Ferâldering

Ut Wikipedy
Jump to navigation Jump to search
In frou fan 95 jier mei in poppe fan 5 moanne.

Ferâldering is it proses fan it âlder wurden, oftewol it berikken fan in gruttere âlderdom. Dat is yn prinsipe in hiel stadige ôftakeling dy't begjint mei it ophâlden fan 'e groei as in organisme folwoeksen wurdt en einiget mei it ferstjerren. Ferâldering is in ferskynsel dat benammen fan tapassing is op minsken, de measte bisten, skimmels en ien-, twa- en mearjierrige planten, wylst baktearjes, oerjierrige planten en beskate ienfâldige bisten potinsjeel ûnstjerlik binne en sadwaande dus ymmún foar ferâldering. Yn 'e biology en de genêskunde kin ferâldering brûkt wurde as oantsjutting foar wat der bart mei libbene sellen dy't harsels net mear opdiele. Yn 'e demografy is ferâldering (of fergrizing) in proses wêrby't yn in befolking minder bern te wrâld komme, mei as gefolch dat âldere leeftydsgroepen hieltyd grutter wurde yn ferhâlding ta jongere.

By minsken wurdt mei de term 'ferâldering' ornaris net inkeld ferwiisd nei in oanhâldend proses fan stadige lichaamlike ôftakeling, mar ek nei de psychyske, psychologyske en maatskiplike feroarings dy't dêrmei mank geane. Sa nimt bgl. mei it oprinnen fan 'e âlderdom de fluggens ôf wêrmei't men op hommelse feroarings yn jins om-en-by reägearret. Oan 'e oare kant garret men mei it oprinnen fan 'e âlderdom stadichoan mear kennis fan 'e wrâld op, dêr't jins wiisheid grutter troch wurde kin. It ôfnimmen fan 'e lichaamlike kondysje troch ferâldering is ien fan 'e grutste oarsaken fan sykte by de minske. Fan 'e rûchwei 150.000 minsken dy't wrâldwiid eltse dei komme te ferstjerren, beswykt likernôch twatrêde part oan oarsaken dy't direkt of yndirekt te krijen hawwe mei ferâldering.

Wat it proses fan ferâldering krekt feroarsaket, is ûnwis. Anno 2018 binne de mienings fan saakkundigen op dit mêd ferdield. Guon hingje it saneamde 'skea-konsept' oan, en binne fan betinken dat ferâldering wierskynlik te witen is oan in kumulative opheaping fan oprûne skea (lykas DNA-oksidaasje). Dêrtroch soene biologyske systemen it úteinlik bejaan. Oaren hechtsje mear wearde oan it saneamde 'programmearre ferâlderingskonsept', dat ynhâldt dat ynterne prosessen yn libbene wêzens (lykas DNA-metylaasje) ferâldering feroarsaakje soene om't se dêrta 'programmearre' binne. De ûntdekking, yn 1934, dat kaloryrestriksje de libbensspanne by rotten 50% langer meitsje kin, hat oanlieding jûn ta oanhâldend ûndersyk nei it fertraagjen en foarkommen fan ferâldering. De tûke fan 'e wittenskip dy't him taleit op sok ûndersyk, is de gerontology.

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.