Eare-Oscar

Ut Wikipedy
Eare-Oscar
Academy Honorary Award
algemiene ynformaasje
nasjonaliteit Flag of the United States.svg Amerikaansk
útrikt foar ● in bûtengewoan oeuvre
● bûtengewoane bydragen oan 'e
    filmkeunst
● treflike tsjinsten oan 'e AMPAS
útrikt troch Academy of Motion Pictures
Arts and Sciences
(AMPAS)
frekwinsje 1 of mear x jiers
datum oktober / novimber
plak Hollywood (Los Angeles)
ynsteld 1929 (Spesjale Oscar)
1e útrikking 1929 (Spesjale Oscar)
offisjele webside
oscars.org

De Eare-Oscar (Ingelsk: Honorary Oscar, mar formeel eins Academy Honorary Award) is in Amerikaanske priis op it mêd fan 'e filmkeunst dy't elts jier ein oktober of (faker) begjin novimber oan ien of mear persoanen of organisaasjes útrikt wurdt, foar it meastepart by wize fan oeuvrepriis. It is ien fan 'e Oscars of Academy Awards, dy't útrikt wurde troch de Academy of Motion Pictures Arts and Sciences (AMPAS) yn Hollywood, de wyk fan Los Angeles dêr't de Amerikaanske filmyndustry konsintrearre is.

Kritearia[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De Eare-Oscar wurdt útrikt foar ien of mear fan 'e folgjende kritearia:

Winners binne tsjintwurdich oer it algemien persoanen, mar yn it ferline waard dizze priis ek geregeldwei útrikt oan in organisaasje of foar in film.

Skiednis[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De Eare-Oscar ûntstie as de Spesjale Oscar (Academy Special Award), dy't yn 1929 op 'e earste útrikkingsseremoanje fan 'e Oscars al ferjûn waard. De priis waard fan it begjin ôf oan útrikt troch de bestjoersried (Board of Governors) fan 'e Academy of Motion Pictures Arts and Sciences (AMPAS) foar bûtengewoane fertsjinsten op it mêd fan 'e film dy't bûten de oare Oscar-kategoryen foelen. Dêrta hearden ek bûtenlânske films yn in oare taal as it Ingelsk oant yn 1956 de Oscar foar Bêste Bûtenlânske Film ynsteld waard. De Spesjale Oscar waard yn 1950 (foar de útrikking fan 1951) omneamd ta 'Eare-Oscar' (Academy Honorary Award), en moat net betize wurde mei de yn 1971 (foar de útrikking fan 1972) ynstelde Oscar foar Spesjale Prestaasje (Academy Special Achievement Award). Sûnt 2009 wurdt de Eare-Oscar útrikt as ûnderdiel fan 'e Governors Awards ynstee fan de eigentlike Oscars (Academy Awards).

Winners[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De Oscars wurde útrikt foar films út it hiele foargeande jier. Yn 'e tabel hjirûnder wurdt de offisjele jiertelling fan 'e Oscars oanholden. Mar it jier dat oanjûn stiet is it jier dêr't de priis foar takend waard, en net it jier dêr't de priis yn takend waard. Dus dêr't bgl. stiet "1950", fûn de útrikking fan dy priis plak yn 1951.

