Bob Hope
Bob Hope | ||
akteur | ||
Bob Hope yn 1978 | ||
persoanlike bysûnderheden | ||
echte namme | Leslie Townes Hope | |
nasjonaliteit | Amerikaansk | |
berne | 29 maaie 1903 | |
berteplak | Eltham (Londen) | |
stoarn | 27 july 2003 | |
stjerplak | Toluca Lake, Kalifornje | |
etnisiteit | Ingelsk | |
jierren aktyf | 1919–1998 | |
offisjele webside | ||
bobhope.org |
Leslie Townes (Bob) Hope (Eltham, 29 maaie 1903 – Toluca Lake, 27 july 2003) wie ien fan de bekendste Amerikaanske komiken fan de 20e iuw. Bob Hope wie in konferansier, dy't alle fasetten fan it mêd behearske. Hy trede op as vaudevilleakteur en sjonger, yn Broadway-toanielstikken en musicals, yn radio- en telefyzjeprogramma's en yn films.
Libben en wurk
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Jonkheid
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Hope waard berne yn Eltham, Súdeast-Londen, as fyfde fan sân soannen. Heit wie stienhouwer en mem song yn 'lichte' opera's. Yn 1907 ferhuze de húshâlding nei Cleveland in de Amerikaanske steat Ohio. Yn 1920 waard er Amerikaansk steatsboarger.
Iere karriêre
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Doe't Hope tsien jier wie wûn er in Charlie Chaplin-ymitaasjewedstriid. Nei de middelbere skoalle naam er dûnslessen by King Rastus Brown en Johnny Root. It die bliken dat er in natuertalint wie.
Op syn achttjinde joech er dûnsfoarstellingen mei syn doetydske freondinne Mildred Rosequist yn Cleveland en omkriten. Rillegau fûn er it paad nei de teäters yn New York.
Nei syn debút op Broadway yn 1927 yn de musical The Sidewalks of New York briek Hope yn 1933 troch as de koartswillige Huckleberry Haines yn de musical Roberta. Dêr krige er kunde oan de sjongster Dolores Reade mei wa't er yn 1934 troude. Hope wie in frouljusman en hie ûnder syn houlik ferskate ferhâldingen.
Rom
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Om reden fan it súkses fan syn satiryske radiomonologen krige Hope in rol yn de film The Big Broadcast of 1938, wat fuortendaliks in súkses wie. Yn dy film song er Thanks for the Memory, wat in soarte fan persoanlike tune wurde soe.
Hope's gearwurking mei Bing Crosby en Dorothy Lamour yn de ferskate Road to...-films (1940-1952) soarge grif foar lange rigen foar de bioskopen. De searje begûn mei Road to Singapore, folge troch Road to Zanzibar (1941), ... Morocco (1942), ... Utopia (1946), ... Rio (1947), ... Bali (1948) en ... Hong Kong (1952).
Oare komyske rollen hie er yn Caught in the Draft (1941), Let's Face It (1943), The Paleface (1948), Fancy Pants (1950) en My Favorite Spy (1951).
Hope spile haadrollen yn mear as fyftich films en hie byrollen yn fyftjin oare (de lêste wie Spies Like US yn 1985).
Yn 1944 wie Hope syn radioprogramma it heechst wurdearre yn de FS en yn 1950 makke er syn debút op telefyzje.
Op 6 maaie 1941 trede Bob Hope foar it earst op foar Amerikaanske militêren. Dat soe er dwaan bliuwe yn de rest fan de Twadde Wrâldoarloch, de Koreaanske Oarloch, de Fjetnamoarloch en sels noch yn 1991 ûnder de Golfoarloch. By syn optredens foar dy soldaten liet er sjen dat er tige belutsen wie en hast altyd droech er legerklean as teken fan stipe en bewûndering foar syn publyk.
Hope garre in fortún byinoar, dat er ynvestearre yn ûnreplik goed. It tydskrift Forbes rûsde syn fermogen op goed 500 miljoen dollar.
Sport
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Hope wie ek ferneamd om syn leafde foar sport. Doe't er jong wie, wie er koart skoft tiid berops-bokser, spile pool foar jild, wie er mâl mei American football en wie er letter mei-eigener fan de Cleveland Indians en de Los Angeles Rams. Syn grutste passy woe lykwols golf; hy spile sels yn in tal PGA (Professional Golf Association) wedstriden. Ta syn eare waard de Hope/Chrysler Classic nei him ferneamd.
Hy spile golf mei hast eltse presidint fan Amearika nei Dwight D. Eisenhower.
Filmografy
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Diskografy
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Singles
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Jier | Single | Billboard Hot 100 |
---|---|---|
1938 | Thanks for the Memory (A-kant) (Bob Hope en Shirley Ross) | — |
1939 | Two Sleepy People (B-kant) (Bob Hope en Shirley Ross) | 15 |
1945 | The Road to Morocco (Bing Crosby en Bob Hope) | 21 |
1950 | Blind Date (Margaret Whiting en Bob Hope) | 16 |
Bibliografy
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Underskiedingen en prizen
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Keppeling om utens
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- (in) Offisjeel webstee
Ofbylden dy't by dit ûnderwerp hearre, binne te finen yn de kategory Bob Hope fan Wikimedia Commons. |
- Amerikaansk filmakteur
- Amerikaansk harkspulakteur
- Amerikaansk telefyzje-akteur
- Amerikaansk komyk
- Amerikaansk artyst
- Amerikaansk dûnser
- Amerikaansk telefyzjepresintator
- Amerikaansk radiopresintator
- Amerikaansk bokser
- Eare-Oscar-winner
- Cecil B. DeMille Award-winner
- Winner fan de Presidinsjele Frijheidsmedalje
- Amerikaansk persoan fan Ingelsk komôf
- Amerikaansk persoan fan Welsk komôf
- Persoan berne yn 1903
- Persoan stoarn yn 2003