Elsa Lanchester
Elsa Lanchester | ||
akteur | ||
Elsa Lancaster | ||
persoanlike bysûnderheden | ||
echte namme | Elsa Sullivan Lanchester | |
nasjonaliteit | Britsk | |
berne | 28 oktober 1902 | |
berteplak | Lewisham, Londen | |
stoarn | 26 desimber 1986 | |
stjerplak | Woodland Hills, Los Angeles | |
jierren aktyf | 1925–1986 | |
offisjele webside | ||
Offisjele webside |
Elsa Sullivan Lanchester (28 oktober 1902 - 26 desimber 1986) wie in Britsk-Amerikaansk karakteraktrise mei in lange karriêre yn it teäter, de film en op telefyzje.
Sy moete de akteur Charles Laughton yn 1927 en troude twa jier letter mei him. Har rol as de breid yn 'De breid fan Frankenstein' (1936) brocht har wurdearring as aktrise en dy rol bleau de rest fan har libben tige mei har assosjearre.
Nei Laughton's dea yn 1962 begûn Lancaster har filmkarriêre op 'e nij en ferskynde mei súkses yn Walt Disney-films sa as Mary Poppins (1964), That Darn Cat! (1965) en Blackbeard's Ghost (1968). De horrorfilm Willard (1971) wie in tige grut súkses en in wichtige lêste rol hie hja yn Murder By Death (1976).
Elsa Lanchester seit in har biografy Elsa Lanchester Herself dat har man homoseksueel wie en dat hja dêrom gjin bern hiene. De mei Charles befreone akrise Maureen O'Hara seit lykwols dat Lancaster yn har jeugd twa abortussen hân hie en dat ien dêrfan in bern fan Charles wie. Charles hat wolris sein dat syn grutste fertriet wie dat er nea heit wurden is.
Lanchester hat in kear oer O'Hara sein, "Sy sjocht derút as ien dêr't bûter net iens yn de mûle rane wol, noch op in oar plak."
Filmografy
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- The Scarlet Woman: An Ecclesiastical Melodrama (1925)
- One of the Best (1927)
- The Constant Nymph (1928)
- Bluebottles (1928)
- The Tonic (1928)
- Daydreams (1928)
- Mr Smith Wakes Up (1929)
- Comets (1930)
- Ashes (1930)
- The Love Habit (1931)
- The Stronger Sex (1931)
- Potiphar's Wife (1931)
- The Officers' Mess (1931)
- The Private Life of Henry VIII (1933)
- The Private Life of Don Juan (1934)
- David Copperfield (1935)
- Naughty Marietta (1935)
- Bride of Frankenstein (1935)
- The Ghost Goes West (1935)
- Miss Bracegirdle Does Her Duty (1936: net útbrocht)
- Rembrandt (1936)
- Vessel of Wrath (1938: of The Beachcomber)
- Ladies in Retirement (1941)
- Son of Fury: The Story of Benjamin Blake (1942)
- Tales of Manhattan (1942)
- Forever and a Day (1943)
- Thumbs Up (1943)
- Lassie Come Home (1943)
- Passport to Destiny (1944: of Passport to Adventure)
- The Spiral Staircase (1946)
- The Razor's Edge (1946)
- Northwest Outpost (1947: ek mei de titel End of the Rainbow)
- The Bishop's Wife (1947)
- The Big Clock (1948)
- Come to the Stable (1949)
- The Secret Garden (1949)
- The Inspector General (1949)
- Buccaneer's Girl (1949)
- Mystery Street (1950)
- Girl of the Year (1950: ek mei de titel The Petty Girl)
- Frenchie (1950)
- Dreamboat (1952)
- Les Misérables (1952)
- Androcles and the Lion (1952)
- The Girls of Pleasure Island (1953)
- 3 Ring Circus (1954)
- Hell's Half Acre (1954)
- The Glass Slipper (1955)
- Witness for the Prosecution (1957)
- Bell, Book and Candle (1958)
- Honeymoon Hotel (1964)
- Mary Poppins (1964) - Katie Nanna
- Pajama Party (1964)
- That Darn Cat! (1965) - Mrs. MacDougall
- The Man from U.N.C.L.E. (TV) (1965)
- Easy Come, Easy Go (1967)
- Blackbeard's Ghost (1968)
- Rascal (1969)
- Me, Natalie (1969)
- My Dog, the Thief (tillefyzje) (1969)
- Willard (1971)
- Here's Lucy episode Lucy Goes to Prison (1972)
- Terror in the Wax Museum (1973)
- Arnold (1974)
- Murder by Death (1976)
- Die Laughing (1980)
- Night Gallery (seizoen 2, ôfl. 15: "Green Fingers")
Bibliografy
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- Lanchester, Elsa - Charles Laughton and I (1938)
- Higham, Charles - Charles Laughton: An Intimate Biography (1976)
- Lanchester, Elsa - Elsa Lanchester Herself (1983)
- Callow, Simon - Charles Laughton: A Difficult Actor (1987)