Raquel Welch
Raquel Welch (Chicago, 5 septimber 1940 — Los Angeles, 15 febrewaris 2023) wie in Amerikaansk aktrise.
Karriêre
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Yn 1959 krige Welch de haadrol yn it iepenloftspul Ramona Pageant, basearre op de roman Ramona fan Helen Hunt Jackson.
Sy waard waarfrou by in pleatslik telefyzjestasjon yn San Diego. Doe hat hja ek besletten om mei har stúdzje op te hâlden. Nei't har earste houlik mislearre wie ferfarde hja mei har twa bern nei Dallas, Teksas. Dêr waard se model foar it warehûs Neiman Marcus en wurke se as servearster mei it doel troch te reizgjen nei New York.
Ynstee gie sy nei Los Angeles, Kalifornje dêr't hja in soad audysjes die by de filmstudio's. Nei in stikmannich byrollen yn films en telefyzjeshows krige hja in rol yn A Swingin' Summer. Dy rol smiet in kontrakt op by 20th Century Fox dy't har in rol joech yn de film Fantastic Voyage. Dêrtroch rekke sy bekend by it grutte publyk.
Welch har meast kontroversjele rol hie hja yn de slim ferneamde film Myra Breckinridge mei Mae West. Hja spilet dêryn in transseksuele heldinne. It wie har besykjen om serieus nomd te wurden as aktrise, mar de film wie in mislearring.
Hoewol't Raquel Welch nea yn grutte súksesfolle films spile hat waard hja yn de jierren 60 en 70 wol ien fan de bekendste sekssymboalen. Playboy neamde har de meast begeare frou fan de 70er jierren. Yn dy perioade oant yn de jierren 90 hat sy út en troch rollen foar telefyzje hân.
Priveelibben
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Welch hat troud west mei:
- James Welch (1959–1964), publisist en agint; skieden
- Patrick Curtis (1967–1972), regisseur en produsint; skieden
- Andre Weinfeld (1980–1990); skieden
- Richard Palmer (1999), fan wa't hja op 't heden (2009) ek wer skieden is.
Prizen
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Yn 1974, wûn Welch in Golden Globe foar Best Motion Picture Actress in a Musical or Comedy mei The Three Musketeers (1973). Sy waard ek neamd foar in Golden Globe foar har rol yn it TV drama Right to Die (1987). Sy hat in stjer op de Hollywood Walk of Fame.
Filmografy
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- A House Is Not a Home (1964)
- Roustabout (1964)
- A Swingin' Summer (1965)
- Do Not Disturb (1965)
- The Queens (1966)
- Fantastic Voyage (1966)
- One Million Years B.C. (1966)
- Shoot Loud, Louder... I Don't Understand (1966)
- The Oldest Profession (1967)
- Fathom (1967)
- Bedazzled (1967)
- Bandolero! (1968)
- The Biggest Bundle of Them All (1968)
- Lady in Cement (1968)
- 100 Rifles (1969)
- Flareup (1969)
- The Magic Christian (1969)
- The Beloved (1970)
- Myra Breckinridge (1970)
- Hannie Caulder (1971)
- Bluebeard (1972)
- Fuzz (1972)
- Kansas City Bomber (1972)
- The Last of Sheila (1973)
- The Three Musketeers (1973)
- The Four Musketeers (1974)
- The Wild Party (1975)
- Mother, Jugs & Speed (1976)
- Crossed Swords, (1977)
- The Animal (1977)
- Naked Gun 33⅓: The Final Insult (1994) (Kameo)
- Chairman of the Board (1998)
- What I Did for Love (1998)
- Get Bruce (1999) (documentary)
- Tortilla Soup (2001)
- Legally Blonde (2001)
- Forget About It (2006)
Telefyzje
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- The Hollywood Palace (1964)
- Raquel! (1970)
- The Legend of Walks Far Woman (1982)
- Right to Die (1987)
- Scandal in a Small Town (1988)
- Trouble in Paradise (1989)
- Tainted Blood (1993)
- Torch Song (1993)
- Hollyrock-a-Bye Baby (1994) (stim)
- Central Park West (1995) (pilot)
- Central Park West (1996)
- American Family (2002-2004)
- Seinfeld-rige "The Summer Of George" (1997)