Virginia Mayo

Ut Wikipedy
Springe nei navigaasje Springe nei sykjen
Virginia Mayo
Filmklapper.png akteur
Virginia Mayo yn 'e iere 1950-er jierren.
Virginia Mayo yn 'e iere 1950-er jierren.
persoanlike bysûnderheden
echte namme Virginia Clara Jones
nasjonaliteit Flag of the United States.svg Amerikaansk
berne 30 novimber 1920
berteplak St. Louis (Missoery)
stoarn 17 jannewaris 2005
stjerplak Los Angeles (Kalifornje)
etnisiteit Flag of Germany.svg Dútsk
Flag of England.svg Ingelsk
jierren aktyf 19371997
offisjele webside
www.virginiamayo.com

Virginia Mayo, wiere namme: Virginia Clara Jones (St. Louis, 30 novimber 1920Los Angeles, 17 jannewaris 2005), wie in Amerikaansk aktrise en fariëtee-artyste, dy't it bekendst wurden is troch har rollen yn ferskate komeedzjefilms, as tsjinspylster fan 'e akteur Danny Kaye. Yn 'e twadde helte fan 'e 1940-er jierren wie hja de bêstferkeapjende akteur fan filmstudio Warner Bros. Se spile ek in haadrol yn 'e mei in grut tal Oscars bekroande film The Best Years of Our Lives, út 1946.

Jonkheid en oplieding[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Mayo waard yn 1920 berne yn St. Louis, yn 'e Amerikaanske steat Missoery, dêr't har famylje woartels hie dy't tebek giene nei it eigenste oanbegjin fan 'e stêd. Hja wie de dochter fan sjoernalist Luke Jones, dy't Ingelsk bloed hie, en dy syn frou, Martha Henrietta Rautenstrauch, dy't in húsfrou fan etnysk Dútsk komôf wie. Har muoike hie yn St. Louis in toanielkoalle, dêr't Mayo mei seis jier al hinne gie. Nei't se yn 1937 foar de middelbere skoalle slagge wie, wist se har earste aktearbaantsjes te bemachtigjen.

Har sweager, de fariëtee-artyst Andy Mayo, wie dêr sa fan ûnder de yndruk dat er har frege om op te treden mei syn teäterselskip, The Mayo Brothers. Dêrnei brocht se trije jier troch op toernee troch de hiele Feriene Steaten, wêrby't se as sprekstâlmaster en oanjouwer fungearre foar "Pansy it Hynder" (de bruorren Mayo yn in hynstepak). Yn 1941, doe't se ûnderwilens de artystenamme Virginia Mayo oannommen hie, krige se in rol op Broadway, yn it toanielstik Banjo Eyes.

Karriêre[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Troch dat optreden op Broadway waard de oandacht fan filmprodusint Samuel Goldwyn op Mayo fêstige. Mei't er djip ûnder de yndruk rekke fan sawol har skientme as har talint, bea er har in kontrakt oan as filmaktrise. Ien fan 'e earste lytse roltsjes yn in Hollywood-film hie se yn 'e kaskreaker Jack London (1943). Dêryn spile ek har lettere man, akteur Michael O'Shea, mei wa't se op 'e set yn 'e kunde kaam. Har earste haadrol hie Mayo yn The Princess en the Pirate (1944), as tsjinspylster fan komyk Bob Hope. Har meast súksesfolle wurkrelaasje wie lykwols mei in oare komyk, Danny Kaye, mei wa't se û.m. spile yn Wonder Man (1945), The Kid from Brooklyn (1946) en it grutte súkses The Secret Life of Walter Mitty (1947).

Yn 'e dramafilm The Best Years of Our Lives (1946) spile Mayo de deune en ynklauwerige Marie Derry, wêrmei't se folslein yngie tsjin it stereotype byld dat der fan har ûntstien wie. Lykwols wie de film in grut súkses: hy wûn njoggen Oscars, wêrûnder dy foar bêste film, en hy brocht de grutste winst binnen fan alle films yn Hollywood]] sûnt Gone with the Wind (1939). Oan 'e ein fan 'e 1940-er jierren, op it hichtepunt fan har rom, waard Mayo beskôge as it toanbyld fan 'e tsjeppe Hollywood-aktrise; neffens in rûnom publisearre ferhaal soe de doetiidske sultan fan Marokko, Mohammed VI, sein hawwe dat har skientme it bewiis wie fan it bestean fan God.

Virginia Mayo mei James Cagney, yn 'e film White Heat, út 1949.

Mayo sette har karriêre fuort mei rollen yn û.o. de misdiefilm Smart Girls Don't Talk (1948); de western Colorado Territory (1949); de film noir White Heat (1949); en de komeedzje The Girl from Jones Beach (1949), mei as tsjinspiler de lettere presidint fan 'e Feriene Steaten Ronald Reagan. Yn 'e 1950-er jierren hie se noch súkses mei histoaryske aventoerefilms as The Flame and the Arrow (1950), mei Errol Flynn; Captain Horatio Hornblower (1951), mei Gregory Peck; en King Richard and the Crusaders (1954), mei Rex Harrison. Ek spile se yn 'e western Along the Geat Divide (1951), mei Kirk Douglas, en as Kleopatra VII yn 'e fantasyfilm The Story of Mankind (1957). Teffens fertolke Mayo rollen yn ferskate filmmusicals, wêrûnder Always Leave Them Laughing (1949), The West Point Story (1950) en Painting the Clouds with Sunshine (1951). Dêrby makke se goed gebrûk fan har talint foar dûnsjen, mar har sjongen waard letter altyd neisyngronisearre mei in bettere stim.