jier nasjonaliteit winner omskriuwing winner priis takend foar
Winners fan 'e Spesjale Oscar (1928 – 1950)
1927/1928 Flag of the United States.svg Amerikaansk Warner Bros. filmstudio The Jazz Singer
Flag of the United Kingdom (3-5).svg Britsk Charlie Chaplin akteur, senarioskriuwer, regisseur, produsint The Circus
1928/1929 gjin priis takend
1929/1930 gjin priis takend
1930/1931 gjin priis takend
1931/1932 Flag of the United States.svg Amerikaansk Walt Disney animator, produsint de skepping fan Mickey Mouse
1932/1933 gjin priis takend
1934 Flag of the United States.svg Amerikaansk Shirley Temple aktrise bydragen oan 'e filmkeunst yn 1934
1935 Flag of the United States.svg Amerikaansk D.W. Griffith regisseur, produsint oeuvre
1936 Flag of the United States.svg Amerikaansk W. Howard Greene en Harold Rosson kameraregisseurs kleuresinematografy fan The Garden of Allah
Flag of the United States.svg Amerikaansk The March of Time koarte film revolúsjonêre fernijings yn 'e filmtechnyk
1937 Flag of the United States.svg Amerikaansk Edgar Bergen akteur syn rol fan Charlie McCarthy
Flag of the United States.svg Amerikaansk W. Howard Greene kameraregisseur kleuresinematografy fan A Star Is Born
Flag of the United States.svg Amerikaansk de filmbibleteek fan it Museum of Modern Art filmargyf foar de preservearring fan films fan 1895 ôf
Flag of Canada.svg Kanadeesk Mack Sennett akteur, regisseur, produsint syn bydragen oan 'e komeedzjetechnyk yn films
1938 Flag of the United States.svg Amerikaansk J. Arthur Ball direkteur Technicolor syn bydragen oan it mooglik meitsjen fan kleurefilm
Flag of the United States.svg Amerikaansk Walt Disney animator, produsint Snow White and the Seven Dwarfs
Flag of Canada.svg Kanadeesk
Flag of the United States.svg Amerikaansk
Deanna Durbin en
Mickey Rooney
akteurs harren prestaasjes as berne-akteurs
ferskaat Gordon Jennings, Jan Domela,
Devereaux Jennings, Irmin Roberts, Art Smith,
Farciot Edouart, Loyal Griggs, Loren L. Ryder,
Harry D. Mills, Louis Mesenkop, Walter Oberst
special effects-technisy byld- en lûdseffekten yn Spawn of the North
Flag of the United States.svg Amerikaansk Oliver T. Marsh en Allen Davey kameraregisseurs kleuresinematografy fan Sweethearts
Flag of the United States.svg Amerikaansk Harry Warner produsint de produksje fan syn koarte films oer de Amerikaanske skiednis
1939 Flag of the United States.svg Amerikaansk Douglas Fairbanks akteur, regisseur, produsint oeuvre
Flag of the United States.svg Amerikaansk Judy Garland aktrise, dûnseresse, sjongster bydragen oan 'e filmkeunst yn 1939
Flag of the United States.svg Amerikaansk William Cameron Menzies produksje-ûntwerper, regisseur treflik gebrûk fan kleur yn Gone with the Wind
Flag of the United States.svg Amerikaansk Motion Picture Relief Fund goed doel tsjinsten oan 'e filmyndustry yn 1939
Flag of the United States.svg Amerikaansk Technicolor USA bedriuw bydragen oan it ûntwikkeljen fan 'e kleurefilm
1940 Flag of the United States.svg Amerikaansk Bob Hope komyk, akteur tsjinsten oan 'e filmyndustry
Flag of the United States.svg Amerikaansk Nathan Levinson lûdstechnikus treflike tsjinsten oan 'e filmyndustry en it Amerikaanske Leger
de ôfrûne 9 jier
1941 Flag of the United States.svg Amerikaansk Walt Disney, William Garity,
John N.A. Hawkins, RCA Manufacturing Company
filmmakkers en elektroanikabedriuw nije ûntwikkelings op it mêd fan lûd yn films troch de produksje
fan Fantasia
Flag of the United Kingdom (3-5).svg Britsk Leopold Stokowski en meiwurkers dirigint foar it kreëarjen fan in nije foarm fan fisualisearre muzyk yn Fantasia
