Cassidy Banks

Ut Wikipedy
Cassidy Banks
persoan yn de seksyndustry
persoanlike bysûnderheden
oare artyste-
       nammen
Cassidy Ellis
echte namme Shea Mary Sergio
nasjonaliteit Amerikaansk
berne 17 augustus 1993
berteplak Denver (Kolorado)
etnisiteit Portorikaansk
wurkpaad
wurksum as neakenmodel, stripper,
pornoaktrise
jierren aktyf 2014 – no
offisjele webside
gjint

Cassidy Banks, echte namme: Shea Mary Sergio (Denver (Kolorado), 17 augustus 1993), is in Amerikaansk neakenmodel, stripper en pornografysk aktrise fan etnysk Portorikaansk komôf, dy't yn it ferline ek wol wurke hat ûnder de skûlnamme Cassidy Ellis. Hja sette yn 2014 útein mei in wurkpaad yn 'e Amerikaanske pornoyndustry en spile sûnt yn frijwat films.

Libben en karriêre[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Banks waard yn 1993 berne yn Denver, yn 'e Amerikaanske steat Kolorado. Yn 2014, doe't se 21 jier wie, makke se har debút as aktrise yn in pornografyske film. Neffens de Internet Adult Film Database (IAFD) hie se begjin 2016 yn krapoan sechstich pornofilms spile, û.m. foar sokke foaroansteande labels as Wicked Pictures, Elegant Angel, New Sensations, Digital Playground, Hustler Video, Evil Angel, Digital Sin en Jules Jordan Video.

Fierders hat se ek wol yn 't spier west fan minder bekende fideo's lykas Girlfriends Films, Mile High Media, Third Degree Films en Pure Play Media. Noch mear hat Banks lykwols wurke foar pornowebsiden op it ynternet, wêrûnder BangBros, Reality Kings, Brazzers en Naughty America. Njonken har aktearwurk is Banks ek aktyf as neakenmodel, wêrby't se posearre hat foar ferskate Amerikaanske neakenblêden, wylst se fierders ek as stripper wurke hat.

Lichemsskaaimerken[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Cassidy Banks is blank, mei griene eagen en brún hier. Neffens har offisjele opjefte is se 1.70 m lang, mei in gewicht fan 55 kg, en in natuerlike grutte kupmaat 38DD. Hja hat gjin piercings behalven troch har earlellen, mar wol ferskate tatoeaazjes: in hertsje tusken de tomme en de wiisfinger op har lofterhân; in floral oan 'e lofterkant fan har ûnderbúk; in tekst oer har lofterside; en in blom op 'e binnenkant fan har lofterûnderearm.

Keppelings om utens[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes: