Bikiny

Ut Wikipedy
Jump to navigation Jump to search
Fiif fammen yn bikiny.

In bikiny is in út twa dielen bestean stik baaiklean foar froulju, mei in topke dat de boarsten bedekt en in broekje foar om 't gat, wêrfan't de seame ûnder de hichte fan 'e nâle bliuwt.

Skiednis[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De bikiny waard yn 1946 útfûn troch de Frânske yngenieur Louis Réard, dy't it stik klean neamde nei it atol Bikini, yn 'e Marshalleilannen, dat doedestiden yn 'e bekendheid kommen wie troch de proeven mei atoombommen dy't de Feriene Steaten dêrsanne útfierden. Datselde jiers betocht de Frânske moadeûntwerper Jacques Heim in selde soarte stik baaiklean. Fanwegen it kontroversjele ûntwerp, dat net folle om it liif hie, duorre it lang ear't de bikiny yn 'e moade kaam. Krektoarsom, yn in soad lannen waard in ferbod ynsteld op it dragen fan dit stik baaiklean oan it strân en op oare iepenbiere plakken. It Fatikaan liet sels in ferklearring publisearje dat it sûndich wie om soks te dragen.

De op 'e bikiny basearre sportklean foar froulju yn 'e atletyk.

Hoewol't it doe noch altyd as tige weage beskôge waard, krong de bikiny yn 'e twadde helte fan 'e fyftiger jierren en de earste helte fan 'e sechstiger jierren lykwols dochs troch yn 'e Westerske kultuer, benammen as gefolch fan it feit dat filmstjerren as Brigitte Bardot, Raquel Welch en Ursula Andress dit stik klean op it wite doek droegen. Pas fan 'e midden fan 'e jierren sechstich ôf waard it dragen fan bikinys oan it strân, yn it swimbad en op soartgelikense plakken yn 'e measte Westerske lannen normaal. Tsjin 'e ein fan 'e tweintichste iuw wie it ek gewoan wurden dat op 'e bikiny basearre sportklean troch froulju droegen waarden by sporten as strânfollybal en atletyk.

Foarm[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

In bikiny bestiet út twa dielen: in op in beha lykjend boppestikje of topke, en in ûnderstikje of broekje. Beide dielen fan ien bikiny hawwe yn 'e regel deselde kleur of itselde, faak tige kleurige, motyf. It topke bestiet faak út twa trijehoekjes fan stof dy't oer de boarsten hinne komme, en mei-inoar ferbûn wurde troch twa fitereftige toutsjes, wêrfan't ien om 'e nekke droegen wurdt, wylst de oare op 'e rêch fêstknope wurde moat. De beide trijhoekjes kinne dan ferskood wurde oant se goed oer de boarsten hinne sitte. By it sinnebaaien op it strân of earne oars dogge froulju trouwens gauris it topke ôf, om op it boppelichem in effen brune kleur te krijen. Wa't in bikiny sûnder topke draacht, hjit topless te wêzen.

Froulju yn bikiny op it strân.

It broekje is tsjintwurdich faak ien stoffen trijehoekje dat de skamstreek bedekt, mei smelle stoffene bannen oer de heupen en it middelste part fan 'e stuten. Foarhinne waard sawol foar it topke as foar it broekje mear stof brûkt, mar sokke ûntwerpen wurde tsjintwurdich ornaris as âlderwetsk beskôge. Ynstee bestiet der in oanhâldende trend wêrby't bikinys hieltyd lytser en de draachsters almar bleater wurde.

By de stringbikiny binne de bannen oer de heupen ferfongen troch toutsjes dy't sels fêstknope wurde moatte. Sa'n stringbikiny moat net betize wurde mei in string. Dêrby is de stoffene bân oer de stuten ferfongen troch in soartemint fiter, dy't by it dragen hielendal yn 'e naad ferdwynt. Dat hat wer oanlieding jûn ta it fenomeen anusbleekjen, wêrby't froulju de (ornaris dûnkerder) hûdskleur fan harren anus bleke litte ta de kleur fan 'e rest fan harren lichem, sadat de anus net opfalt by it dragen fan in string.

Ofliedings[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Ofliedings fan 'e namme "bikiny" wurde brûkt foar ferskate oanbesibbe stikken klean, lykas de monokiny (in bikiny sûnder topke); de mikrokiny (in útsûnderlik lytse bikiny); de tankini (in bikinybroekje mei in tank top, in T-shirt mei skouderbantsjes); de skirtini (in bikiny mei in rokje dat oer it broekje hinne droegen wurdt); en de mankini (in swimbroek foar manlju wêrfan't de bannen oer de skouders droegen wurde). Troch de bikiny binne ferskate oare moadeferskynsels foar froulju ûntstien of mooglik wurden, wêrûnder sinnebaaien mei de bedoeling om in brún boppelichem te krijen, en it ûnthierjen fan (in diel fan) 'e skamstreek (om foar te kommen dat it skamhier ûnder it almar lytser wurdende bikinybroekje útkomt).

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.