Charles Laughton

Ut Wikipedy
Charles Laughton yn Mutiny on the Bounty (1935)
Charles Laughton yn 1940
Hendrik VIII

Charles Laughton (Scarborough, Ingelân, 1 july 1899 - Hollywood (FSA), 15 desimber 1962) wie in Ingelsk akteur, dy't ek yn Hollywood opgong makke.

Laughton wie de soan fan Robert Laughton en Elizabeth Conlon. Hy folgde syn oplieding oan de Royal Academy of Dramatic Art yn Stonyhurst, en ûntfong dêr in ûnderskieding. Fan 1926 ôf stie er op de planken, om yn 1937 tegearre mei Erich Pommer in filmbedriuw op te rjochsjen: Mayflower Pictures Corp.. Yn 1950 waard Laughton Amerikaansk steatsboarger.

Laughton hat spile yn tal fan films, teaterstikken en letter op radio en telefyzje. Ek as produsint en regisseur hat er tige warber west.

Laughton wie fan 1929 oant syn dea troud mei de aktrise Elsa Lanchester. Se hawwe ek wol tegearre yn deselde films spile: Rembrandt (1936), The Big Clock (1948) en Witness for the Prosecution (1957.) Lanchester ferhellet yn har autobiografy dat Laughton homoseksueel wie en dat hja dêrom gjin bern hiene (Maureen O' Hara hat dat tsjinsprutsen, hja wie befreone mei Laughton). Dat hat Laughton in protte fertriet dien, hy hie graach heit wurde wollen.

Films (seleksje)[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Trivia[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

  • Laughton wie de earste akteur dy't de rol fan Hercule Poirot spile, in figuer út de detectiveferhalen fan Agatha Christie.
  • In sitaat fan Laughton: I have a face like the behind of an elephant ('Ik haw in gezicht as de kont fan in oaljefant')

Keppeling om utens[bewurkje seksje | boarne bewurkje]