Mickey Mouse

Ut Wikipedy
Gean nei: navigaasje, sykje
Mickey Mouse yn it embleem fan it 349e Bombardment Squadron (yn de Twadde Wrâldoarloch)

Mickey Mouse is in stripfiguer. Hy waard yn 1928 foar Walt Disney ûntwurpen troch Ub Iwerks. Mickey is in antropomorfyske mûs waans antlit tekene wurde kin as trije swarte sirkels. Mickey Mouse is in ikoan foar The Walt Disney Company en ien fan de meast werkenbere symboalen yn de wrâld.