Alana Summers

Ut Wikipedy
Alana Summers
persoan yn de seksyndustry
persoanlike bysûnderheden
echte namme ûnbekend
nasjonaliteit Amerikaansk
berne 18 augustus 1996
berteplak Denver (Kolorado)
etnisiteit Angelsaksysk Amerikaansk
wurkpaad
wurksum as neakenmodel, pornoaktrise
jierren aktyf 2016 – no
offisjele webside
Alana Summers op Twitter

Alana Summers, echte namme ûnbekend (Denver, 18 augustus 1996), is in Amerikaansk neakenmodel en pornografysk aktrise. Hja sette yn 2016 útein mei in wurkpaad yn 'e Amerikaanske pornoyndustry en spile sûnt yn in stikmannich films.

Libben en karriêre[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Summers waard yn 1996 berne yn Denver, yn 'e Amerikaanske steat Kolorado. Yn 2016, doe't se 20 jier wie, makke se har debút yn in pornografyske film. Neffens de Internet Adult Film Database (IAFD) hie Summers anno 2018 yn mear in tweintichtal pornofilms spile, û.m. foar sokke foaroansteande labels as Evil Angel, Devil's Film, Hustler Video en Diabolic Video.

Fierders hat Summers ek wol wurke foar minder bekende studio's, lykas Girlfriends Films en Pure Play Media. En teffens hat se in protte yn 't spier west foar pornowebsiden op it ynternet, benammen foar Reality Kings. Under har karriêre hat Summers gearwurke mei kollega-aktrises as Marie McCray en mei manlike tsjinspilers as Mike Adriano, Xander Corvus en Alex Davis.

Lichemsskaaimerken[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Alana Summers is blank, mei brune eagen en blûn hier. Neffens har offisjele opjefte is se 1.52 m lang, mei in gewicht fan 43 kg, en in natuerlike kupmaat 34B. Behalven de wenstige piercings troch har earlellen hat se ek in tongpiercing en piercings troch har beide spiennen. Fierders hat se ferskate tatoeaazjes: ien lofts fan har nâle, teksten boppe har rjochterboarst, boppe har skamstreek en op har lofterside , de tekst "KASON" op har lofterskouderblêd en in floral mei tekst op har lofterboppe-earm.

Keppelings om utens[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes: