Denver

Ut Wikipedy
Denver
Emblemen
            
Polityk
Lân Feriene Steaten
Steat Kolorado
County Denver County
Sifers
Ynwennertal 634.265 (2012)
Oerflak 401,3 km² (ynkl. wetter)
397,2 km² (allinnich lân)
Befolkingsticht. 1.561 / km²
Stêdekloft 2.599.504 (2011)
Hichte 1.564 – 1.731 m
Oar
Stifting 1858
Tiidsône UTC-7
Simmertiid UTC-6
Koördinaten 39°44′21″N 104°59′05″W
Offisjele webside
www.denvergov.org
Kaart
De lizzing fan Denver (read) yn Denver County en de steat Kolorado.
Dizze side giet oer de stêd yn 'e Amerikaanske steat Kolorado. Foar oare betsjuttings, sjoch: Denver (betsjuttingsside).

Denver (Arapaho: Niinéniiniicíihéhe’; Navaho: Kʼįįshzhíníńlį́; Jût (Ute): Tüapü) is sawol de grutste stêd as de haadstêd fan 'e Amerikaanske steat Kolorado. It leit yn 'e Delling fan 'e Súdlike Platte, fuort beëasten it plak dêr't de Cherry Creek yn 'e rivier de Súdlike Platte útmûnet, en 19 km fan 'e eastlike foet fan 'e Rocky Mountains ôf, op in hichte fan likernôch 1.600 m boppe seenivo. Sadwaande wurdt it ek wol The Mile-High City ("De Myl Hege Stêd") neamd. Denver is in konsolidearre stêd en county, dat Denver County en de stêd Denver binne ien en deselde. Neffens in offisjele skatting út 2012 hie Denver doe krapoan 634.000 ynwenners. As stêdekloft, mei alle foarstêden derby, lykas Aurora en Boulder, komt it op in befolking fan likernôch 2,6 miljoen minsken út.

Skiednis[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Denver waard yn novimber 1858 stifte as in goudsikersstedsje, ûnder de namme Denver City, yn 'e tiid fan 'e Goudkoarts fan Pike's Peak, yn wat doe it westlike Kansas-territoarium wie. It plakje waard ferneamd nei James W. Denver, de doetiidske territoriale gûverneur fan Kansas. Rjocht foar Denver City oer, oare kant de Súdlike Platte, wie wêr't de Sjajinnen en de Arapaho-Yndianen tradisjoneel harren winterkampen opsloegen. Yn it earstoan wie Denver City in stedsje oan 'e Amerikaanske frontier (de foargrins fan 'e beskaving), en hie it in ekonomy dy't basearre wie op it fermaak fan 'e goudsikers en mynwurkers út 'e omkriten, mei gokken, saloons, slachtfeehannel, en prostitúsje. Yn maaie 1859 skonken de Denverders mei-inoar 53 perselen grûn oan 'e Leavenworth & Pike's Peak Express om 'e earste postkoetsrûte en fêste ferbining mei it Easten mooglik te meitsjen, wêrlâns oft eltse dei passazjiers, post, fracht en goud ferfierd waard.

Wolkekliuwers yn it sintrum fan Denver.

Denver City krige offisjeel de status fan stêd yn 1861, itselde jiers dat ek it Kolorado-territoarium losmakke waard fan Kansas. Fan 1861 oant 1902, doe't it in konsolidearre stêd en county waard, tsjinne Denver City as it haadplak fan Arapahoe County. Yn 1867 waard it boppedat teffens de territoriale haadstêd fan Kolorado. Dat rôp in nij selsbetrouwen op by de jonge stêd, en it stedsbestjoer besleat de namme te ferkoartsjen fan "Denver City" ta "Denver". Yn 1870 ferbûn de Denver Pacific Railroad Denver mei it nasjonale spoarnetwurk. En doe't Kolorado yn 1876 as folweardige steat ta de Uny tatrede, waard Denver in like folweardige steatshaadstêd.

Yn it lêste trêdepart fan 'e njoggentjinde iuw setten har in grut tal rike sakelju, mei dêrûnder ferskate miljonêrs, yn Denver nei wenjen. De banen dy't sy yn 'e stêd skoepen, loeken wer oare ymmigranten oan: Dútsers, Italjanen, Sinezen, Afro-Amerikanen en Latino's. Sa'n tafloed koe de pleatslike ekonomy lykwols net oan, en it resultearre yn 'e Denverske Depresje fan 1893, wêrby't de sulverpriis steil omleech foel troch oerproduksje. Mei de ekonomyske swierrichheden krige de stêd ek foar it earst te meitsjen mei rasistyske foaroardielen en de opkomst fan 'e Ku Klux Klan. Tsjin 1890 wie Denver nei San Fransisko de grutste stêd bewesten Omaha, mar troch de ekonomyske krisis wie it tsjin 'e iuwwiksel foarbystribbe troch Los Angeles.

