Bill Bryson
Bill Bryson (Des Moines (Iowa), 8 desimber 1951) is in Amerikaansk skriuwer fan reisboeken en boeken over Ingelske taal en wittenskiplike ûnderwerpen.
Bryson waard berne yn Des Moines yn Iowa. Hy studearre oan de Drake University mar hâlde der foar tiids mei op doe't er mei fekânsje yn Ingelân wie yn 1973. Doe hat er in skoft wurke yn in psychiatrysk sikehûs yn Ingelân dêr't er syn takomstige frou moete, in ferpleechkundige. Nei harren houlik ferfarden sy nei de Feriene Steaten om't Bryson syn oplieding dêr ôfmeitsje woe. Yn 1977 setten hja har ta wenjen yn Ingelân, yn Noard-Yorkshire, dêr't se oant 1995 bleaune. Fan 1995 oant 2003 wenne Bryson mei syn 4 bern yn Hanover, New Hampshire. Doe kamen hy en syn hûshâlding werom nei Ingelân.
Njonken auteur is Bryson sûnt july 2007 ek foarsitter fan de organisaasje Campaign to Protect Rural England, dy't in duorsume takomst fan it Ingelske plattelân neistribbet.
Bibliografy
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Reisferhalen
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- The Palace Under the Alps and Over 200 Other Unusual, Unspoiled, and Infrequently Visited Spots in 16 European Countries (1985)
- It ferlerne kontinint' (1989)
- Neither Here Nor There: Travels in Europe (1991)
- 'In lyts eilân' (1995) - Oer Ingelân en de ingelsken.
- A Walk in the Woods: Rediscovering America on the Appalachian Trail (1998) (yn 2015 ferfilme as A Walk in the Woods)
- Notes from a Big Country (1998)
- Tegenvoeters (2000)
- Bill Bryson's African Diary (2002)
- Walk About (2002)
- The Road to Little Dribbling: More Notes from a Small Island (2016)
Taal
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- Bryson's Dictionary of Troublesome Words (1984)
- 'The Mother Tongue: English and How it Got That Way (1990)
- Made in America: An Informal History of the English Language in the United States (1994)
- Bryson's Dictionary of Troublesome Words (2002)
- Journeys in English (2004)
- Bryson's Dictionary for Writers and Editors (2008)
Wittenskip
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- 'In lytse skiednis fan hast alles' (2003)
- A Really Short History of Nearly Everything (2008) (berneferzje)
- On the Shoulders of Giants (2009)
- The Body: A Guide for Occupants (2019)
Memoires
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- The Life and Times of the Thunderbolt Kid (2006)
Biografy
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- Shakespeare: The World as Stage (2007)
Skiednis
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- Icons of England (2008)
- At Home: A Short History of Private Life (2010) Doubleday. ISBN 9780385608275
- One Summer: America 1927 (2013)
Ferfilming
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Yn 2015 waard it boek A Walk in the Woods: Rediscovering America on the Appalachian Trail ferfilme ûnder de titel A Walk in the Woods mei Robert Redford yn de haadrol.