Springe nei ynhâld

Seysjellen

Ut Wikipedy
Repiblik Sesel
République des Seychelles
Flagge fan Seysjellen Wapen fan Seysjellen
Flagge Wapen
Lokaasje fan Seysjellen
Offisjele taal Frânsk, Ingelsk, Seysjelsk-Kreoalsk
Haadstêd Victoria
Steatsfoarm Republyk
Gebiet
% wetter
455 km²
-­%
Ynwenners (2004) 82,475
Munt Seysjelske rûpy (SCR)
Tiidsône UTC +4
Nasjonale feestdei 18 juny
Lânkoade SCR
Ynternet .sc
Tillefoan 248

De Seysjellen binne in lân en in arsjipel yn Afrika, noardlik fan Madagaskar yn de Yndyske Oseaan, likernôch 1600 km eastlik fan it Afrikaanske kontinint. De Seysjellen besteane út sirka 115 eilannen. Minder as in tredde dêrfan is bewenne. Fan de 82,475 ynwenners wenje sa'n 90% op it haadeilân Mahé. Mahé is 27 kilometer lang en tusken de 3 en 8 kilometer breed. De haadstêd Victoria leit ek op it eilân.