it earst útrikt, en hieten oarspronklik de Friends of Independent Film Awards of FINDIE's. Yn 1986 krigen se har hjoeddeistige namme.

De Independent Spirit Awards wurde útrikt troch de organisaasje Film Independent. De útrikkingsseremoanje fûn oarspronklik plak yn in tinte op it strân by Santa Monica, yn súdlik Kalifornje. Dat is noch altyd de lokaasje fan 'e seremoanje, mar it wurdt no net mear yn in strântinte dien. Sûnt 1999 wurde de Independent Spirit Awards útrikt op 'e dei foar de útrikking fan 'e Oscars; foartiid waard it dien op 'e sneon foar de Oscar-útrikking. Sûnt 1994 wurdt de seremoanje live útstjoerd troch it Bravo Network en it Independent Film Channel.

Kategoryen[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

  • bêste film
  • bêste regisseur
  • bêste earste film
  • bêste manlik haadrol
  • bêste froulike haadrol
  • bêste manlike byrol
  • bêste froulik byrol
  • bêste senario
  • bêste earste senario
  • bêste bûtenlânske film
  • bêste dokumintêre
  • bêste sinematografy
  • bêste montaazje

Spesjale prizen[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

  • John Cassavetes Award
  • Robert Altman Award
  • Acura Someone to Watch Award
  • Piaget Producers Award
  • Truer than Fiction Award
  • Special Distinction Award

Keppelings om utens[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.