Tsjin 'e 1960-er jierren wie Mayo har populariteit flink belune, hoewol't dat har der net fan wjerhold om troch te gean mei aktearjen. Feitliks wurke hja troch oant 1997, doe't hja 77 jier wie. Ien fan 'e lêste promininte rollen fan harres spile se yn 'e film Fort Utah, út 1967. Yn 'e 1970-er en 1980-er jierren hie Mayo noch ferskate gastrollen yn tillefyzjesearjes as The Love Boat, Remington Steele, Murder, She Wrote en de soapsearje Santa Barbara. Mayo wie ien fan 'e earste Hollywood-akteurs dy't in stjer krigen op 'e Hollywood Walk of Fame oan Hollywood Boulevard.

Mayo mei har man Michael O'Shea yn 1955.

Priveelibben[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Virginia Mayo troude yn 1947 mei kollega-akteur Michael O'Shea, in houlik dat duorre oant O'Shea syn ferstjerren yn 1973. Se krigen ien bern, Mary Catherine O'Shea (1953). It gesin wenne tsientallen jierren lang yn Thousand Oaks, yn Kalifornje. Doe't se op jierren kaam, lei Mayo har ta op har leafhawwerij, keunstskilderjen, en wie se sljocht mei har trije beppesizzers, allegearre jonges.

Under ynfloed fan aartsbiskop Fulton J. Sheen bekearde se har ta de Roomsk-Katolike Tsjerke. Op polityk mêd wie se in lid fan 'e Republikeinske Partij; se stipe Richard Nixon by de presidintsferkiezings fan 1968 en fan 1972, en Ronald Reagan, mei wa't se befreone wie, by de ferkiezings fan 1980.

Ferstjerren[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Virginia Mayo ferstoar yn jannewaris 2005, yn 'e âlderdom fan 84 jier, oan longûntstekking komplisearre troch hertproblemen. Se waard beïerdige njonken har man te Westlake Village, yn Kalifornje.

Filmografy[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Filmografy as aktrise
jier titel rol of funksje opmerkings
films
1939 Gals and Gallons Virginia Jones koarte film
1943 Follies Girl Chorine
1943 Jack London Mamie
1944 Up in Arms ferpleechster Joanna
1944 Seven Days Ashore Carol Dean
1944 The Princess and the Pirate prinsesse Margaret
1945 Wonder Man Ellen Shanley
1946 The Kid from Brooklyn Polly Pringle
1946 The Best Years of Our Lives Marie Derry
1947 Out of the Blue Deborah Tyler
1947 The Secret Life of Walter Mitty Rosalind van Hoorn
1948 Smart Girls Don't Talk Linda Vickers
1948 A Song Is Born Honey Swanson
1949 Flaxy Martin Flaxy Martin
1949 Colorado Territory Colorado Carson
1949 The Girl from Jones Beach Ruth Wilson
1949 White Heat Verna Jarrett
1949 Red Light Carla North
1949 Always Leave Them Laughing Nancy Eagen
1950 Backfire Julie Benson
1950 The Flame and the Arrow Anna fan Hessen
1950 So You Think You're Not Guilty harsels koarte film
1950 The West Point Story Eve Dillon
1951 Captain Horatio Hornblower lady Barbara Wellesley
1951 Along the Great Divide Ann Keith
1951 Painting the Clouds with Sunshine Carol
1951 Starlift harsels
1952 She's Working Her Way through College Angela Gardner / "Hot Garters Gertie"   
1952 The Iron Mistress Judalon de Bornay
1952 Screen Snapshots: Hollywood Night Life harsels koarte film
1953 She's Back on Broadway Catherine Terris
1953 South Sea Woman Ginger Martin
1953 Devil's Canyon Abby Nixon
1954 King Richard and the Crusaders frouwe Edith Plantagenêt
1954 The Silver Chalice Helene
1955 Pearl of the South Pacific Rita Delaine
1956 The Proud Ones Sally
1956 Great Day in the Morning Ann Merry Alaine
1956 Congo Crossing Louise Whitman
1957 The Big Land Helen Jagger
1957 The Story of Mankind Kleopatra VII
1957 The Tall Stranger Ellen
1958 Fort Dobbs Celia Gray
1958 Screen Snapshots: Salute to Hollywood harsels koarte film
1959 Westbound Norma Putnam
1959 Jet Over the Atlantic Jean Gurney
1961 Revolt of the Mercenaries hartoginne Patrizia di Rivalta
1964 Young Fury Sara McCoy
1966 Castle of Evil Mary Theresa "Sable" Pulaski
1967 Fort Utah Linda Lee
1975 Fugitive Lovers Liz Trent
1976 Won Ton Ton, the Dog Who Saved Hollywood    Miss Battley
1977 Haunted Michelle
1978 French Quarter grevinne Willie Piazza / Ida
1990 Evil Spirit Janet Wilson
1993 Midnight Witness Kitty
1997 The Man Next Door Lucia
harkspullen
1946 Lux Radio Theatre Ellen Shanley gastrol; ôfl. Wonder Man
1951 Lux Radio Theatre ? gastrol; ôfl. Bright Leaf
1952 Lux Radio Theatre lady Barbara Wellesley gastrol; ôfl. Captain Horatio Hornblower
1953 Lux Radio Theatre ? gastrol; ôfl. This Woman Is Dangerous
1953 Lux Radio Theatre ? gastrol; ôfl. China Run
1954 Lux Radio Theatre Judalon de Bornay gastrol; ôfl. The Iron Mistress
tillefyzje
1984 Remington Steele harsels gastrol, 1 ôfl.
1984 Murder, She Wrote Elinor gastrol, 1 ôfl.
1986 The Love Boat Virginia gastrol, 1 ôfl.

Keppelings om utens[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.