Planet of the Apes (film út 1968)

Ut Wikipedy
Planet of the Apes
film
(Filmposter yn 'e Ingelske Wikipedy)
makkers
regisseur Franklin J. Schaffner
produsint Arthur P. Jacobs
senario Michael Wilson
Rod Serling
basearre op La Planète des singes
   fan Pierre Boulle
kamerarezjy Leon Shamroy
muzyk Jerry Goldsmith
filmstudio APJAC Productions
20th Century Fox
distribúsje 20th Century Fox
spilers
haadrollen Charlton Heston
Kim Hunter
Roddy McDowall
byrollen Maurice Evans
Linda Harrison
Robert Gunner
Jeff Burton
Lou Wagner
skaaimerken
lân/lannen Feriene Steaten
premiêre 8 febrewaris 1968
foarm langspylfilm
sjenre science fiction-aventoerefilm
taal Ingelsk
spyltiid 112 minuten
budget en resultaten
budget $5,8 miljoen
opbringst $33,4 miljoen
filmsearje
filmsearje Planet of the Apes
● folgjend diel Beneath the Planet of the Apes

Planet of the Apes is in Amerikaanske dystopyske, post-apokalyptyske science fiction-aventoerefilm út 1968 ûnder rezjy fan Franklin J. Schaffner, mei yn 'e haadrollen Charlton Heston, Kim Hunter en Roddy McDowall. De titel betsjut eins "Planeet fan 'e Minskapen", mar wurdt yn 'e regel oerset as "Planeet fan 'e Apen". De film waard basearre op 'e roman La Planète des singes fan 'e Frânske skriuwer Pierre Boulle.

It ferhaal folget de astronaut George Taylor, dy't yn 'e fiere takomst delstoart op in ûnbekende planeet. Dêr ûntdekt er in beskaving wêryn't apen evoluëarre binne ta wêzens mei yntelliginsje, spraak en in hegere kultuer, wylst minsken har spraak en yntelliginsje misse en as bisten yn 'e wyldernis libje. Taylor wurdt fongen troch de apen en falt yn 'e hannen fan apewittenskippers, dy't him as in mutant beskôgje. Hy wrakselet om wer frij te kommen, mar ûntdekt dan in freeslik geheim.

Planet of the Apes krige fan 'e filmkritisy oer it algemien positive resinsjes en wie yn 'e bioskopen in kommersjeel súkses. Dêrtroch ûntstie der om 'e film hinne in mediafranchise dy't ek Planet of the Apes kaam te hjitten. Sa ferskynden der fjouwer ferfolchfilms, in remake, fjouwer rebootfilms, in tillefyzjesearje, in tekenfilmsearje en ferskate fideospultsjes, strips en ferboekings. It direkte ferfolch op Planet of the Apes wie Beneath the Planet of the Apes út 1970. Yn 2001 waard der in remake fan Planet of the Apes makke, dy't ek Planet of the Apes hiet. Datselde jiers waard Planet of the Apes opnommen yn it Amerikaanske Nasjonaal Film Register.

Plot[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De Amerikaanske manlike astronauten Taylor, Landon en Dodge en harren froulike kollega Stewart sette yn 1972 fan 'e Ierde ôf yn in romteskip dat de faasje fan it ljocht benei komme sil. Sels meitsje se de reis yn stasis yn sliepkokons. De trije manlju komme wer by besleur as it romteskip delstoart yn in mar op in ûnbekende planeet. Wannear't se nei de sliepkokon fan Stewart sjogge, blykt dy in mummy te befetsjen: troch in lek yn 'e kokon is hja yn har sliep ferstoarn. De mannen hawwe it net oan tiid om dêr lang by stil te stean, want it romteskip begjint te sinken en rint fol mei wetter. Mei in wapen, wat fiktaalje en inkele wittenskiplike ynstruminten witte se de igge te berikken wylst it romteskip mei it stoflik omskot fan Stewart ûnder wetter ferdwynt.

