Springe nei ynhâld

Ballet

Ut Wikipedy
Utfiering fan De Nutekreaker fan Tsjaikovsky.

Ballet is in foarm fan dûns dy't útfierd wurdt neffens in fêste koreografy.

Ballet kin solo dûnse wurde, of troch in dûnspearke, mar faak wurdt it troch in groep minsken dûnse, mei in solo of in pas-de-deux as part fan it ballet.

Yn klassyk ballet wurdt in fêst repertoire fan dûnspassen en -techniken brûkt. Ut dat repertoire wurdt troch de koreograaf in koreografy foar de hiele dûns gearstald. De dûnsen binne meast op klassike muzyk. Guon koreografyen op muzyk dy't spesjaal skreaun is foar ballet.

Ut de winsk de beheinings fan it klassike ballet kwyt te reitsjen ûntstie de moderne dûns. Hjirby is eltsenien frij om oare techniken te brûken. De dûns hat lykwols al in fêste koreografy, lykas foar oare foarmen fan ballet.