Springe nei ynhâld

Tuul

Ut Wikipedy
Streamgebiet fan de Selenge, mei de Tuul
De Tuul.
De Tuul trochrint troch de stêd Ulaanbaatar.

De Tuul (Mongoalsk: Туул гол; guon âlde boarnen jouwe Tola) is in rivier yn Mongoalje. De rivier fan 808 km hat in streamgebiet fan 49.840 km².

De Tuul ûntspringt yn it Gorki-Terelj Nasjonaal Park en streamt troch it súdpart fan de haadstêd Ulaanbaatar. It is in sydrivier fan de Orhon, dy't útmûnet yn de Selenga en letter yn de Baikalmar. De rivier is beferzen fan healwei novimber oant healwei maaie.

Troch smoarch ôffalwetter út Ulaanbaatar en oare plakken en it winnen fan goud rint de wetterkwaliteit fan de benedenrin tebek, foaral troch mineralisaasje en sedimintaasje. Der komme bedrige steureftigen yn de rivier foar.