Aksum

Ut Wikipedy
Dit artikel is in stobbe oer skiednis.
Jo wurde útnûge en foegje jo witten hjir ta.
Aksum
አክሱም, Akhsum
Polityk
Lân Etioopje
Regio Tigray
Sône Mehakelegnaw
Sifers
Ynwennertal 56.500↑ (2010)
Hichte 2.131 m
Oar
Tiidsône (UTC+)
Simmertiid (UTC)
Nijbou yn Aksum

Aksum, Aksoem of Axum (Tigrinja: አክሱም, Akhsum) is in stêd yn it fierste noarden fan Etioopje, yn de sône Mehakelegnaw fan de regio Tigray, net sa fier fan de grins mei Eritrea. De stêd wie eartiids it middelpunt fan it keninkryk fan Aksum, in see- en hannelsmacht, dy't de krite behearske fan sa'n 400 f.Kr. oant yn de 10e iuw. Guon gelearden identifisearje it keninkryk mei it 'Abyssynje', 'Etioopje' en 'Yndia' út midsiuwske beskriuwings.

Aksum stiet sûnt 1980 op de wrâlderfgoedlist fan UNESCO.

Wichtige bouwurken binne in tsjerke dêr't de bûnsarke stean soe, in fjild mei obelisken en de paleizen fan Kaleb en de Keninginne fan Sheba. Benoarden Aksum leit it (faaks 6e iuwske) kleaster Debre Damo. Aksum hat sûnt 2006 in universiteit.

Stêdebannen[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Literatuer[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

  • Francis Anfray. Les anciens ethiopiens. Parys: Armand Colin, 1991.
  • Yuri M. Kobishchanov. Axum (Joseph W. Michels, redaksje; Lorraine T. Kapitanoff, oersetter). University Park, Pennsylvania: University of Pennsylvania, 1979. ISBN 0-271-00531-9
  • David W. Phillipson. Ancient Ethiopia. Aksum: Its antecedents and successors. Londen: The British Brisith Museum, 1998.
  • David W. Phillipson. Archaeology at Aksum, Ethiopia, 1993–7. Londen: British Institute in Eastern Africa, 2000. ISBN 1-872566-13-8
  • Stuart Munro-Hay. Aksum: An African Civilization of Late Antiquity. Edinboarch: University Press. 1991. ISBN 0-7486-0106-6 online edition
  • Stuart Munro-Hay. Excavations at Aksum: An account of research at the ancient Ethiopian capital directed in 1972-74 by the late Dr Nevill Chittick Londen: British Institute in Eastern Africa, 1989 ISBN 0-500-97008-4
  • Sergew Hable Sellassie. Ancient and Medieval Ethiopian History to 1270 Addis Ababa: United Printers, 1972.
  • African Zion, the Sacred Art of Ethiopia. New Haven: Yale University Press, 1993.

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes: