Technicolor

Ut Wikipedy
Jump to navigation Jump to search
Gentlemen Prefer Blondes, in foarbyld fan in film út 'e 1950-er jierren dy't mei Technicolor makke is.

Technicolor is de beneaming foar in rige prosedees foar it ynkleurjen fan kleurefilms, dy't ûntwikkele waarden yn 'e Feriene Steaten. It earste prosedee waard yn 1916 ûntwikkele en kleure swart-wytfilms troch it gebrûk fan additive kleurminging yn by de fertoaning yn 'e bioskoop. Dat waard dien troch it ljocht fan 'e projektor earst troch twa prisma's tagelyk te stjoeren, ien mei in grien filter en ien mei in read filter. Dat wie gjin grut súkses, en yn 1922 waard úteinset mei it twadde prosedee, dat films ynkleure troch it gebrûk fan subtraktive kleurminging by de opnamen. Neitiid waard dat systeem troch de desennia hinne noch ferskate kearen ferbettere.

Technicolor is it op ien nei âldste súksesfolle kleurproses foar films (nei it Britske Kinemacolor), en yn 'e filmyndustry fan Hollywood wie it tusken 1922 en 1952 it meast brûkte kleurproses. It wûn in reputaasje foar tige dúdlike, felle kleuren, en waard oarspronklik it measte brûkt foar tekenfilms lykas Snow White and the Seven Dwarfs (1937), Gulliver's Travels (1939) en Fantasia (1940), foar filmmusicals lykas The Wizard of Oz (1939) en Down Argentine Way (1940), en foar kostúmdrama's lykas The Adventures of Robin Hood (1938) en Gone with the Wind (1939). Wat better de technology waard, wat mear oft Technicolor ek brûkt waard foar minder spektakulêre dramafilms en foar komeedzjefilms. Ut en troch ferskynde der sels in film noir dy't yn Technicolor opnommen wie, lykas Leave Her to Heaven (1945) en Niagara (1953). Fan 1954 waard it Technicolor-proses brûkt foar frijwol alle films dy't noch makke waarden (útsein swart-wytfilms fansels), en dêrom sjocht men ûnderoan op 'e ôftiteling fan sa goed as alle moderne films de tekst "Color by Technicolor" stean.

It bedriuw dat it Technicolor-proses ûntwurp wie de Technicolor Motion Picture Corporation, oarspronklik in selsstannich bedriuw, letter in dochterûndernimming fan Technicolor, Inc., mar no in difyzje fan it Frânske bedriuw Technicolor SA. De Technicolor Motion Picture Corporation waard yn 1914 yn Boston oprjochte troch Herbert Kalmus, Daniel Frost Comstock en W. Burton Wescott. It "tech-" yn 'e namme waard ynspirearre troch de it Massachusetts Institute of Technology (MIT), dêr't sawol Kalmus as Comstock studearre hiene en letter wurk fûnen. Technicolor Inc. waard yn 1921 oprjochte yn Delaware as holding foar de Technicolor Motion Picture Corporation.

Keppelings om utens[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References en Further reading, op dizze side.