Danny Kaye

Ut Wikipedy
Jump to navigation Jump to search
Danny Kaye
Filmklapper.png akteur
Danny Kaye yn 1955.
Danny Kaye yn 1955.
persoanlike bysûnderheden
echte namme David Daniel Kaminsky
nasjonaliteit Flag of the United States.svg Amerikaansk
berne 18 jannewaris 1913
berteplak New York (New York)
stoarn 3 maart 1987
stjerplak Los Angeles (Kalifornje)
etnisiteit Flag of Israel.svg Joadsk
jierren aktyf 19331986
prizen 2x Oscar
2x Golden Globe
4x Emmy Award
Légion d'Honneur 1986
Pres. Frijheidsmedalje 1987
offisjele webside
n.f.t.

Danny Kaye, echte namme: David Daniel Kaminsky (New York, 18 jannewaris 1913Los Angeles, 3 maart 1987), wie in Amerikaansk akteur, sjonger, dûnser en komyk fan Oekraynsk-Joadsk komôf. Hy lei him fral ta op komeedzje basearre op fysike aksje, it meitsjen fan rare minen en it sjongen fan ûnsinnige ferskes. Teffens wied er de earste algemien ambassadeur foar UNICEF.

Jonkheid en oplieding[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Kaye wie hikke en tein yn 'e Newyorkske wyk Brooklyn, dêr't syn âldelju en beide âldere bruorren twa jier foar syn berte hinne emigrearre wiene út 'e Oekraïne wei (dat doe noch ta it Russyske tsareryk hearde). Hy makke de middelbere skoalle net ôf; ynstee naaide er koart nei it ferstjerren fan syn mem tegearre mei in maat fan him út nei Floarida, dêr't se in hoartsje as strjitmuzikanten libben. Nei't er lang om let weromkeard wie nei New York, ûnderhold er himsels mei ferskate baantsjes, wêrûnder fersekeringsûndersiker en kantoarbetsjinde. Hy wie ien fan 'e sprekwurdlike tsien ambachten, tolve ûngelokken, mei't de fersekeringsmaatskippij him ûntsloech doe't er in flater begie dy't harren $40.000 koste, wylst in toskedokter dy't him ynhierde om ûnder it middeisskoft om syn praktyk te tinken, him oan 'e dyk sette doe't er him derop trapearre dat er de boar brûkte om 'e lambrisearring mei te bewurkjen.

Karriêre[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Yn 1933 naam Kaye syn artystenamme oan en sette er útein mei in karriêre as artyst, as lid fan it teätertrio The Three Terpsichoreans (in ferwizing nei de muze Terpsichoré). It gie him yn 't earstoan net foar de wyn, en hy wie gauris ta reapsein. Syn filmdebút makke er yn 1935 yn 'e komyske koarte film Moon over Manhattan. Yn 'e jierren dêrop trede er ferskate kearen op Broadway op, û.m. yn it tige súksesfolle stik Lady in the Dark (1941). Yn 1944 spile er yn syn earste lange film, Up in Arms, mar hy briek troch doe't er yn 1945 en 1946 syn eigen radioprogramma op 'e stjoerder CBS krige.

Neitiid spile Kaye de haadrol yn grutte filmproduksjes as The Secret Life of Walter Mitty (1947) en The Inspector General (1949; dêr't André van Duin yn 'e jierren tachtich syn De Boezemvriend op basearje soe), Knock on Wood (1954), White Christmas (1954) en The Court Jester (1956). Kaye wurke gauris gear mei aktrise Virginia Mayo, en hy spile de haadrol yn twa serieuze, biografyske films, Hans Christian Andersen (1952), oer de Deenske mearkesskriuwer Hans Christian Andersen, en The Five Pennies (1959), oer jazzpionier Red Nichols. Kaye wûn twaris in Oscar: yn 1955 krige er in eare-Oscar foar syn hiele oeuvre, en yn 1982 waard him de Jean Hersholt Humanitarian Award takend (in Oscar-kategory foar lju út 'e filmyndustry dy't har ynsette foar goede doelen). Ek wûn er twaris de Golden Globe foar bêste akteur, yn 1951 en 1958.

Elsa Lanchester, Barbara Bates en Danny Kaye yn The Inspector General (1949).

As sjonger hied er ferskate hits, wêrûnder Civilization (better bekend as Bongo, Bongo, Bongo, mei de Andrews Sisters), Put 'em in a Box, Tie 'em with a Ribbon (And Throw 'em in the Deep Blue Sea), Amelia Cordelia McHugh (McWho?) en All I Want for Christmas Is My Two Front Teeth (in duët mei Patty fan 'e Andrews Sisters). Op 'e tillefyzje wie Kaye fan 1956 ôf te sjen, û.m. mei The Danny Kaye Show (1963-1967), dêr't er fjouwer Emmy Awards mei wûn.

Fan 1954 ôf liet Kaye ek syn serieuze kant sjen yn syn wurk as algemien ambassadeur foar UNICEF, it bernefûns fan 'e Feriene Naasjes. It opheljen fan jild foar dat goede doel behelle er neitiid yn frijwol al syn optredens. Yn 1986 waard er foar syn ynset foar UNICEF ûnderskaat mei it prestizjeuze Frânske Légion d'Honneur. It jiers dêrop waard oan him postúm noch de Amerikaanske Presidential Medal of Freedom takend.

Priveelibben[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Kaye mette syn frou Sylvia Fine foar de earste kear yn 1939, doe't se yn deselde teäterproduksje stiene, al wiene se yn Brooklyn mar in pear stedsblokken útinoar opgroeid. Hja trouden yn 1940. Sylvia wie in pianiste en komponiste, dy't ferantwurdlik wie foar it betinken en skriuwen fan withoefolle fan 'e tongetiizjende komyske ferskes dêr't Kaye om bekend stie. Se krigen ien bern, in dochter, Dena Kaye (1946). Yn 1947 rekken se faninoar ferfrjemde en skieden se fan tafel en bêd, mar foar de wet duorre harren houlik oant Kaye syn dea yn 1987. Nei't er by de frou wei wie, hie Kaye nei't der grute wurdt relaasjes mei in opienfolging fan froulju, wêrfan't de bekendst de aktrise Eve Arden west hawwe soe. Oan 'e oare kant binne der ek oanhâldende geroften dat er homo- of biseksueel west hawwe soe, en dat er yn 'e fyftiger jierren in seksuële relaasje ûnderhold mei de Ingelske akteur Laurence Olivier.

Ferstjerren[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Danny Kaye stoar yn 1987 oan in hertoanfal, nei't yn 'e minnichte rekke wie troch in oanfal fan hepatitis, dy't er yn febrewaris 1983 oprûn hie by in fjouwerfâldige bypass-operaasje oan syn hert. Hy waard 74 jier. Kaye waard kremearre en syn jiske waard byset op it Kensico Cemetery yn Valhalla, yn 'e steat New York.

Keppelings om utens[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.