Atol

Ut Wikipedy
Bora Bora, in atol mei in sintrale fulkaan.
It ûntstean fan in atol.
Kiribaty, it atol mei it grutste oerflak.

In atol is in eilânsoart yn de foarm fan in ring dy’t in lagune folslein of foar in part omklammet.

De measte atollen binne te finen yn de waarmere parten fan de Stille Oseaan (mei konsintraasje yn de omkriten fan de Tuamotu Eilannen, de Karoline Eilannen, de Marshall Eilannen, de Koraalsee Eilannen en de eilannegroepen Kiribaty, Tûvalû en Tokelau) en de Yndyske Oseaan (de atollen fan de Maldiven, de Lakkadive Eilannen, de Chagos Arsjipel en de Outer Eilannen fan de Sesjellen). Yn de Atlantyske Oseaan komme gjin grutte groepen atollen foar, útsein de acht atollen eastlik fan Nikaragûa, dy’t fan Kolombia binne yn de Karibyske See.

Etymology[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

It wurd atol komt fan it Dhivehi, in taal dy’t op de Maldiven praten wurdt. Yn dy taal komt it wurd atolhu foar. It wurd waard foar it earst yn it Ingelsk brûkt yn 1625 as atollon. Letter waard de term ferspraat troch Charles Darwin, dy’t atollen beskreau as it lêste stadium yn de ûntwikkeling fan in eilân yn in oseaan.

Untstean[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Charles Darwin, wrâldferneamd om syn evolúsjeteory, wie de earste persoan dy’t úttocht hoe’t atollen ûntsteane. Hy dy’t syn befiningen nei syn reis oan board fan de HMS Beagle (1831-1836)opskreau. Syn omskriuwing wurdt noch hieltyd algemien akseptearre. Syn teory seit dat ferskate soarten fan tropyske eilannen - fan heech fulkanysk eilân nei eilân mei in barriêrerif oant atol – in sekwinsje foarmje fan trepsgewize boaiemfersakkings fan in fulkaan yn see. Hy betocht dat in koraalrif om in fulkanysk eilân heger wurde sil neigeraden dat it eilân fierder fuort sakket (of de seespegel stiget) en úteinlik liede sil ta in eilân mei in barriêrerif. It omfiemjende rif wurdt in barriêrerif omdat de úterste parten derfan oant krekt ûnder it seenivo stekken bliuwe troch it oanwaaksen fan libbene koralen, wylst de nei de binnen lizzende parten efterbliuwe omdat de groei-omstannichheden dêr minder binne. Nei't dy fuortsakking eroazje of seespegelstiging de fulkaan ûnder wetter ferdwine litten hat bliuwt it barriêrerif bestean. No is der in atol ûntstien. Omdat atollen ûntsteane út koraal, kinne se allinne foarkomme yn tropyske oseanen. Fulkanyske eilannen dy’t bûten de geskikte temperatuersônes lizze wurde ûnderseeske bergen neigeraden se fuort erodearre wurde.

Ferhege atollen[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Troch letter ûntwikkelingen, as bygelyks de wurking fan de ierdkoarste of it sakjen fan de seespegel, kin it barre dat in atol him ferheft en de fan de koraalring omfieme lagune wer drûch komt te lizzen. Dan wurdt der sprutsen fan in “ferhege atol”. Foarbylden hjirfan binne Naurû, Niue en Henderson Eilân.

Klimaatferoarings[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De bewenners fan atollen wurde op grûn fan de stiging fan de seespegel as gefolch fan it opwaarmjen fan de ierde bedrige yn harren fuortbestean. Troch it gat yn de oasonlaach en de tanimmende UV-strielen dêrtroch wurdt nei alle gedachten it koraal fersteurt yn syn waaksdom. De grutter wurden CO2-konsintraasje yn de atmosfear komt dêr ek noch boppe op, omdat CO2 it oerflaktewetter fan fersuorret.. De koalstofdiokside lost op yn it seewetter troch wetterstofkarbonaat te foarmjen, dat wer kalk oantaastet, wat net goed is foar de stabiliteit fan it rif.

Literatuer[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

  • Darwin, C. (1842). The structure and distribution of coral reefs - being the first part of the voyage of the Beagle under the command of Capt. Vitzroy R.N. during the years 1832 to 1834. Smith, Elder and Co.: London.
  • Dobbs, David (2005). Reef Madness : Charles Darwin, Alexander Agassiz, and the Meaning of Coral. Pantheon. ISBN 0-375-42161-0
  • Fairbridge, R. W. (1950). Recent and Pleistocene coral reefs of Australia. J. Geol., 58(4): 330–401.
  • McNeil, F. S. (1954). Organic reefs and banks and associated detrital sediments. Amer. J. Sci., 252(7): 385–401.