Flag of the United States.svg Amerikaansk Rey Scott kameraregisseur de dokumintêre Kukan (oer de Twadde Sineesk-Japanske Oarloch),
opnommen ûnder de dreechste omstannichheden
Flag of the United Kingdom (3-5).svg Britsk Britsk Ministearje fan Ynformaasje oerheidsynstelling de dokumintêre Target for Tonight, oer de Slach om Ingelân
1942 Flag of France.svg Frânsk Charles Boyer akteur oprjochting fan 'e French Research Foundation yn Los Angeles
Flag of the United Kingdom (3-5).svg Britsk Noël Coward regisseur, akteur, filmkomponist produksje fan In Which We Serve
Flag of the United States.svg Amerikaansk Metro-Goldwyn-Mayer filmstudio produksje fan 'e Andy Hardy-filmsearje
1943 Flag of Hungary.svg Hongaarsk George Pal animator, regisseur, produsint ynnovaasje yn 'e rige koarte films Puppetoons
1944 Flag of the United States.svg Amerikaansk Bob Hope komyk, akteur tsjinsten oan 'e AMPAS
Flag of the United States.svg Amerikaansk Margaret O'Brien aktrise bêste berne-aktrise fan 1944
1945 Flag of the United States.svg Amerikaansk Daniel J. Bloomberg en de lûdsôfdieling
fan Republic Studio
lûdstechnikus de bou fan in treflik auditoarium foar it opnimmen fan filmmuzyk
Flag of the United States.svg Amerikaansk Peggy Ann Garner aktrise bêste berne-aktrise fan 1945
Flag of the United States.svg Amerikaansk The House I Live In koarte film it boadskip fan tolerânsje
Flag of the United States.svg Amerikaansk Walter Wanger produsint seisjierrich foarsitterskip fan 'e AMPAS
1946 Flag of the United States.svg Amerikaansk Claude Jarman jr. akteur bêste berne-akteur fan 1946
Flag of Germany.svg Dútsk Ernst Lubitsch regisseur, produsint, akteur oeuvre
Flag of the United Kingdom (3-5).svg Britsk Laurence Olivier akteur, regisseur, produsint produksje fan Henry V
Flag of Canada.svg Kanadeesk Harold Russell akteur foar syn rol yn The Best Years of Our Lives
1947 ferskaat Thomas Armat, William Nicholas Selig,
Albert E. Smith, George Kirke Spoor
filmpioniers oeuvre
Flag of the United States.svg Amerikaansk James Baskett akteur syn rol yn Song of the South
Flag of the United States.svg Amerikaansk Bill and Coo film nije en artistike foarm fan filmkeunst
Flag of Italy.svg Italjaansk Sciuscià (Shoe-Shine) film bêste film yn in frjemde taal
1948 Flag of the United States.svg Amerikaansk Sid Grauman ûndernimmer fertsjinsten oangeande it ferbetterjen fan bioskopen
Flag of France.svg Frânsk Monsieur Vincent film bêste film yn in frjemde taal
Flag of Hungary.svg Hongaarsk Adolph Zukor produsint oeuvre
1949 Flag of the United States.svg Amerikaansk Fred Astaire akteur, dûnser, sjonger syn bydragen oan 'e technyk fan musicals
Flag of the United States.svg Amerikaansk Cecil B. DeMille produsint, regisseur oeuvre
Flag of Denmark.svg  Deensk Jean Hersholt akteur fertsjinsten yn 4 terminen as foarsitter fan 'e AMPAS
Flag of Italy.svg Italjaansk Ladri di Biciclette (The Bicycle Thieves) film bêste film yn in frjemde taal
1950 Flag of the United States.svg Amerikaansk Louis B. Mayer produsint oeuvre
Flag of France.svg Frânsk
Flag of Italy.svg Italjaansk
Au-delà des Grilles (The Walls of Malapaga)
Le Mura di Malapaga
film bêste film yn in frjemde taal
Flag of the United States.svg Amerikaansk George Murphy akteur, dûnser oeuvre
Winners fan 'e Eare-Oscar (1951 – no)
1951 Flag of the United States.svg Amerikaansk Gene Kelly akteur, dûnser, sjonger, regisseur, produsint oeuvre
Flag of Japan.svg Japansk Rashōmon (Rashomon) film bêste film yn in frjemde taal
1952 Flag of the United States.svg Amerikaansk Merian C. Cooper regisseur, produsint oeuvre
Flag of the United States.svg Amerikaansk Bob Hope komyk, akteur oeuvre
Flag of France.svg Frânsk Jeux Interdits (Forbidden Games) film bêste film yn in frjemde taal
Flag of the United States.svg Amerikaansk Harold Lloyd akteur oeuvre
Flag of the United States.svg Amerikaansk George Mitchell kameraregisseur it ûntwerpen fan 'e Mitchell-kamera
Flag of Russia.svg Russysk Joseph M. Schenck produsint oeuvre
1953 Flag of the United States.svg Amerikaansk 20th Century Fox filmstudio yntroduksje fan 'e CinemaScope-technology
Flag of the United States.svg Amerikaansk Bell & Howell Company fabrikant fan filmtechnology bydragen oan 'e filmtechnyk
Flag of the United States.svg Amerikaansk Joseph Breen sinsor gewissefol tapassen fan 'e Motion Picture Production Code
Flag of the United States.svg Amerikaansk Pete Smith produsint fan koarte films Pete Smith Specialties-filmsearje
1954 Flag of Canada.svg Kanadeesk Bausch & Lomb kosmetikabedriuw bydragen (troch fisazjy) oan 'e filmyndustry
Flag of Sweden.svg Sweedsk Greta Garbo aktrise oeuvre
Flag of Japan.svg Japansk Jigokumon (Gate of Hell) film bêste film yn in frjemde taal
Flag of the United States.svg Amerikaansk Danny Kaye akteur, komyk, sjonger oeuvre
Flag of the United States.svg Amerikaansk Kemp Niver argivaris ûntwikkeling fan it renovare-proses, dat de restauraasje fan 'e
papierfilmkolleksje fan 'e Library of Congress mooglik makke
Flag of the United Kingdom (3-5).svg Britsk Jon Whiteley berne-akteur rol yn The Kidnappers
Flag of the United Kingdom (3-5).svg Britsk Vincent Winter berne-akteur rol yn The Kidnappers
1955 Flag of Japan.svg Japansk Miyamoto Musashi (Samurai: The Legend of Musashi) film bêste film yn in frjemde taal
1956 Flag of the United States.svg Amerikaansk Eddie Cantor dûnser, sjonger, akteur, komyk oeuvre
1957 Flag of the United States.svg Amerikaansk Broncho Billy Anderson akteur, regisseur, produsint oeuvre
Flag of the United States.svg Amerikaansk Charles Brackett produsint oeuvre
Flag of the United States.svg Amerikaansk B.B. Kahane produsint oeuvre
ynternasjonaal Society of Motion Picture and Television
Engineers
(SMPTE)
ynternasjonale beropsorganisaasje bydragen oan 'e filmyndustry
1958 Flag of France.svg Frânsk Maurice Chevalier akteur oeuvre
1959 Flag of the United States.svg Amerikaansk Buster Keaton akteur, komyk, regisseur, produsint oeuvre
Flag of the United States.svg Amerikaansk Lee de Forest útfiner syn útfinings dy't de yntroduksje fan 'e lûdsfilm mooglik makken
1960 Flag of the United States.svg Amerikaansk Gary Cooper akteur oeuvre
Flag of the United Kingdom (3-5).svg Britsk Stan Laurel akteur, komyk oeuvre
Flag of the United Kingdom (3-5).svg Britsk Hayley Mills aktrise bêste berne-aktrise fan 1960
1961 Flag of the United States.svg Amerikaansk William L. Hendricks produsint de produksje fan A Force in Readiness oer it Amerikaanske
Marinierskorps
Flag of the United States.svg Amerikaansk Fred L. Metzler produsint syn tsjinsten oan 'e AMPAS
Flag of the United States.svg Amerikaansk Jerome Robbins regisseur, goreograaf oeuvre
1962 gjin priis takend
1963 gjin priis takend
1964 Flag of the United States.svg Amerikaansk William J. Tuttle fisazjist syn wurk yn 7 Faces of Dr. Lao
1965 Flag of the United States.svg Amerikaansk Bob Hope komyk, akteur oeuvre
1966 Flag of the United States.svg Amerikaansk Yakima Canutt akteur, stuntman, regisseur syn karriêre as stuntman en syn ûntwikkeling fan feilichheids-
maatregels foar stuntlju
Flag of the United States.svg Amerikaansk Y. Frank Freeman produsint oeuvre
1967 Flag of the United States.svg Amerikaansk Arthur Freed produsint oeuvre
1968 Flag of the United States.svg Amerikaansk John Chambers fisazjist syn wurk yn Planet of the Apes
Flag of Canada.svg Kanadeesk Onna White dûnseresse, goreografe har wurk yn Oliver!