Taylor, de lieder fan 'e romtemisje, hat foar it ferlitten fan it skip op 'e gronometer sjoen, dy't de datum fan 25 novimber 3978 oanjoech, wat betsjut dat se 2.006 Ierdske jierren ûnderweis west hawwe. Troch it ferskynsels fan tiidsdilataasje yn 'e romte binne de astronauten sels net mear as krapoan ien jier ferâldere. Taylor ornearret dat de planeet dêr't se har op befine nei alle gedachten ien út it planetestelsel Bellatrix is, yn it stjerrebyld Orion, op likernôch 300 ljochtjier ôfstân fan 'e Ierde.

De trije astronauten tsjogge geandefoets troch in desolate woastenije, dêr't se pas nei inkele dagen it earste teken fan libben tsjinkomme: in lyts grien plantsje. Letter passearje se in stikmannich grizelich oandwaande fûgelferskrikkereftige figueren op 'e râne fan in heech klif. Se klimme nei boppen ta om dat te ûndersykjen en ûntdekke oarekant de rotsrâne in fruchtbere delling, dêr't planten wielderich groeie. By in marke geane se dom genôch alle trije tagelyk te swimmen, en litte se alle klean en bepakking op 'e igge efter. Wylst se yn it wetter binne, wurde de klean en harren foarrieden stellen troch wrâldseigen wêzens. De mannen sette neaken de efterfolging yn, mar fine inkeld de stikken sleine ynstruminten en oan fodden skuorde restanten fan 'e klean werom, dêr't se har likegoed yn klaaie om't se neat betters hawwe.

De dieders blike primitive minsken te wêzen, dy't skynber net it fermogen ta spraak hawwe en harsels yn fodden klaaie, krekt sa't de astronauten no fan needs dien hawwe. Se lykje net botte yntelligint te wêzen, mar binne yn elts gefal ûngefaarlik, en se negearje de trije mannen. Taylor, Landon en Dodge folgje de minsken nei in fjild dat beplante is mei in lânbougewaaks dat sterk op stynske weet liket. De primitive minsken plôkje dêr maïskolven en frette dy rau op. Ynienen ferskine der hynsteridende gorilla's, bewapene mei swipen en gewearen, dy't de minsken oanfalle. De minsken naaie út en de trije astronauten liket it mar it bêste om dat foarbyld te folgjen. De pas wurdt harren lykwols ôfsnien troch in oare groep gorilla's en de minsken spatte alle kanten út. Yn 'e gaos knoffelet Landon by in hege wâl del en rekket bewusteleas, wylst Dodge troch ien fan 'e gorilla's deasketten wurdt. Taylor wurdt troch in kûgel yn 'e kiel rekke en mei in groep fan 'e primitive minsken fongen foar't er it bewustwêzen ferliest.

Tink derom: Yn de tekst hjirûnder wurdt de ôfrin fan de film beskreaun.
As jo de film sels sjen wolle, is it mooglik better dat jo it no folgjende diel fan 'e plotbeskriuwing (earst noch) net lêze.

Wannear't Taylor wer bykomt, blykt syn kielwûne him tydlik fan syn stimlûd berôve te hawwen, sadat er likemin as de primitive minsken prate kin. Hy befynt him yn in koai yn in laboratoarium, dêr't twa sjimpansees, dokter Galen, in sjirurch, en bistepsychologe Zira, wittenskiplike eksperiminten op 'e fongen minsken útfiere. Zira hat belangstelling foar Taylor krigen troch de ûngewoane stof fan 'e fodden dêr't er yn klaaid wie en rêdt him fan Galen, dy't him oan 'e harsens operearje wol om te sjen hoe't dy wurkje.

