Skiene keunsten

Ut Wikipedy
Jump to navigation Jump to search
Selsportret fan Rembrandt.

De skiene[1] keunsten (moaie keunsten) is in oantsjutting dêr't eltse keunstsinnige utering ûnder beflapt wurde kin dy't útslutend tsjinnet foar de opwekking fan estetysk nocht of om in keunstsinnich idee ta útdrukking te bringen. De skiene keunsten tsjinje dus by definysje net ta ekonomysk gewin of gebrûksgemak. Yn 'e praktyk wurdt de term 'skiene keunsten' (Nederlânsk: de schone kunsten; Ingelsk: the fine arts, Frânsk: les beaux-arts, ensfh.) fral brûkt foar byldzjende keunst, lykas skilderjen, byldhouwen, arsjitektuer en fotografy, en poadiumkeunsten lykas toaniel, teäter, ballet en oare foarmen fan dûns.

De term 'skien', in fierders frijwol yn ûnbrûk rekke Frysk wurd foar "moai" of "kreas", slacht net op 'e kwaliteit fan 'e makke keunst, mar op 'e dissipline fan it meitsjen fan dy keunst sels.

Skoallen, ynstituten en oare organisaasjes brûke de namme 'skiene keunsten' faak as beneaming foar in tradisjonele wize fan it meitsjen fan keunst, lykas by klassike of akademyske keunst. Der ûntstiet gauris betizing as minsken it oer skiene keunsten hawwe, wylst se eins de poadiumkeunsten yn it algemien bedoele.

De definysje fan 'e skiene keunsten slút alle byldzjende keunst út dy't sjoen wurde kin as hânwurk, ambacht of tapaste keunst. Dat de skiene keunsten beskôge wurde as wat dat losstiet fan tapaste keunst is foar in diel it gefolch fan in konflikt dat oan 'e ein fan 'e njoggentjinde iuw yn 'e Britske keunstwrâld ûntstie tusken de oanhingers fan 'e arts-and-craftsbeweging, lykas William Morris, en de earste modernisten, lykas Virginia Woolf en de Bloomsbury Groep.

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. Haan, Rienk de, en Sijens, Hindrik, Frysk Hânwurdboek, Ljouwert, 2008 (Fryske Akademy), ISBN 978-9 06 27 37 901, s. 1772. Betsjutting: "in posityf estetysk gefoel oproppend".

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References en Further reading, op dizze side.