Springe nei ynhâld

Ulaanbaatar

Ut Wikipedy
Ulaanbaatar
Polityk
Lân Mongoalië
Sifers
Ynwennertal 1.148.911( (2009)
Oerflak 4.704,4 km²
Befolkingsticht. 235 km²
Hichte 1350 m
Oar
Tiidsône H (UTC+8)
Koördinaten
Offisjele webside
www.ulaanbaatar.mn
Ulaanbaatar view from Zaisan hill

Ulaanbaatar (Mongoalsk: Улаанбаатар), ek bekend ûnder de Russyske namme Oelan-Bator (Russysk: Улан-Батор), is de haadstêd fan Mongoalië.

Lizzing yn Mongoalje

De stêd leit op in hichte fan 1350 meter boppe de seespegel yn de delling fan de Tuul, in sydrivier fan de Selenga.

Trochsneed temperatuer en delslach yn Ulaanbaatar

Ulaanbaatar is mei in trochsneed jiertemperatuer fan -1.3 °C de meast kâlde haadstêd fan de wrâld. Winterdeis kin it kwik sakje oant -40 °C wylst it simmers wol +35 °C wurde kin. It gebiet hat in steppeklimaat mei net folle delslach dêr't it measte fan yn de simmer komt.

Yn 1639 waard Ulaanbaatar stifte ûnder de namme Örgöö (Urga) as in ferpleatsber (nomadysk) Boedistysk kleastersintrum, 250 kilometer fan de stêd fan no ôf. De delsetting is yn de rin fan de tiid goed 25 kear fan plak feroare. Sûnt 1778 leit it op it plak fan no. De stêd is ûntstien út in rige joert-delsettingen en der waard earst yn de jierren tweintich fan de 20e iuw yn stien boud; doe ferskynden de earste huzen oan de Leane fan de Frede. Dat barde op in stuit dat Mongoalië ûnder Sovjetynfloed stie en dat is te sjen oan de arsjitektuer: dy is funksjonalistysk, mei in soad beton en flatgebouwen. Sintraal yn Ulaanbaatar leit it Sükhbaatarplein, mei rûnom de meast belangrike kultuerele en maatskiplike gebouwen. Sûnt de ûnôfhinklikens fan Mongoalje (1912) hawwe in protte Koreanen har yn Ulaanbaatar nei wenjen set.

Strjitte yn Ulaanbaatar

Ulaanbaatar is it meast wichtige knooppunt op it trans-Mongoalysk spoar, dy't it Trans-Siberysk spoar mei it Sineesk spoar ferbynt. Der binne direkte ferbiningen mei ûnder oaren Moskou en Peking.

Chinggis Khaan International Airport is de grutste lofthaven fan Mongoalië.

Yn de stêd wurdt it iepenbier ferfier ûnderhâlden mei trolleybussen en gewoane bussen, meast fan Sovjet, Japanske of Koreaanske makkelei. Fierders binne der minibussen en taksy's.

Mongoalsk wrakseljen

It Naadam-festival lûkt elk jier in protte minsken út alle parten fan Mongoalië en ek toeristen út de hiele wrâld wei. It festival duorret fan 11 oant en mei 13 july. Op it festival wurde ferskate tradisjonele Mongoalske sporten beoefene, sa as Mongoalsk wrakseljen, bôgesjitten en hynsteraces. It festival foarmet de wichtichste fakânsje fan it jier yn Mongoalië.

It steats-operateater Teater Nasjonale Galery
Ien fan poarten fan it Winterpaleis

De Nasjonale Universiteit fan Mongoalië is festige yn Ulaanbaatar en hat sa'n 12.000 studinten. De universiteit waard stifte op 5 oktober 1942 en is de âldste fan it lân.

It Gorkhi-Terelj Nasjonaal Park leit op 70 kilometer fan Ulaanbaatar.