Ljisk

Ut Wikipedy

De ljisk is in diel fan 'e minsklike anatomy op it plak de boppeste útein fan 'e skonk oergiet yn 'e skamstreek. Om't men oer twa skonken beskikt, hat men ek twa ljisken. It eigenskipswurd dêr't de medyske wittenskip de ljisken mei oantsjut, is iguïnaal (dus in krupsje oan 'e ljisken is in "iguïnale oandwaning"). De ljisken binne in frij gefoelich plak fan it minsklik lichem. Underhûds sitte by de ljisken lymfeklieren, dy't in rol spylje by it ôfwarsysteem. By beskate sykten kinne dy klieren opswold reitsje. Soms ûntstiet der in iepening yn it bynweefsel fan 'e ljisk, dêr't dielen fan it yngewant (lykas de tinne term) troch nei bûten puolje, sadat der in soarte fan ûnderhûdske pûde ûntstiet. Soks hjit in ljiskbrek (iguïnale hernia) en kin in protte pine feroarsaakje as de útpuolle lichemsdielen yn 'e knipe komme. Oer de ljiskbân hinne rint it ljiskkanaal. Dat liedt by manlju de siedlieder en by froulju de rûne limoerbân troch de fernauwing fan 'e ljisk. Under de ljiskbân troch rinne spieren, bloedfetten, lymfefetten en senuwen dy't de skonk mei de romp ferbine.

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.