Flag of the United Kingdom (3-5).svg Britsk Cary Grant akteur oeuvre
1970 Flag of the United States.svg Amerikaansk Lillian Gish aktrise oeuvre
Flag of the United States.svg Amerikaansk Orson Welles akteur, regisseur, produsint oeuvre
1971 Flag of the United Kingdom (3-5).svg Britsk Charlie Chaplin komyk, akteur, regisseur, produsint, senarioskriuwer oeuvre
1972 Flag of the United States.svg Amerikaansk Charles S. Boren produsint oeuvre
Flag of Romania.svg Roemeensk Edward G. Robinson (postúm) akteur oeuvre
1973 Flag of France.svg Frânsk Henri Langlois filmargivaris syn bydragen oan 'e preservearring fan 'e filmkeunst
Flag of the United States.svg Amerikaansk Groucho Marx komyk, akteur, regisseur, produsint oeuvre
1974 Flag of the United States.svg Amerikaansk Howard Hawks regisseur, produsint oeuvre
Flag of France.svg Frânsk Jean Renoir regisseur, akteur, produsint oeuvre
1975 Flag of Canada.svg Kanadeesk Mary Pickford aktrise, produsinte oeuvre
1976 gjin priis takend
1977 Flag of the United States.svg Amerikaansk Margaret Booth filmeditor oeuvre
1978 Flag of the United States.svg Amerikaansk Walter Lantz animator, produsint, regisseur, akteur oeuvre
Flag of the United States.svg Amerikaansk Departemint Film fan it Museum of Modern Art museum bydragen oan it sjen fan films as in keunstfoarm
Flag of the United Kingdom (3-5).svg Britsk Laurence Olivier akteur, regisseur, produsint oeuvre
Flag of the United States.svg Amerikaansk King Vidor regisseur, produsint oeuvre
1979 Flag of the United States.svg Amerikaansk Hal Elias regisseur syn tsjinsten oan 'e AMPAS
Flag of the United Kingdom (3-5).svg Britsk Alec Guinness akteur oeuvre
1980 Flag of the United States.svg Amerikaansk Henry Fonda akteur oeuvre
1981 Flag of the United States.svg Amerikaansk Barbara Stanwyck aktrise oeuvre
1982 Flag of the United States.svg Amerikaansk Mickey Rooney akteur, komyk, produsint oeuvre
1983 Flag of the United States.svg Amerikaansk Hal Roach produsint, regisseur, akteur oeuvre
1984 Flag of the United States.svg Amerikaansk National Endowment for the Arts oerheidsynstânsje 20-jierrich bestean en tawijing oan artistike en kreätive aktiviteiten
Flag of the United States.svg Amerikaansk James Stewart akteur oeuvre
1985 Flag of the United States.svg Amerikaansk Paul Newman akteur, regisseur, produsint oeuvre
Flag of the United States.svg Amerikaansk Alex North filmkomponist oeuvre
1986 Flag of the United States.svg Amerikaansk Ralph Bellamy akteur oeuvre
1987 gjin priis takend
1988 Flag of the United States.svg Amerikaansk Eastman Kodak fabrikant fan filmtechnology bydragen oan 'e filmyndustry en de filmkeunst
Flag of Canada.svg Kanadeesk National Film Board of Canada (NFBC) oerheidsynstânsje 50-jierrich bestean en tawijing oan 'e filmkeunst
1989 Flag of Japan.svg Japansk Akira Kurosawa regisseur oeuvre
1990 Flag of Italy.svg Italjaansk Sophia Loren aktrise oeuvre
Flag of the United States.svg Amerikaansk Myrna Loy aktrise oeuvre
1991 Flag of India.svg Yndiaask Satyajit Ray produsint, regisseur oeuvre
1992 Flag of Italy.svg Italjaansk Federico Fellini regisseur oeuvre
1993 Flag of the United Kingdom (3-5).svg Britsk Deborah Kerr aktrise oeuvre
1994 Flag of Italy.svg Italjaansk Michelangelo Antonioni regisseur oeuvre
1995 Flag of the United States.svg Amerikaansk Kirk Douglas akteur, regisseur, produsint oeuvre
Flag of the United States.svg Amerikaansk Chuck Jones animator oeuvre
1996 Flag of the United States.svg Amerikaansk Michael Kidd goreograaf, dûnser, akteur oeuvre
1997 Flag of the United States.svg Amerikaansk Stanley Donen regisseur, goreograaf oeuvre
1998 Flag of the United States.svg Amerikaansk Elia Kazan regisseur oeuvre
1999 Flag of Poland.svg Poalsk Andrzej Wajda regisseur oeuvre
2000 Flag of the United Kingdom (3-5).svg Britsk Jack Cardiff kameraregisseur, regisseur oeuvre
Flag of the United States.svg Amerikaansk Ernest Lehman senarioskriuwer oeuvre
2001 Flag of the Bahamas.svg Bahamaansk Sidney Poitier akteur, regisseur oeuvre
