Springe nei ynhâld

Des Moines (Iowa)

Ut Wikipedy
Des Moines
Emblemen
            
Polityk
Lân Feriene Steaten
Steat Iowa
County Polk County
Warren County
Sifers
Ynwennertal 206.688 (2012)
Oerflak 213,9 km² (ynkl. wetter)
209,5 km² (allinnich lân)
Befolkingsticht. 971,3 / km²
Stêdekloft 580.255 (2011)
Hichte 291 m
Oar
Stifting 1843
Tiidsône UTC-6
Simmertiid UTC-5
Koördinaten 41°35′27″N 93°37′15″W
Offisjele webside
www.dmgov.org
Kaart
De lizzing fan Des Moines yn Polk County en yn 'e steat Iowa.

Des Moines is de haadstêd en de grutste stêd fan 'e midwestlike Amerikaanske steat Iowa. It is ek it haadplak fan Polk County, al leit in lyts stikje fan 'e bûtenwiken yn it oangrinzgjende Warren County. De stêd is ferneamd nei de rivier de Des Moines, dy't troch de Frânsen de Rivière des Moines, de "Mûntserivier", neamd waard. Neffens in offisjele skatting út 2012 hie Des Moines doe krapoan 207.000 ynwenners. As stêdekloft, mei alle foarstêden en de omlizzende heal ferstedske plattelânskrite derby, kaam it yn 2011 op in befolking fan goed 580.000 minsken út. Des Moines leit yn it hert fan 'e saneamde Nôtgurdle (Corn Belt), in grut lânbougebiet dêr't fan âlds in protte stynske weet en oare nôtsoarten ferboud wurde. Bûten Iowa is de stêd benammen bekend om't de saneamde Iowa caucuses der plakfine; dat binne tradisjoneel de earste ferkiezings yn 'e jierren dat de Feriene Steaten in nije presidint kieze (wat per steat giet).

It plak dêr't Des Moines no leit, wurdt al teminsten 7.000 jier bewenne, en wierskynlik noch wol langer. Yn maaie 1843 waard der op it plak dêr't de rivieren de Raccoon en de Des Moines gearfloeiden in militêr fort oanlein, dat Fort Des Moines kaam te hjitte. It doel dêrfan wie om 'e Sauk- en Foks-Yndianen yn 'e besnijing te hâlden, dy't út eastlik Iowa hjirhinne ferdreaun wiene. Yn 1846, doe't de Sauk en Foks hielendal út Iowa ferballe waarden, ferlear it fort syn funksje en waard it ferlitten. Underwilens wie der doe al in delsetting om it fort hinne ûntstien, dy't ek Fort Des Moines hiet.

Argeologyske opgravings út 'e prehistoarje yn Des Moines.

Yn 1851 krige Fort Des Moines de status fan stêd. Datselde jiers waard in grut part fan Fort Des Moines ferwuostge troch de Wettersneed fan 1851. Yn 1857 waard de namme fan it stedsje offisjeel feroare, en ferlear it de tafoeging "Fort". Teffens waard it doe de haadstêd fan Iowa, wat foartiid Iowa City west hie. De stêd groeide net bot oant nei de Amerikaanske Boargeroarloch, mar doe't Des Moines yn 1866 oansletten waard op it spoarnetwurk, fûn der in wiere befolkingseksploazje plak. Yn dy tiid moast de pleatslike ekonomy it fral hawwe fan 'e ûnderskate koaleminen yn 'e omkriten. Yn 1893 wiene der 23 minen yn 'e lânsdouwe om Des Moines hinne, mar tsjin 1908 wiene dy sawat allegear útdien rekke. Yn 1900 wie Des Moines it grutste plak fan Iowa wurden, mei in ynwennertal fan goed 62.000.

Yn 'e twadde helte fan 'e tweintichste iuw hie de stêd fan 'e jierren fyftich ôf te lijen ûnder in post-yndustriële ekonomyske delgong, dy't duorre oant yn 'e jierren tachtich. Sûnt is Des Moines dêr wer boppe-op kommen, en hat it himsels omfoarme fan in yndustrystêd ta in plak dêr't benammen de tsjinstesektor wichtich is. Fan 'e jierren sechstich ôf fûn der fierders, lykas by withoefolle stêden, in ûntfolking fan 'e binnenstêd plak yn it foardiel fan 'e bûtenwiken en fral ek fan 'e foarstêden, en sadwaande naam doe de befolkingsgrutte jierrenlang ôf. It hichtepunt kwa ynwennertal (fan krapoan 209.000 yn 1960) is noch altyd net wer helle.

Under de Grutte Wettersneed fan 1993 soarge swiere rein yn juny en begjin july derfoar dat de rivieren de Des Moines en de Raccoon slim bûten har oeren giene. Op 11 july 1993 strûpte it wettersuveringsfabryk fan Des Moines derûnder, sadat 250.000 minsken har 12 dagen sûnder liedingwetter en 20 dagen lang sûnder drinkwetter rêde moasten. Yn 2008 brieken de diken fannijs troch en rûn wer in grut part fan Des Moines ûnder.

Des Moines hjoed de dei

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Des Moines hat him sûnt de jierren tachtich ûntwikkele ta in sintrum foar it fersekeringswêzen en is teffens wichtich foar oare finansjele tsjinsten en foar de útjouwersbrâns. Ek sit yn Des Moines it grutste en âldste trekkerbannefabryk, fan it merk Bridgestone/Firestone, dat werom giet oant 1926. Dat hat dêr in gaadlik plak, mank it fierhinne agraryske Amerikaanske Midwesten. Fierders is Des Moines nei 2000 wichtich wurden foar de kompjûter- en ynternettechnology, mei't Microsoft, Hewlett Packard en Facebook der alletrije dataferwurkings- en logistike fasiliteiten iepene hawwe.

Utsjoch op it sintrum fan Des Moines.
It Steatskapitoal fan Iowa.
De binnenstêd fan Des Moines sjoen troch de bôge fan 'e Center Street Foot Bridge.

Des Moine yn de literatuer

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

In ferneamd persoan út Des Moines is de auteur Bill Bryson. Hy skreau ûnder mear in boek oer syn bernetiid yn it Des Moines fan 'e jierren fyftich, Life and Times of the Thunderbolt Kid (2006). Dat boek iepenet sa: I was born in Des Moines. Someone had to. ("Ik waard berne yn Des Moines. Dat moast dochs immen oerkomme.")

It ynwennertal fan Des Moines gie nei 1960 omleech fan 209.000 nei 191.000 yn 1980, en begûn doe wer oan te waaksen, nei 193.000 yn 1990, 199.000 yn 2000, 203.000 yn 2010 en 207.000 yn 2012. Fan 'e befolking fan Des Moines wie yn 2010 11% âlder as 65 jier en 24,8% jonger as 18 jier. Fan 'e húshâldings bestie 41,6% út ien persoan. Wat de etnyske opbou fan 'e befolking oangiet, wie dy neffens de gegevens fan 'e folkstelling fan 2010 sa: 70,5% blanken; 12,0% Latino's; 10,2% swarten; 4,4% Aziaten; 0,5% Yndianen; 2,8% oaren of fan mingd etnysk komôf.

Berne yn Des Moines

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Troch syn lizzing, suver yn 'e midden fan it Noardamerikaanske kontinint, hat Des Moines in lânklimaat mei hjitte, fochtige simmers en kâlde, snieïge winters. De waarmste moanne is july, mei in trochsneed deitemperatuer fan 29,8 °C, wylst de kâldste moanne jannewaris is, as it oerdeis yn trochsneed –0,6 °C is. It is lykwols neat dat opsjoch jout as it simmerdeis ris 38 °C wurdt, wylst de winters sawol tuskenbeiden as bitter kâld wêze kinne; in temperatuer dy't altemets nei de –18 °C ta dûkt, is net ûngewoan. Oer de hiele winter ferdield falt der yn trochsneed 94 sm snie.

Keppelings om utens

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: Notes en References, op dizze side.