Bewusteleazens

Ut Wikipedy
(Trochferwiisd fan Bewusteleas)
    Tink derom dat de Wikipedy gjin medyske konsultaasje jout!

Bewusteleazens of bewusteleasheid is in tastân wêryn't men it bewustwêzen oer jins om-en-by ferliest. Yn tsjinstelling ta de natuerlike sliep kin men dêrby net troch oansprekken, skodzjen, knipen of oare sintúglike prikels út wekke wurde. Yn it Frysk sprekt men foar 'bewusteleas wêze' ek wol fan 'dûzje' of 'bûten westen', 'yn 'e sûs', 'yn 'e dûze', 'wei', 'deryn wei' of 'út 'e wei wêze'.[1]

Yn 'e medyske diagnostyk wurdt bewusteleazens beskôge as in symptoom. Bewusteleazens wurdt hast altyd feroarsake troch ien fan twa dingen. Yn it foarste plak kin meganysk geweld wêze (ornaris in klap op 'e holle, bgl. troch in terwinkel fan in oare persoan of trochdat men by in ûngemak mei de holle earne tsjinoan smakt), dat resultearret yn in harsensskodding of in harsenskniezing. De oare meast foarkommende oarsaak is metaboale problematyk, lykas it tekoartsjitten fan 'e bloedfoarsjenning fan 'e harsens of de ynwurking fan giftige stoffen (lykas alkohol, morfine of koalmonokside) op 'e harsens. Oare oarsaken fan bewusteleazens kinne bygelyks wêze: in oerhaal, in oanfal fan epilepsy of in sterke ferheging fan 'e druk yn 'e skedelholte.

In koart duorjende, ûnskuldige foarm fan bewusteleazens is it flaufallen dat benammen foarkomt by lju dy't oanhelle binne mei in te lege bloeddruk, hjittens, benaudheid of oare omstannichheden dy't resultearje yn in tydlik fermindere bloedtafier nei de harsens. Dêrby passe de ieren har net fluch genôch oan en heapet him tefolle bloed yn 'e búk en de skonken op. In folle slimmere foarm fan bewusteleazens is in koma, dat soms ûntstiet nei in slimme klap op 'e holle en dat yn guon gefallen jierren duorje kin. By lang duorjende koma's wurdt men der faak nea wer út wekker. Soms wurde swierferwûne pasjinten troch harren dokters keunstmjittich yn koma holden om it genêzingsproses te befoarderjen. Algehiele anestesy is ek in foarm fan bewusteleazens.

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. Visser, W., Frysk Wurdboek: Nederlânsk-Frysk, Drachten/Ljouwert, 1992 (A.J Osinga Utjouwerij/Fryske Akademy), ISBN 9 06 06 64 418, s. 88.

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.