Flag of the United States.svg Amerikaansk Robert Redford akteur, regisseur, produsint oeuvre
2002 Flag of the United Kingdom (3-5).svg Britsk Peter O'Toole akteur oeuvre
2003 Flag of the United States.svg Amerikaansk Blake Edwards regisseur, produsint, senarioskriuwer oeuvre
2004 Flag of the United States.svg Amerikaansk Sidney Lumet regisseur, produsint, senarioskriuwer oeuvre
2005 Flag of the United States.svg Amerikaansk Robert Altman regisseur, produsint, senarioskriuwer oeuvre
2006 Flag of Italy.svg Italjaansk Ennio Morricone filmkomponist oeuvre
2007 Flag of the United States.svg Amerikaansk Robert F. Boyle regisseur, produksje-ûntwerper oeuvre
2008 gjin priis takend
2009 Flag of the United States.svg Amerikaansk Lauren Bacall aktrise oeuvre
Flag of the United States.svg Amerikaansk Roger Corman regisseur, produsint, akteur oeuvre
Flag of the United States.svg Amerikaansk Gordon Wills kameraregisseur, regisseur oeuvre
2010 Flag of the United Kingdom (3-5).svg Britsk Kevin Brownlow regisseur, dokumintêremakker, filmeditor oeuvre
Flag of France.svg Frânsk Jean-Luc Godard regisseur, senarioskriuwer, filmkritikus oeuvre
Flag of the United States.svg Amerikaansk Eli Wallach akteur oeuvre
2011 Flag of the United States.svg Amerikaansk James Earl Jones akteur oeuvre
Flag of the United States.svg Amerikaansk Dick Smith fisazjist oeuvre
2012 Flag of the United States.svg Amerikaansk Hal Needham stuntman, regisseur, akteur oeuvre
Flag of the United States.svg Amerikaansk D.A. Pennebaker dokumintêremakker oeuvre
Flag of the United States.svg Amerikaansk George Stevens jr. regisseur, produsint oeuvre
2013 Flag of the United Kingdom (3-5).svg Britsk Angela Lansbury aktrise oeuvre
Flag of the United States.svg Amerikaansk Steve Martin akteur, komyk oeuvre
Flag of Italy.svg Italjaansk Piero Tosi kostúmûntwerper oeuvre
2014 Flag of France.svg Frânsk Jean-Claude Carrière senarioskriuwer, akteur oeuvre
Flag of Japan.svg Japansk Hayao Miyazaki animator, regisseur, senarioskriuwer oeuvre
Flag of Ireland.svg Iersk Maureen O'Hara aktrise, sjongster oeuvre
2015 Flag of the United States.svg Amerikaansk Spike Lee regisseur, produsint oeuvre
Flag of the United States.svg Amerikaansk Gena Rowlands aktrise oeuvre
2016 Flag of Hong Kong.svg Hongkongsk Jackie Chan akteur, stuntman, regisseur, produsint oeuvre
Flag of the United Kingdom (3-5).svg Britsk Anne V. Coates filmeditor oeuvre
Flag of the United States.svg Amerikaansk Lynn Stalmaster casting director oeuvre
Flag of the United States.svg Amerikaansk Frederick Wiseman regisseur, produsint oeuvre
2017 Flag of the United States.svg Amerikaansk Charles Burnett regisseur, produsint, kameraregisseur oeuvre
Flag of the United States.svg Amerikaansk Owen Roizman kameraregisseur oeuvre
Flag of Canada.svg Kanadeesk Donald Sutherland akteur oeuvre
Flag of Belgium (civil).svg Belgysk Agnès Varda regisseur oeuvre
2018 Flag of the United States.svg Amerikaansk Marvin Levy marketing- en public relations-man syn tsjinsten oan de filmyndustry
Flag of Argentina.svg Argentynsk Lalo Schifrin filmkomponist oeuvre
Flag of the United States.svg Amerikaansk Cicely Tyson aktrise oeuvre
2019 Flag of the United States.svg Amerikaansk David Lynch regisseur, produsint oeuvre
Flag of the United States.svg Amerikaansk Wes Studi akteur, produsint oeuvre
Flag of Italy.svg Italjaansk Lina Wertmüller senarioskriuwster, regisseur oeuvre
2020 gjin priis takend
2021 Flag of the United States.svg Amerikaansk Samuel L. Jackson akteur oeuvre
Flag of the United States.svg Amerikaansk Elaine May regisseur, senarioskriuwster en aktrise oeuvre
Flag of Norway.svg  Noarsk Liv Ullman aktrise en regisseur oeuvre
2022 Flagge fan Martinyk.png Martinikaansk Euzhan Palcy regisseur, senarioskriuwster, filmprodusinte oeuvre
Flag of the United States.svg Amerikaansk Diane Warren lietsjeskriuwster bydragen oan filmmuzyk
Flag of Australia (converted).svg Australysk Peter Weir regisseur oeuvre

Keppelings om utens[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Sjoch ek[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.