Yn 'e tweintichste iuw wie der fan 1953 oant 1989 in nukleêre wapenfasiliteit, it Rocky Flats-fabryk, sitewearre op in ôfstân fan likernôch 23 km fan Denver. In grutte brân yn it fabrykskompleks, yn 1957, mar ek it struktureel fuortlekken fan nukleêr ôffal dat dêr tusken 1958 en 1968 opslein lei, hie fan gefolgen dat de grûn yn guon dielen fan Denver radioaktyf besmet rekke is mei plutoanium. In ûndersyk út 1981 brocht dêrmei it ferhege foarkommen fan berte-ôfwikings en kanker yn beskate wiken fan Denver yn ferbân. Yn augustus 2010, doe't de fersmoarging de foltôging fan in rûnwei om Denver hinne drige tsjin te kearen, spile dit probleem noch altiten.

Yn 1970 waard Denver troch it Ynternasjonaal Olympysk Komitee (YOK) útkeazen om 'e Olympyske Winterspullen fan 1976 te organisearjen. Dat soe dan moai gearfalle mei de hûndertste fiering fan it tatreden fan Kolorado ta de Uny. Yn novimber 1972, lykwols, blokkearren de Koloradyske kiezers yn in referindum de tawizing fan belestingjild om 'e Spullen te finansierjen. Dêrop waarden de Winterspullen fan 1976 ferpleatst nei it Eastenrykske Innsbruck. Oan 'e dei fan hjoed ta is Denver de iennichste stêd op 'e wrâld dy't it gasthearskip fan 'e Olympyske Spullen ôfwiisd hat nei't it al troch it YOK takend wie.

Eveneminten[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

It Steatskapitoal fan Kolorado.
It Coors Field-honkbalstadion.

Elts jier yn novimber wurdt yn Denver it Filmfestival fan Denver holden.

Susterstêden[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De susterstêden fan Denver, werjûn op folchoarder fan it ûntstean fan 'e stêdebân:

Demografy[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Neffens in offisjele skatting troch it Amerikaanske Folkstellingsburo op grûn fan gegevens fan 'e folkstelling fan 2010 hie Denver yn 2012 in befolking fan 634.265 minsken. De befolkingstichtens bedroech 1.561 minsken de km². Neffens gegevens fan 'e folkstelling fan 2010 wie doe fan 'e befolking fan Denver 11,3% âlder as 65 jier en 22,0% jonger as 18 jier. Fierders bestie 50,1% fan 'e húshâldings út ien persoan, wylst 19,1% fan 'e befolking ûnder de earmoedegrins libbe.

Wat de etnyske opbou fan 'e befolking oangiet, dy wie yn 2010 sa: 52,2% blanken; 31,8% Latino's; 10,2% swarten; 3,4% Aziaten; 1,4% Yndianen; 0,1% Polyneziërs, Melaneziërs en Mikroneziërs; 0,9% oaren of fan mingd etnysk komôf. Under de blanken foarmen de Dútsers de grutste oarsprongsgroep, mei 14,6% fan 'e befolking fan Denver dy't Dútske foarâlden hie. Dêrnei folgen de Ieren mei 9,7%, de Ingelsen mei 8,9% en de Italjanen mei 4,0%. Under de Latino's foarmen de Meksikanen fierwei de grutste groep, mei 24,9% fan 'e befolking. De grutste Aziatyske befolkingsgroep waard foarme troch de Fjetnamezen, mei 0,8% fan 'e befolking. Fan 'e befolking fan Denver hie yn 2010 70,3% it Ingelsk as memmetaal, wylst 23,5% fan hûs út Spaansktalich wie.

Berne yn Denver[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Utsjoch oer Denver.
Utsjoch oer Denver yn 1898.

Stoarn yn Denver[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Klimaat[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Denver leit yn in steppeklimaatsône (BSk yn 'e klimaatklassifisearring fan Köppen). It hat fjouwer dúdlik ûnderskate jiertiden en in tuskenbeiden delslach troch it hiele jier, dy't lykwols yn totaal mar 363,2 mm jiers opsmyt. Winterdeis falt de delslach almeast yn 'e foarm fan snie, mei in jierliks gemiddelde fan 136 sm, ferdield oer de hiele winter. Yn july, de waarmste moanne, is de trochsneed temperatuer oerdeis 31,9 °C, en yn desimber, de kâldste moanne, is dat 6,0 °C (en nachts –8,3 °C). Rekôrtemperatueren wiene 41 °C op sawol 25 as 26 juny 2012, en –34 °C op 9 jannewaris 1875.

Keppelings om utens[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.