Kostúmdrama

Ut Wikipedy
(Trochferwiisd fan Kostúmdrama's)
It filmjen fan in kostúmdrama dat him yn Londen ôfspilet, ein njoggentjinde iuw.

Kostúmdrama’s binne films, telefyzjesearjes of toanielstikken dy’t har yn in oar tiidsrek as dat fan no ôfspylje. Om de suggestje fan in oar tiidrek te jaan binne dêrby kostúms en dekôrs nedich. By in kostúmdrama is dêr in soad mear omtinken oan jûn om sa in moaie en realistyske werjefte te krijen.

Der wurde twa foarmen fan kostúmdrama ûnderskieden. De meast gongbere is dy fan it ‘histoaryske kon\stúmdrama’ of histoarysk drama. Foarbylden dêrfan binne ferfilmings fan de leginde fan Robin Hood, de boeken fan Jane Austen (1775-1817) en de Sherlock Holmes-ferhalen fan Sir Arthur Conan Doyle (1859-1930). Minder gebrûklik is de term ‘futuristysk konstúmdrama’, dy’t op in soad science fictionfilms fan tapassing is.

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.