Op inisjatyf fan Zira wurdt der in fongen jonge frou fan 'e primitive minsken by Taylor yn 'e koai pleatst. Hoewol't sy net prate kin en de yntelliginsje fan in minskaap hat, foarmet Taylor op 'en doer in bân mei har, om't er nimmen oars hat. Hy neamt har 'Nova'. Under syn oanhâldende finzenskip kriget Taylor foar it ferstân dat er him middenmank in beskaving fan minskapen befynt mei de foarm fan in teokrasy, dy't it nivo hat fan 'e minsklike maatskippij op 'e Ierde omtrint 1500. Der bestiet in strang oanholden kastestelsel, mei gorilla's as de krigers en arbeiders, sjimpansees as dokters en wittenskippers en orang-oetans as politisy en religieuze lieders. De apen sjogge de primitive minsken as ûngedierte dat harren rispinge oanfret en dat útrûge wurde moat.

Troch har har notysjeblok en pinne ôf te pakken en op te skriuwen dat syn namme Taylor is, wit Taylor Zira der lang om let fan te oetsjûgjen dat er like yntelligint is as sy. Zira belûkt har ferloofde, de argeolooch Cornelius, by it ûndersyk nei Taylor. Dyselde is dreger te oertsjûgjen, mar giet om wannear't Taylor in blêd papier ta in fleantúchje teart. Dr. Zaius, in orang-oetan dy't de oerhearrige fan Zira en Cornelius is, wol lykwols neat fan in yntelliginte minske witte en jout opdracht om Taylor te kastrearjen. Taylor komt syn bewekker oer it mad en brekt út. Efterfolge troch gorilla's ferdwaalt er yn 'e apestêd en bedarret op 't lêst yn in soarte fan natoerhistoarysk museum, dêr't opsette minsken tentoansteld wurde. Hy is skokt om dêr in opsette Dodge tsjin it liif te rinnen. Wannear't er dêrnei it museum wer út flechtet, wurdt er fongen troch de wachtsjende gorilla's. Syn kielwûne is lykwols safierhinne opbettere dat er wer prate kin, en as de gorilla's him beetpakke, byt er harren ta dat se har smoarge poaten thúshâlde moatte. Dat liedt ta grutte konsternaasje mank de apen.

Der wurdt in harksitting foar trije orang-oetanrjochters holden om te beslissen wat der mei Taylor dien wurde moat. Taylor, dy't it net tastien wurdt om sels de rjochtbank ta te sprekken, stelt in ferklearring op dy't er troch Cornelius foarlêze lit. Dêryn neamt er syn beide maten Landon en Dodge en dat Dodge deasketten is by de jacht fan 'e gorilla's. Wat der fan Landon wurden is, wit er net. Zaius, dy't ien fan 'e trije rjochters is, lit alle minsken dy't by de jacht fongen binne, gearbringe. Yndie is Landon der ek by, mar hy ken Taylor net mear. As er him omdraait, wurdt troch in groede op syn holle dúdlik dat er operearre is oan 'e harsens. Dêrtroch hat er no itselde nivo fan yntelliginsje as de primitive minsken. As er dat sjocht, wurdt Taylor poerrazen en beskuldiget er Zaius derfan dat dy soks mei opsetsin dwaan litten hat. De harksitting einiget mei in feroardieling fan Zira en Cornelius foar "boasaardige stokerij" en "wittenskiplike ketterij", dêr't twa jier finzenisstraf op stiet. Wat dermei Taylor barre sil, wurdt foarearst blau-blau litten.

Charlton Heston (rj.) as Taylor, mei Kim Hunter (m.) as Zira en Roddy McDowall (l.) as Cornelius.

Letter lit Zaius Taylor by him bringe yn syn kantoar. De orang-oetan leaut alhiel neat fan Taylor syn ferhaal dat er in romtefarder is fan in fiere planeet, mar is der ynstee fan oertsjûge rekke dat Taylor en Landon leden binne fan in noch ûnbekende stamme fan yntelliginte minsken, dy't er as in bedriging foar de apebeskaving sjocht. Mei't Taylor ferteld hat dat syn romteskip delstoart wie yn in mar yn 'e woastyn beëasten de apestêd, dy't bekend stiet as de Ferbeane Sône, fermoedet Zaius dat der oarekant de woastyn wâlden lizzen dêr't de stamme fan Taylor en Landon libbet. Hy wol fan Taylor witte wêr't dat krekt is, mar Taylor wegeret syn ferhaal te feroarjen, ek as er mei kastraasje en it lot fan Landon bedrige wurdt.

