Springe nei ynhâld

Erin Ellington

Ut Wikipedy
Erin Ellington
persoan yn de seksyndustry
persoanlike bysûnderheden
oare artyste-
       nammen
Erin Angel
echte namme ?
nasjonaliteit Amerikaansk
berne 6 novimber 1968
berteplak Des Moines (Iowa)
etnisiteit Dútsk
Frânsk
Nederlânsk
Sjeroky
wurkpaad
wurksum as model, fitnessmodel,
neakenmodel, fotografe
offisjele webside
www.erinellington.com

Erin Ellington (Des Moines, 6 novimber 1968) is in Amerikaansk earder psychologe, sosjologe en stewardess en rêstend foto-, fitness- en neakenmodel en fisazjiste. Hja hat har modellekarriêre beëinige en is no wurksum is as fotografe. Neffens har offisjele opjefte is se 1.63 sm lang, mei in gewicht fan 48 kg en kupmaat 34DD, dêr't se oan kommen is troch in boarstfergruttingoperaasje te ûndergean.

Libben en karriêre

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Ellington waard yn 1968 berne yn Des Moines, de haadstêd fan 'e Amerikaanske steat Iowa, mar groeide op yn it plakje Adel, op it Iowaanske plattelân. Hja hat seis bruorren en susters en is fan mingd Dútsk, Frânsk, Nederlânsk en Sjeroky etnysk komôf. Op 'e middelbere skoalle, dy't se folge oan 'e Adel-De Soto High School, tsjinne se as oanfierster fan it cheerleaderstiim, wie se lid fan it famkesgolftiim en waard se keazen ta homecoming queen. Letter studearre Ellington psychology en sosjology oan it Cornell Kolleezje, in metodistyske privee-universiteit yn Mount Vernon.

Nei't se ôfstudearre wie, wurke Ellington as psychoterapeut by in begraffenisûndernimming, doe as jeugdkrisisterapeut, en dêrnei as stewardess by in lanlike Amerikaanske loftfeartmaatskippij. Yn dy tiid waard se ûntdutsen troch in bekende fitness- en moadefotograaf, en begûn se foar it earst as model te wurkjen. Al rillegau krige se sawol opdrachten út 'e Feriene Steaten as út it bûtenlân, benammen op it mêd fan 'e fitness, en sa kamen der fotoreportaazjes fan har yn tydskriften te stean as Muscular Development, Planet Muscle, Pump, Muscle Mag International en RM Fitness Guide. Dêrnjonken waard se ek frege as moade- en bikinymodel, en toande se klean yn advertinsjes fan û.m. de merken Cover Models, No Limits, Vito Pini Salons, Moda Italia, Psychotic Sportswear en Crazee Wear.

Fierders begûn Ellington op in stuit ek as neakenmodel te wurkjen, foar blêden as Pin-Up Illustrated, American Curves en oaren. Hichtepunten út har karriêre wiene har wurk as promoasjemodel foar de FOX Radio Network yn Denver en har presintaasje fan 'e Radio Achievement Awards, tegearre mei Amerikaansk fuotbalspiler John Elway. Nei de beëiniging fan har karriêre as model hat Ellington har talein op har nije wurk as fotografe.

Keppelings om utens

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes: