Lillian Gish

Ut Wikipedy
Gean nei: navigaasje, sykje
Lillian Gish

Lillian Gish, berne as Lillian Diana Gish (Springfield, 14 oktober 1893 - New York, 27 febrewaris 1993) wie in Amerikaans aktrise. Se wie benammen bekend yn de tiid fan de stomme film.

Lillian waard berne yn Springfield en wie de âldere suster fan de aktrise Dorothy Gish. Lillian begûn te aktearjen foar it jild neidat har man James Leigh Gish har ferlitten hie. Se wie befreone mei Mary Pickford, dy't har yn kntakt brocht mei D.W. Griffith. Hy bea Gish in kontrakt oan by Biograph Studios yn 1912. Ek hat susster Dorothy krige in kotrakt.

Lillian waard al gau in superstjer en krige de bynamme The First Lady of the Silent Screen. Doe't de lûdsfilm opkaam, waard se minder populêr en gie wer it teater yn. Dochs stoppe se net mei it aktearjen yn films.

Ein jierren '40 gie se werom nei Hollywood en krige yn 1946 al in oscarnominaasje. Yn 1971 wûn se in Academy Award. Har lêste film, The Whales of August, dêr't se yn optrede mei de oare bejierre stjerren Bette Davis en Vincent Price, waard yn 1987 útbrocht, doe't se al 93 jie âld wie.
Lillian Gish stoarr oan hertfalen yn 1993.

Filmografy[bewurkje seksje | edit source]

Lillian Gish
Lillian en Dorothy Gish
Lillian Gish