Skamte (anatomy)

Ut Wikipedy
(Trochferwiisd fan Skamstreek)
De manlike skamte bedutsen mei in ûnderbroek.

De skamte, yn 'e Fryske sprektaal ornaris oantsjut mei de hollanistyske ynterferinsje skamstreek, is it diel fan it minsklik lichem dêr't de ljisken en de geslachtsdielen sitte. It wurdt ek wol it krús neamd, om't op dat plak de skonken en de romp gearkomme. De begrinzging fan 'e skamte leit tusken de ûnderkant fan 'e búk en it begjin fan 'e billen, oan 'e foarside fan it lichem. De stuten, oan 'e efterkant fan it lichem, wurde net ta de skamte rekkene.

De oantsjutting "skamte" is foar 't neist ûntstien troch it bibelske ferhaal út Genesis 1, dêr't yn ferhelle wurdt hoe't Adam en Eva har nei it iten fan in ferbeane frucht begûnen te skamjen foar harren neakenens. Yn 'e minsklike skiednis is it útsicht op 'e skamte stadichoan fierder útband, fral nei't godstsjinsten as it kristendom en de islaam seks as eat negatyfs begûnen te beskôgjen. Tsjintwurdich wurdt yn 'e regel in kombinaasje fan boppeklean en ûnderguod brûkt om 'e skamte te bedekken.

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch op dizze side.