Behind the Planet of the Apes

Ut Wikipedy
Behind the Planet of the Apes
film
makkers
regisseur Kevin Burns en David Comtois
produsint Shelley Lyons
útfierend
   produsint
Kevin Burns
kamerarezjy Cory Geryak
filmstudio Van Ness Films
Foxstar Productions
distribúsje 20th Century Fox
voice-over Roddy McDowall
skaaimerken
lân/lannen Feriene Steaten
premiêre 6 septimber 1998
foarm lange dokumintêre
sjenre efter-de-skermendokumintêre
taal Ingelsk
spyltiid 127 minuten

Behind the Planet of the Apes is in Amerikaanske lange dokumintêre út 1998 ûnder rezjy fan Kevin Burns en David Comtois. De titel betsjut "Efter de Planeet fan 'e Apen". It is in efter-de-skermendokumintêre oer de populêre Planet of the Apes-franchise.

Utgongspunt[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Behind the Planet of the Apes is in efter-de-skermendokumintêre oer de populêre science fiction-franchise Planet of the Apes. De fokus fan 'e film leit yn haadsaak op 'e oarspronklike film Planet of the Apes út 1968 en de fjouwer ferfolchfilms, mar behannelet ek de live-actiontillefyzjesearje Planet of the Apes (1974) en de tekenfilmsearje Return to the Planet of the Apes (1975).

Dêrnjonken wurde de ideeën besprutsen dy't ta it ûntstean fan 'e franchise laten. Sa komt ek de roman La Planète des singes fan 'e Frânske auteur Pierre Boulle op it aljemint en hoe't dat boek de belangstelling wûn fan 'e Amerikaanske filmprodusint Arthur P. Jacobs, dy't dermei nei filmstudio 20th Century Fox gie. Fan elts fan 'e films út 'e franchise (dy't makke wiene doe't de dokumintêre yn 1998 produsearre waard) wurde de preproduksje, casting, opnamen, filmlokaasjes en it kostúmûntwerp besprutsen.

Presintaasje en fraachpetearen[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De dokumintêre, dy't in spyldoer hat fan 2 oeren en 7 minuten, waard presintearre troch Roddy McDowall, dy't ek de voice-over fersoarge by de argyfbylden. McDowall wie ynlik mei de Planet of the Apes-franchise ferbûn, om't er yn 'e oarspronklike film, trije fan 'e fjouwer ferfolchfilms en de live-actiontillefyzjesearje spile hie. (Hy ferstoar hommels minder as in moanne nei de tillefyzjepremiêre fan 'e dokumintêre.) De dokumintêre omfettet fierders fraachpetearen mei:

Produksje[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Behind the Planet of the Apes waard regissearre troch Kevin Burns en David Comtois, dy't mei Brian Anthony ek it draaiboek foar de film skreaune. As produsinte wie Shelley Lyons by it projekt belutsen foar de filmstudio's Van Ness Films en Foxstar Productions. Burns hie njonken syn rol as regisseur ek it tafersjoch oer de hiele produksje yn 'e hoedanichheid fan útfierend produsint . De kamerarezjy wie yn 'e hannen fan Cory Geryak.

Distribúsje[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De distribúsje fan Behind the Planet of the Apes waard fersoarge troch 20th Century Fox. De dokumintêre waard foar it earst op 'e Amerikaanske tillefyzje útstjoerd troch it tillefyzjekanaal American Movie Classics (AMC) op 6 septimber 1998. Yn 2001 waard Behind the Planet of the Apes tafoege oan 'e dvd-boxset fan 'e fiif oarspronklike films, en hy waard yn 2008 ek taheakke oan 'e blu-ray-boxset.

Keppelings om utens[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.