Nei't er werombrocht is nei syn koai yn it laboratoarium, wurdt Taylor befrijd troch in jonge sjimpansee dy't Lucius hjit en de muoikesizzer fan Zira is. Hy fertelt Taylor dat Cornelius en Zira in útbraak op tou set hawwe en dat se fan doel binne om nei de Ferbeane Sône te reizgjen. Dêr hat Cornelius earder yn in grot, tsjin alle taboes fan syn folk yn, argeologyske opgravings dien fan in beskaving dy't âlder is as dy fan 'e apen (wat neffens de religieuze lear fan 'e apen net kinne moatte soe). Cornelius en Zira binne fan doel syn ûndersyk dêr fuort te setten en syn gelyk te bewizen foar de apelieders oer. Sa hoopje se frijsprutsen te wurden fan 'e oanklacht fan ketterij. Taylor stiet derop om Nova mei te nimmen. Fiifresom sette se mei hynders en foarrieden ôf dêrhinne. De opgravings kinne Taylor it measte net skele; hy wol werom nei it plak dêr't syn romteskip delstoart is om te bewizen dat er fan in oare planeet komt.

De bestimming fan 'e flechtlingen is net sa dreech te rieden, en net lang nei't se by de grot fan Cornelius syn opgravings oankommen binne, dy't yn in heech klif oan it strân leit, arrivearret Zaius dêr ek mei kloft gorillasoldaten. Taylor, dy't himsels bewapene hat mei ien fan 'e gewearen fan Cornelius en Zira, twingt de gorilla's om har werom te lûken troch Zaius ûnder skot te hâlden. De orang-oetan stimt deryn ta om mei Cornelius en Zira de grot yn te gean, sadat se him harren bewiismateriaal foar it bestean fan in eardere beskaving foarlizze kinne.

Taylor giet mei yn 'e grot, dêr't Cornelius orearret oer de paradoks dat wat djipper oft er dobbe, wat heger ûntwikkele de beskaving wie dêr't er bewizen fan oantrof. It docht bliken dat de beskaving dy't yn dit diel fan 'e planeet bestie foar't de apen der de macht oernamen, in minsklike kultuer wie. Taylor identifisearret in bril, in keunstgebit en in keunsthert. In pop yn it stal fan in minsklik famke hoecht net útlein te wurden, mar Zaius leit der tsjinyn dat er fan 'e ûnbekende objekten sels ek wol fantasearje kin oer de bedoeling, wylst apebern gauris mei minsklike poppen boartsje. As er yn 'e pop knypt, seit de pop lykwols "Mama", ta alteraasje fan alle apen. Zaius wit net hoe't er dat bewiis fuortwiuwe moat, mar Taylor is ûnderwilens ta de konklúzje kommen dat de orang-oetan al lang ôfwist fan it bestean fan in minsklike beskaving dy't foarôfgie oan dy fan 'e apen. Zaius befêstiget dat en seit dat it ien fan 'e djipste geheimen is, dat tsjin eltse priis ferburgen holden wurde moat foar de apemaatskippij yn it algemien.

In gewearsskot warskôget Taylor, Cornelius en Zira dat de gorilla's har net oan 'e ôfspraak holden hawwe, mar Lucius oer it mad kommen binne. As se út 'e grot komme, sjogge se dat de gorilla's harren hiele kamp ferrinnewearre hawwe. Taylor rekket behelle yn in fjoergefjocht mei de gorilla's, wêrby't beide kanten beskûl sykje efter rotsen. Hy trochbrekt dy ympasse troch te bearen dat er slim ferwûne rekke is, wêrmei't er Zaius ta de grot út lokket, sadat er him yn gizeling nimme kin. Dêrop lit Zaius de gorilla's op 'e nij weromlûke. Taylor bynt de orang-oetan fêst en twingt in hynder, itensfoarrieden en munysje ôf, wêrmei't hy en Nova fierder de Ferbeane Sône yn gean kinne om antwurden te sykjen. Zaius warskôget him dat it him net befalle sil wat er dêr fine sil. Neffens de âldste, meast geheime gekriften fan 'e apen wie de Ferbeane Sône nammentlik ienris in wielderich paradys, mar is it troch de oarlochfiering fan minsken yn in woastenije feroare. Taylor set lykwols ôf mei Nova.

Cornelius en Zira kieze derfoar om net mei te gean, om't se de argeologyske opgravings yn 'e grot fuortsette wolle. Se binne der nammentlik fan oertsjûge dat de pratende pop harren gelyk bewiisd hat en de oanklachten tsjin har fan tafel reage hat. Mar nei't Taylor fuort is, leit Zaius de naïve sjimpansees út dat fan fuortsetting fan 'e opgravings gjin sprake fan wêze kin. Cornelius, Zira en Lucius moatte mei werom nei de apestêd om harren straf foar ketterij út te tsjinjen en Zaius lit de gorilla's de grot fan 'e opgravings mei springstof opblaze. De gorilla's wolle efter Taylor oan, mar dêr leit Zaius it near op, mei't it bestean fan Taylor in probleem foar him ynhâldt dat er leaver kwyt as ryk is.

Taylor en Nova folgje op harren hynder de kustline fan 'e Ferbeane Sône. Uteinlings komme se dêr op in plak dêr't de ruïnes fan 'e âlde minsklike beskaving boppe de grûn útstekke. It is it ferrinnewearre mar noch goed werkenbere Frijheidsbyld fan New York, dat oan 'e mul ta bedobbe is. Dan kriget Taylor einlings foar it ferstân dat dizze skynber bûtenierdske planeet eins de Ierde sels is, dêr't de minsklike beskaving himsels ûnder fuotten helle hat troch in apokalyptyske nukleêre oarloch. Hy begrypt dan wêr't Zaius him foar besocht te warskôgjen en, wylst Nova yn net-begripende alteraasje tasjocht, falt er op 'e knibbels en ferflokt yn wanhope de minskheid foar it ferneatigjen fan 'e wrâld.

Charlton Heston.
Kim Hunter.
Roddy McDowall.

Rolferdieling[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

haadrollen
personaazje                   akteur/aktrise
George Taylor Charlton Heston
dr. Zira Kim Hunter
dr. Cornelius Roddy McDowall


byrollen
personaazje akteur/aktrise
dr. Zaius Maurice Evans
Nova Linda Harrison
Landon Robert Gunner
Dodge Jeff Burton
Lucius Lou Wagner
Julius Buck Kartalian
dr. Honorius James Daly
dr. Maximus Woodrow Parfrey
dokter Galen Wright King
foarsitter fan 'e Assimblee James Whitmore
jagermaster Norman Burton
minister Paul Lambert
Stewart Dianne Stanley

Produksje en distribúsje[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Produksje[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Filmprodusint Arthur P. Jacobs kocht de filmrjochten op 'e roman La Planète des singes, fan 'e Frânske skriuwer Pierre Boulle, oan noch foar't it boek yn 1963 útkaam. Hy gie dermei te suteljen by de grutte filmstudio's fan Hollywood lâns, mar net ien dy't belangstelling hie om it ferhaal te ferfilmjen. Nei't er Jacobs súkses hie mei What a Way to Go! (1964), de earste film dy't er produsearre, en úteinset wie mei de preproduksje fan in twadde film, Doctor Dolittle (1967), wist er by syn wurkjouwer, 20th Century Fox, adjunkt-direkteur Richard D. Zanuck te bepraten om it griene ljocht te jaan foar in ferfilming fan it boek fan Boulle.

It Steatspark Malibu Creek, no in beskerme natoergebiet, mar yn 1967 diel fan 'e filmranch fan filmstudio 20th Century Fox, dêr't de moeting fan 'e astronauten mei de primitive minsken en harren earste konfontaasje mei de apen filme waard.

De produksje krige de Ingelske namme Planet of the Apes. Der waarden ferskate senario's skreaun op basis fan 'e roman fan Boulle. It bêste wie dat fan Rod Serling, de produsint fan 'e tillefyzjesearje The Twilight Zone (19591964), mar ek dat waard úteinlik ôfwiisd. Foar dy ôfwizing wiene ferskate redens, mar it wichtichste wie dat de technologysk heech ûntwikkele beskaving fan minskapen, sa't Serling dy beskreau, te djoer wie om te ferfilmjen. Der soene withoefolle rekwisiten, ûnbidige filmsets en rottekrûddjoere special effects foar nedich west hawwe. Dêrom waard Michael Wilson derby helle, in senarioskriuwer dy't earder omreden fan fertinkings fan kommunistyske sympatyen op 'e Hollywood Blacklist stien hie. Op suggestje fan regisseur Franklin J. Schaffner makke dy de apebeskaving in stik primitiver, en dêrmei goedkeaper om te ferfilmjen. De ferrassing oan 'e ein fan 'e film, wêrby't Taylor it ferrinnewearre Frijheidsbyld oantreft en beseft dat er him op 'e Ierde befynt, kaam út 'e koker fan Serling en bleau yn it nije skript beholden.

Om 'e studiobazen by 20th Century Fox te bewizen dat Planet of the Apes ferfilmber wie, liet Jacobs yn maart 1966 in koarte testsêne opnimme fan it senario fan Serling, wêrby't gebrûk makke waard fan iere ferzjes fan 'e apefisazjy dy't letter foar de eigentlike film brûkt wurde soene. Charlton Heston spile Taylor (of eins Thomas, sa't syn personaazje yn 'e Serling-ferzje fan it skript hiet), wylst Edward G. Robinson de rol fan dr. Zaius fertolke en Cornelius en Zira spile waarden troch in pear doe noch ûnbekende kontraktakteurs, James Brolin en Linda Harrison. Yn 'e úteinlike film krige Harrison, dy't doedestiden in relaasje hie mei studiobaas Richard D. Zanuck, de rol fan Nova. Foar har casting hie Jacobs foar dy rol earst Ursula Andress yn gedachten en liet er letter Angelique Pettyjohn audysje dwaan. Robinson moast fan in rol yn 'e film ôfsjen omreden fan syn oanboazjende minnichte.

De Glen Canyon mei de rivier de Colorado. Dêr waard de sêne filme wêryn't de delstoarte astronauten yn in rubberboatsje troch in kleau peddelje.

It werskreaune senario fan Wilson behold de basale struktuer fan dat fan Serling, mar njonken dat de apen der in primitivere beskaving yn krigen, waard ek de dialooch oanpast. Associate producer Mort Abrahams fertelde letter dat de dialooch neitiid noch in kear oereide wie troch in senarist dy't gjin fermelding yn 'e begjintitels krigen hie, mar hy wist net mear wa't dat wie, allinne dat syn efternamme 'Kelly' wie. Neffens Abrahams ymprovisearre regisseur Schaffner fierders ek guon eleminten by de opnamen, lykas it byld wêryn't de trije orang-oetan-rjochters de "sjoch gjin kwea, sprek gjin kwea en hear gjin kwea"-apen neibeare troch de hannen oer de eagen, de mûle en de earen te slaan. Dat bedarre yn 'e úteinlike film fanwegen de positive reäksje fan in testpublyk. Behalven 20th Century Fox wie ek produksjemaatskippij APJAC Productions by it projekt belutsen. Foar de film wie in budget beskikber fan $5,8 miljoen. De kamerarezjy wie yn 'e hannen fan Leon Shamroy, en de filmmuzyk waard fersoarge troch Jerry Goldsmith. De ikoanyske apemake-up waard ûntwikkele troch fisazjist John Chambers.

Opnamen[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De opnamen foar Planet of the Apes setten op 21 maaie 1967 útein en duorren oant en mei 10 augustus fan dat jier. De measte iere sênes út 'e film, wêryn't de trije strâne astronauten troch woastynlânskippen tsjogge, waarden filme yn noardlik Arizona, yn 'e neite fan 'e Grand Canyon, op en oan 'e igge fan 'e rivier de Colorado, yn 'e Glen Canyon en yn 'e neite fan Page (Arizona). It eigentlike delstoarten en sinken fan it romteskip waard yn deselde omkriten opnommen op 'e Powellmar. De sêne wêryn't de astronauten foar it earst de primitive minsken moetsje en har earste konfrontaasje mei de apen hawwe, waard filme yn wat no it Kalifornyske Steatspark Malibu Creek is, noardwestlik fan Los Angeles. Yn 1967 foarme dat de filmranch fan 20th Century Fox. Dêr waard ek de filmset fan 'e apestêd boud.

De sênes oan it strân by de argeologyske opgraving fan dr. Cornelius waarden filme op it strân fan Kalifornje, tusken Malibu en Oxnard, dêr't de kliffen 40 m boppe it strân úttuorje. Dat stik strân wie dêrom frijwol ûnberikber, en crew, cast en sels hynders moasten omleech- en letter wer omheechtakele wurde mei in helikopter. De einsêne fan 'e film, wêryn't Taylor it ferrinnewearre Frijheidsbyld ûntdekt, waard opnommen op it strân fan in besmoute ynham tusken Zuma Beach en Point Dume oan it strân fan Malibu. Yn 'e dokumintêre Behind the Planet of the Apes waard út 'e doeken dien dat it shot fan it skeinde en heal bedobbe Frijheidsbyld berikt waard troch in skilderij dêrfan naadleas op 'e echte rotsen oan te sluten. It shot dat delsjocht op Taylor en Nova waard filme fanôf in 21 m hege stellaazje oer in papier-masjeemodel op heale skaal fan it Frijheidsbyld hinne.

Distribúsje[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De distribúsje fan Planet of the Apes waard fersoarge troch 20th Century Fox. De film gie op 8 febrewaris 1968 yn New York yn premiêre en iepene dêrnei op 3 april fan dat jier yn 'e Amerikaanske bioskopen.

It delstoarten fan 'e astronauten waard filme op 'e Powellmar yn Arizona.

Untfangst[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Fan 'e filmkritisy krige Planet of the Apes oer it algemien positive resinsjes. Sa joech Roger Ebert fan 'e Chicago Sun-Times de film 3 fan 4 stjerren. De film wie neffens him "folle better as ik ferwachte hie. Der sit feart yn, it is tige fermaaklik, en de filosofyske pretinsjes fiere net de boppetoan." Yn The New Yorker neamde Pauline Kael Planet of the Apes "ien fan 'e fermaaklikste science fiction-fantasijen dy't ea troch Hollywood produsearre binne."

Richard L. Coe fan The Washington Post kwalifisearre Planet of the Apes as in "fermaaklike en ûngewoan meislepende film". Yn 'e Los Angeles Times omskreau Kevin Thomas de film as "in triomf fan keunstsinnigens en ferbyldingskrêft" en as "tagelyk in krekt no te pas kommende likenis [oer de Kâlde Oarloch] en in grut aventoer op epyske skaal." Renata Adler fan The New York Times foel wat út 'e toan mei har konklúzje: "It slacht hielendal nearne op, mar bytiden is it fermaaklik om te sjen."

Aktrise Kim Hunter by de fisazjy om ta de sjimpansee Zira omfoarme te wurden.

Op 'e webside Rotten Tomatoes, dy't resinsjes sammelet, hat Planet of the Apes in heech goedkarringspersintaazje fan 87%, basearre op 60 ûnderskate resinsjes. De konsensuskrityk fan 'e webside, gearstald út al dy resinsjes, stelt: "Planet of the Apes bringt ta neitinken stimmende fragen oer ús kultuer op 't aljemint, sûnder dat it maatskiplik kommentaar it drama of de aksje bedjert." Op Metacritic, de wichtichste konkurrint fan Rotten Tomatoes, behellet Planet of the Apes in goedkarringspersintaazje fan 79%, basearre op 14 resinsjes.

Yn 2001 waard Planet of the Apes troch de Library of Congress útornearre foar preservearring foar de ivichheid yn it Amerikaanske Nasjonaal Film Register omreden fan kulturele, histoaryske en/of estetyske wearde.

Resultaat[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Opbringst[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Planet of the Apes brocht yn 'e bioskopen yn 'e Feriene Steaten en Kanada $20,8 miljoen op, en yn alle oare lannen en territoaria $12,6 miljoen. Wrâldwiid kaam de opbringst dêrmei út op $33,4 miljoen. Ofset tsjin it budget fan $5,8 miljoen betsjut dat in winst fan $27,6 miljoen, hoewol't dêr de marketingkosten noch wol ôf moatte. Neffens guon boarnen hie 20th Century Fox ferlet fan in opbringst fan $12,9 miljoen om kyt te spyljen.

By Point Dume, oan it strân fan Kalifornje by Malibu, waard de lêste konfrontaasje opnommen fan Taylor mei dr. Zaius en syn gorilla's.

Prizen[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

By de Oscars waard Planet of the Apes yn 1969 nominearre foar de prizen yn 'e kategoryen bêste orizjinele filmmuzyk en bêste kostúmûntwerp. John Chambers wûn in eare-Oscar foar bêste fisazjy foar syn kreaasje fan 'e apen yn Planet of the Apes.

Franchise[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De Wikipedy hat ek in side Planet of the Apes (franchise).

It súkses fan Planet of the Apes late ta it ûntstean fan in mediafranchise om 'e film hinne, dy't ek Planet of the Apes kaam te hjitten. Der waarden fjouwer ferfolchfilms útbrocht: Beneath the Planet of the Apes (1970), Escape from the Planet of the Apes (1971), Conquest of the Planet of the Apes (1972) en Battle for the Planet of the Apes (1973). Ek waard der in tillefyzjesearje Planet of the Apes makke, dy't fan septimber oant desimber 1974 foar it earst op 'e Amerikaanske tillefyzje útstjoerd waard troch tillefyzjenetwurk CBS. Yn 1975 stjoerde konkurrint NBC de tekenfilmsearje Return to the Planet of the Apes út.

De trailer fan Planet of the Apes.

Yn 2001 waard mei Planet of the Apes in remake fan 'e oarspronklike film makke. Yn 'e 2010-er jierren folge der in reboot fan 'e franchise mei in nije filmsearje: Rise of the Planet of the Apes (2011), Dawn of the Planet of the Apes (2014), War for the Planet of the Apes (2017) en Kingdom of the Planet of the Apes (2024). Ek binne der anno 2024 yn elts gefal noch twa oare films yn tarieding. Fierders bestiet de franchise út ferskate romans, strips, fideospultsjes en de efter-de-skermendokumintêre Behind the Planet of the Apes (1998).

Keppelings om utens[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.

 
Planet of the Apes
 oarspronklike filmsearje  Planet of the Apes (1968) • Beneath the Planet of the Apes (1970) • Escape from the Planet of the Apes (1971) • Conquest of the Planet of the Apes (1972) • Battle for the Planet of the Apes (1973)
 remake Planet of the Apes (2001)
 rebootfilmsearje Rise of the Planet of the Apes (2011) • Dawn of the Planet of the Apes (2014) • War for the Planet of the Apes (2017) • Kingdom of the Planet of the Apes (2024)