Springe nei ynhâld

Sinken

Ut Wikipedy

Sinken (in ferhaadwurdlike foarm fan it tiidwurd sinke, dat as doetiid sonk en as mulwurd sonken hat) is it omleech sakjen troch de wurking fan 'e swiertekrêft fan in foarwerp troch in floeistof hinne. Dy floeistof kin dêrby folslein floeiber wêze, mar ek fermongen mei in gas of in fêste stof. Sinken is ferlykber mei fallen, it omleech gean troch de wurking fan 'e swiertekrêft fan in foarwerp troch in gas hinne.

In foarwerp sinkt as syn massatichtens grutter is dy fan 'e floeistof, lykas stien yn wetter. As de tichtens fan it foarwerp lytser is as dy fan 'e floeistof, bliuwt it foarwerp op 'e floeistof driuwen, lykas hout op wetter. As de tichtens likernôch gelyk is, wurdt wat it foarwerp docht yn 'e natuerkunde 'sweven' neamd (hoewol't dy oantsjutting yn it deistich spraakgebrûk inkeld brûkt wurdt foar in foarm fan fleanen sûnder oandriuwing). It prinsipe fan sinken, driuwen en sweven wurdt beskreaun yn 'e Wet fan Archimedes.

As men it oer 'sinken' hat, giet it faak oer in foarm fan skipbrek wêrby't in boat of skip ûnder wetter ferdwynt en nei de boaiem sakket. Synonime termen binne 'ûndergean', 'te sink gean', 'fergean' en 'weisinken'. As in skip sinkt om't it in lek krigen hat en folrint mei wetter, sprekt men fan 'brekslaan' of 'wrakslaan'. As in skip troch stoarm fergiet, kin men ek sizze dat it 'ferstoarme' is.

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes: