Springe nei ynhâld

Stewardess

Ut Wikipedy
In stewardess ynformearret de passazjiers.

In stewardess (froulik) of steward (manlik) is immen dy't yn in passazjiersfleantúch foar de feilichheid en de fersoarging fan de passazjiers soarget. Stewards en stewardessen yn in fleantúch wurde rekkene ta it kabinepersoniel. De liedingjaande fan it kabinepersoniel is de (senior) purser. Ek dat kin in man of frou wêze. In steward(ess) is benammen foar de feilichheid oan board. Dêrneist soarget hy/sy derfoar dat de passazjiers in noflike flecht hawwe.

Der besteane ek grûnstewards en grûnstewardessen dy't op de lofthaven wurkje.

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.